Macbeth hâldt my in spegel foar

IRA JUDKOVSKAJA –

Macbeth fan William Shakespeare boeit publyk, spilers en regisseurs al ieuwen lang. Mar hoe komt it dochs dat dat tsjustere stik sa fassinearret? Ik tink dat it antwurd leit yn de tematyk: it is in stik oer goed en kwea. Macbeth kin beskôge wurde as in mearke foar folwoeksenen: mei keningen, keninginnen, heksen en bosken dy’t harren ferpleatse. Mar it is ek in ferhaal fan minsken fan fleis en bloed, dy’t foar grutte fraachstikken yn harren libben komme te stean.

Bern hâlde der oer it algemien fan om nei mearkes te lústerjen. It binne spannende ferhalen, dy’t hiel helder ynmekoar sitte. Mearkes leare bern it goede fan it kweade te skieden. De wrâld is oersichtlik. De wrâld foar folwoeksenen sjocht der lykwols oars út. Ien fan de prosessen fan it âlder wurden is dat de grinzen tusken goed en kwea dizich wurde. Goed is net allinne mar goed, der sit altyd in oare kant oan. En dat jildt oarsom ek. De wrâld is net swart-wyt, mar hat in soad grize kanten.

Dêr giet Macbeth oer. It stik lit sjen dat it libben komplisearre is en dat goed én kwea yn in minske fertsjintwurdige binne. De tematyk fan de dizige grinzen jildt net allinne foar it  yndividu, dy jildt ek foar it gruttere gehiel: de maatskippij.

En dat fassinearret my. Want dêrmei krijt it stik syn aktualiteit. It liket wol as binne we mei syn allen ferjitten hoe nuansearre at it libben yn wêzen is. Fierstente gau wolle wy antwurden ha. Te hastich tinke wy saken op te lossen. Mar in dûbeltsje hat noch altyd in oare kant. Wy rinne dêr mei syn allen tsjinoan. As ambysje en inerlike driuwfearren oerhearskje, wurdt de beskaving fertrape en dêrmei de oarder fersteurd.

De krêft fan dit ferhaal fan Shakespeare is dat der gjin antwurden jûn wurde. De personaazjes binne alsidich. Dat jout my as regisseur de mooglikheid om te ynterpretearjen en dy antwurden te sykjen. Yn dat ljocht fûn ik Macbeth konfrontearjend om te meitsjen, want it stik makket je bewust fan je wrâldbyld. Neat is minskefrjemd. Macbeth hâldt in spegel foar.

Tryater spilet Macbeth fan 11 maart oant en mei 29 maaie yn in bysûndere, dûbele opblaastinte op ferskillende plakken yn de provinsje. Op de siden dy’t hjirnei komme jout Tryater djipgong oer de skriuwer, it stik en de makkers.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.