Lytse Teake, grut fenomeen

ELSKE SCHOTANUS – 

‘We gaan naar ‘t feest van Lytse Teake / Oh, wat hebben we een lol / (…) / maar de zaal is overvol. / (…) Friese humor, dat is leuk / (…)  We liggen heel vaak in een deuk (…)’ It is noch mar kertier foar achten – de foarstelling begjint healwei njoggenen – as de teaterseal fan de Skâns op ’e Gerdyk al folstreamt. Yn de foyer, hânskreaun, op in liniearre bôge papier hingje boppesteande rigels, fragmint út in langere tekst, skreaun troch ien fan de besikers oer de jubileumrevu fan Lytse Teake, grut fenomeen, dy’t nei fyftich jier op ’e planken foarich jier oankundige op it hichtepunt ophâlde te wollen. ‘We liggen heel vaak in een deuk’, en sa fergie it my ek, doe’t, yn 2007, de feesttinte fan buertferieniging Flora op it Roasefjild stie.

Ik soe net, doe, want it programma, ‘Lytse Teake’, it sei my net in soad, mar in freon rette my oan ál te gean. Sa’n man, de frouljusprúk op, in skotse rok oan, dy’t doe achter in bernewein it poadium opkaam en diskear, yn de Skâns, op in stuit it kreasnette pak en de strik ferruilet foar de klaaiïng fan in folksfrou dy’t har tegearre mei in ‘Turkse Dog’ op tsjiltsjes op in bankje deljout om ris hearlik oer har man te rabjen dy’t, tidens in dei út, in klap fan de mûne krige: net elk hat dêr wat mei. Mar it is de rasjonele beneiering fan it fenomeen dat Lytse Teake is. Want op ferstanlik nivo meie ek de teksten, soest se útskriuwe, dan wol sa flau as luzen wêze, sa wurket it nét.

Buorfrou lêst de horrorskoop. Pake en beppe lizze net langer yn it bedstee, mar op de boxspring. Hûnen ha ek rjochten, it sil, mar blykber hâldt it yn dat se mei de wiete snút yn dyn krús sitte. En as in frou, as de man net thús is, wolris besite krijt sadat der twifel is oer fan wa’t it bern dat sy krijt is, dan parearret sy fragen dêroer mei: asto in board fol brune beannen ytst en in skeet litst, wolst toch ek net witte fan hokker beantsje it no krekt komt. Griet Wiersma, as de tipsy boargemastersfrou Seldenthús dy’t Teake om syn fyftich jier op it poadium huldigje sil, sjongt soló, mei de klam op it twadde wurdlid en in famyljelid wennet net yn Kanada, mar yn Kanááda.

De kop mei it sein jaan, swijend de skouders op te heljen, it liif seit wat oars: hâld op, ik pisje yn ’e broek fan ’t laitsjen. En laitsjen wurket oansteklik: laket it publyk om dy hinne, dan hat ek dát syn útwurking.

Dát ha ik yn De Skâns lykwols minder as sân jier ferlyn yn de feesttinte. Dat komt, ik sit om, fanwege de flakke flier, net tsjin oare hollen oan te sjen, oan de sydkant. Bolderje de minsken dy’t yn ’e midden sitte fan it laitsjen, dan is it oan om my hinne suver stil. Miskien leit it oan de seal, miskien lei it oan de lûdstechnyk, mar parten fan de tekst ûntgean my en my net allinne, sa fernim ik yn it skoft.

Friese humor, dat is leuk
Lytse Teake, syn humor sit yn it deistige, it gewoane fan in man en in frou dy’t al fyftich jier by elkoar binne en elkoar allegeduerigen yn it hier sitte. Yn it observearjen fan minsken dy’t jins muoike wêze kinne, of in buorman en dat meast ek binne. Is it, sa’t it ek yn de oankundiging op de site fan De skâns stiet, Fryske humor? De frou út Brabân dy’t in Fries troude wit it wol: ‘Welnee, bij ons, tijdens het carnaval, heb je de tonproaters. Precies hetzelfde.’ Toch sit der in Frysk elemint yn. Dat sit yn de taal en net yn de taal op himsels, mar yn de taal yn relaasje ta de ynhâld. De buspasszjier dy’t net ha wol dat immen mei in geit de bus ynstapt hat it Frysk net yn ’e macht. Wa’t it heech yn ’e holle hat, praat blykber Nederlânsk. En bern, dy’t hjoeddedei mear as ien heit en ien mem ha, sizze tsjin elkoar: ‘Hij is leuk, hoor, die papa hadden wij vorig jaar.’

Al is De Skâns, dat in wichtige regiofunksje hat, fallyt en woedet der yn Opsterlân in fûle diskusje oer de plannen om de teaterfunksje oer te bringen nei in nij te bouwen mfe by de Burgemeester Harmsmaskoalle yn, dizze jûn sit de sfear der goed yn. Dêrby foarmje de ‘ûnmooglike’ trúks fan gûgeler Minze Dijksma in noflike ôwikseling op de, wolris wat krekt té lang útspûne monologen en twa- of trijepetearen. En as Griet Wiersma op de meldij fan ‘Those were de days’ sjongt en de muzyk fuortdraait wurdt, blykt elkenien mei te âljen. Tidens it ‘Ik kom út Fryslân’ ferlit ik de seal foar de lêste bus. Op it net fyn ik noch twa optredens: yn maart foar in útferkochte Lawei en yn april stiet is de revu yn Frentsjer noch te sjen. En dêrnei? It fers op it prikboerd einiget sa: ‘De CD is al besteld. Kunnen we die wel gaan bekijken. Of Youtube, Facebook, zal wel blijken. Dus geen afscheid voor altijd, Teake blijft een eeuwigheid.’

 

Jubileumrevu, 15 febrewaris 2014, De Skâns op ’e Gerdyk

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.