Lyonite lit Ljouwert daverje

ARJAN HUT – 

Sneontejûn yn in smûk drok City Theater Schaaf presintearre de jonge band Lyonite syn earste langspiler, Disguised in Darkness. Progmetal mei in pop-rântsje, oftewol flink stevige en knap spile muzyk mei in dochs tige tagonklik karakter, sa mei men de styl fan dizze izerbewurkers omskriuwe. De gitarist hat de prachtige namme Wolf van Weezel, en de toetsenist (Michael Pang Atjok) is in tsjoender yn de tradysje fan Keith Emerson en Anthony Banks (Genesis). Eachlûker lykwols is sjongeres Claudia Edwards van Muijen.

Foarôfgeand oan de presintaasje, wyls bûten de snie oer de âlde binnenstêd tommele, stie sy al koartsich hantekeningen út te dielen. Letter, op it poadium, klom sy – lyts fan stik, grut fan útstrieling – wûnderlik behindich boppe de gitaarmuorren en ritmetuorren út. It folsleine album waard spile, mei folky publyksfavoryt Pride, en ek it visitekaartsje My Disguise, dêr’t in klip by makke is.

It earstkommende optreden is yn Cafetaria De Terp, Drachster Kompenije, op 16 febrewaris. De cd Disguised in Darkness kostet 10 euro en is ûnder oaren fia it webstek fan de band te besetten. Sjoch ek: www.lyonite.com.

 

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.