Mannen as springplanken, fammen as heinderballen

Publisearre op 14 mei 2018

ELSKE SCHOTANUS –  

Under tuorren, op it wetter, yn kassen en finzenissen, dit jier is der yn it ramt fan LF2018, as it om foarstellingen giet, mear te sjen en te belibjen as ea. Underwilens is der ek noch it reguliere oanbod yn de teäters. Freed 11 maaie brocht de Drachtster Lawei A Simple Space fan de Australyske akrobatykgroep Gravity & Other Myths (GOM). Spektakulêr.

 

Wat in show! In oere lang sitst op it puntsje fan de stoel, de mûle iepen fan bewûndering.

 

‘Falling’ roppe de akrobaten om bar as se, even neidat se opkaam binne, harsels falle litte om troch ien fan de oaren opfong te wurden. Minuten oanien falle se, yn in hieltyd rapper tempo. It publyk, sa’n 130 man, sit op de op it poadium boude tribune, ticht op it spylflak. Hearst se hymjen, Triton Tunis-Mitchell, Lachlan Binns, Jascha Boyce, Joanne Curry, Lachlan Harper, Simon McClure, Martin Schreiber en Jacob Randell. Rûkst harren swit.

Der wurdt toutsjesprong, yn in razend tempo. Akrobaten lizze op ’e flier, tusken harren yn minsken út it publyk en yn ’e midden ien fan de beide jonge froulju dy’t har act docht, op in stuit trochjûn wurdt fan de ien nei de oar. Ien fan de manlju stiet op ’e holle, draait krekt salang oan Rubic’s Cube oant de puzel oplost is ûnderwilens it lykwicht hâldend. Mannen lizze op ’e grûn, ien springt fan de iene rêch op ’e oare, mannen as springplanken en de ôfstân tusken harren wurdt hieltyd grutter oant hast fjouwer meter ta. Soms is der in wedstriidelemint: wa kin it langst de siken ynhâlde wylst ien fan de froulju op ’e hannen stiet? Fan ballonnen wurde hûntsjes makke, in elemint dat in glimke op ’e lippen fan it publyk tsjoent. Mar folle faker noch klinkt in bewûnderjend applaus op. It is sirkusakrobatyk fan it boppeste buordsje, in sirkus dat gjin wylde bisten nedich hat. Salto’s achteroer fanút in steande posysje en nochris en nochris ensfh.

Akrobaten dy’t in toer foarmje, Joanne stiet op twa hollen, de sirkel wurdt wider sadat se yn in split einiget. Fammen swypkje troch de loft, stekke in hân út, in foet, gean yn oarmans hannen oer, it is in fleanen, in draaien, in grimeljen fan liven. Wat it ek is, is: ien en al konsintraasje, keunst- en fleanwurk, mei sichtbere wille útfierd en mei wurdearring foar elkoar. Oei, fersuchtet it publyk by in misse sprong: immen falt, mar komt laitsjend oerein. Wat in fertrouwen moatst ha yn de oar ast de loft yn giest, in draai of in salto makkest om opfongen te wurden om daliks de loft wer yn te gean. Gravity & Other Myths: it is it útdaagjen fan de swiertekrêft. oarsaak fan it fallen fan lichems. En dat alles ûnder begelieding fan perkusje en elektroanyske muzyk fanElliot Zoerner dy’t ferantwurdlik is foar de soundtrack fan de show. Hy jout in solo: it himd út, syn meagere liif as ynstrumint, as klankkast ek. Hy slacht op ’e wangen, trommelet op it boarst – reade plakken ferskine – docht fan alles mei de hannen datst sa gau net folgje kinst sa fluch giet it. In wûnderlik moaie solo oant … it himd wer oan giet en hy him achter it drumstel deljout en de trommelstokken wer opnimt.

Wat in show! In oere lang sitst op it puntsje fan de stoel, de mûle iepen fan bewûndering.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]