fotografy: Paul Hoes

Mansholt, foarbyld om de kop bûge te doaren

YTSJE HETTINGA – 

Dat Eelco Venema boer wurde soe om’t syn heit dat ek wie, skriuwt er yn de Moanne, dat tocht er doe’t er sân jier wie. Mar heit hie de striid al opjûn en de pleats gie fan ’e hân. It wrakseljen fan safolle boeren oer harren bestean rint troch de jierren hinne. En is dat wol oer? Faaks begjint it wol op ‘e nij no’t takom’ jier de superheffeing ferdwynt, de boeren wer folop melke kinne en de kâns bestiet dat se der wer ûnderstrûpe, ûnder bûterbergen en molkemarren. It mear is net gau fol. We libje yn ‘e tiid fan de foarútgong, yn it mear en it grutter, en noch mear en grutter, net allinne yn de boerestân.

De personaazjes dy’t minsken wurde fan fleis en bloed. It lit je net los, de politike en de persoanlike dilemma’s.

Wat hat de stichting Jan Vos, yn ’e rezjy fan Jeroen van der Berg, mei de produksje Mansholt dêr in prachtige foarstelling oer makke. De wrakseling fan de lytse boer op it lân en de grutte yn ’t bestjoeren. Mansholt as foarbyld om de kop bûge te doaren as er ynsjocht dat de ierde útrûpele wurdt troch al mar mear te fergjen. Tajaan, omdat wat je neistribje gjin stân hâlde kin.

Wa’t de foarstelling sjen wol kin nei Bears. En al is de lokaasje dêr wat behypliker as op Oerol, jo wurde meisûge yn de tekst fan djipte en humor. Jo wurde rekke troch it spyljen, de personaazjes dy’t minsken wurde fan fleis en bloed. It lit je net los, de politike en de persoanlike dilemma’s. De…, nee ik wol der neat mear fan sizze. Jo moatte it sels mar sjen. En dan, ja dan ha jo noch in soad om oer nei te tinken.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.