KH2018 kâns Ljouwerter biblioteken

LEO POPMA – 

Ein dit jier beslút de Gemeente Ljouwert oer de takomst fan de biblioteek. Besunigings hawwe fan gefolgen dat de trije wykbibliotheken ferdwine en de Ljouwerters it tenei dwaan moatte mei ien sintraal loket. Dy sintrale biblioteek huzet dan net mear yn ‘de Beurs’, mar wurdt wei yn ‘e Blokhuispoort is it doel. Feroarings yn in âld ynstitút kinne gjin kwea as dy de mienskip tsjinje. Mar fuort is fuort. De Kulturele Haadstêd Lwd2018 hat sûnder mis oansteklike ambysjes, mar wat bliuwt derfan oer? Wurdt 2018 ien trits fan amuses, in langduorjend strjitfestifal dêr’t Ljouwert sa goed yn is? Hooplik hâldt de stêd der in fernijde kulturele ynfrastrukuer oan oer dêr’t de minsken noch lang wat oan ha. It âlde tinken yn ynstituten, grinzen en eigendommen moat út ‘e wei, dan binne der nije kânsen. Besunigje kin ek oars, en fierhinne budzjettair-neutraal. Mei fisy en ferstân krije gemeente, biblioteek en Ljouwerter befolking elk har gerak. Wêr komme it bidbook Iepen Mienskip dêr’t Ljouwert de titel Kulturele Haadstêd mei binnenhelle, en it Kolleezjeprogramma 2014-2018 inoar temjitte?

Nei in oare tiid
Maatskiplike feroarings twinge minsken har yn te stellen op in nije werklikheid. Wurk, ynkommen, sosiale regelingen, sûnenssoarch ensfh. binne al gjin fanselsheden mear, dêr’t eardere generaasjes ‘rjocht’ op hiene en har libben nei ynrjochtsje koene. De betiizjende kompleksiteit fan it deistich bestean yn in tanimmende technologyske omjowing set minsken op ôfstân. Nei de krises en de skandalen by banken, tsjerken, korporaasjes, ûnderwiis- en soarchynstellings binne de wissichheden fan alear ferflein, it morele gesach fan lieders en polityk stiet yn ‘e kiif. De sosiale diversiteit wurdt al mar grutter, de twadieling tusken ‘have’s’ en ‘have nots’, dejingen dy’t meidogge en meikinne, nimt ta. Transformaasje-filosofen hâlde ús de takomst foar. Nije foarmen fan wurk en ynkommen, fan ûnderwiis en sinfolle tiidbesteging, fan selsûntploaiïng en maatskiplike partisipaasje binne útgongspunten foar in programma fan permaninte edukaasje; foar ‘de lerende economy’ sa’t de Wetenschappelijke Raad voor het Regeringsbeleid it okkerdeis neamde. Minsken kinne in soad sels, mar de oerheid sil regissearje en fasilitearje moatte om sa’n takomstrjochte edukative ynfrastruktuer yn te rjochtsjen. Yn dat proses fan oriëntearje en oanpasse en libbenslang leare hawwe biblioteken de ôfrûne tritich jier nei fermogen, yn ‘e mande mei oare ynstellings, net swak byspile. Foar dy nije werklikheid fan de takomst kinne se har mar klearmeitsje.~

Biblioteken moatte yntegrearje, net ferlamme ôfwachtsje oft de nije ried har sparje of nekje sil, mar nije modellen oandrage.

De wyk as minsklike mjitte
It befoarderjen fan in iepen mienskip is it kearndoel fan Lwd2018. Mienskip hat te krijen mei in gefoel fan ferbûnens, fan byinoar hearre (togetherness), seit it bidbook. En fierder: ‘Today, what connects people on the micro-level of our city and villages is culture in all its varieties…’ (s 5). It Kolleezjeprogramma 2014-2018 fan Ljouwertsjocht ‘Cultuur als vliegwiel voor het bestrijden van armoede, het bevorderen van participatie…’ (s 10). It kin net misse, de learende en partisipearjende mienskip is dêr wêr’t de minsken binne, yn ‘e wiken fan de stêd. Dêr kinne minsken rekkenje op in kultueroanbod, op in biblioteek dus ek. Grif, it is net maklik in kalkulearjende oerheid it rendemint fan elk fan dy ‘varieties’ fan kultuer foar te rekkenjen. Ek biblioteken hearre wat minder ta the Bright side of Live, dêr’t de Kulturele Haadstêd it fan ha moat en fan syn ekonomyske spin-off. In biblioteek is wat de Amerikaanse ekonoom Richard Musgrave beneamde as in merit good, in publike tsjinst dy’t troch de oerheid sjoen wurdt as in basale fersjenning yn it belang fan de mienskip en fan har eigen doelstellings. Yn dy fisy draacht in biblioteek by oan de leefberens fan in wyk, oan de eigen identiteit en it gefoel fan eigenwearde fan minsken, en oan har reewilligens en feardicheid om by te dragen oan dy ‘togetherness’, dy’t mienskip hyt.Ljouwert stiet, lannelik sjoen, op ‘e sosiaal-ekonomyske ljedder bepaald net yn ‘e hegere regioanen en kin oan forsjennings fan community-building wol wat brûke. Digitale ûntwikkelings en e-books oanfiere as motyf foar it fuortsanearjen fan biblioteken (Kolleezjeprogramma s. 32) sa’t de gemeente wol, is dêrom ymproduktyf, in 20ste ieuws oplossing yn in tiid fan yngripende maatskiplike transformaasje.

Dat alles wol net sizze dat biblioteken yn wiken en doarpen autonoom fuortbestean bliuwe moatten. Krekt op dat ‘micro-level’ is it opgean yn in gruttere identiteit, wyksintrum of doarpshûs, winsklik om it kulturele oanbod as gehiel te fersterkjen. Al desennia is it Kulurhuset yn Skandinavyske doarpen it yntegraasmodel foar fersjennings as jeugdwurk, útstallings, korps, toaniel, film, debatjûnen, in gemeentlik servicepunt, lotgenoatgroepen ensfh. Ek foar de biblioteek, mei har lêsprogramma’s, lêzingen, kursussen, ferteloerkes, skoalbibliotheekwurk, húswurkklaskes, (digitaal) alfabetiseringswurk, en mei útliening fan boeken en oare media en in lês-en studzjegelegenheid. De biblioteek is dêryn net allinne in fysike romte, mar ek in programmatysk ûnderdiel fan it Mienskipshûs, it trefpunt dêr’t de mienskip taastber wurdt. Dêr binne ek de belutsen ynwenners – ‘frijwilligers’ – aktyf en wurdt de basis lein foar ‘meidwaan’ en de eigen ferantwurdlikheid dêr’t it bidbook op ta wol: ‘When people have a sens of ownership, they are empowered to solve problemes themselves. It is this grassroots movement that informs every aspect of Lwd2018.’ (s.2).Ljouwert sil neffens it Kolleezjeprogramma (s 26) in Mienskipsfonds ynstelle, in stimulearringsfûns foar de wiken. Wat in kâns! Biblioteken moatte yntegrearje, net ferlamme ôfwachtsje oft de nije ried har sparje of nekje sil, mar nije modellen oandrage.

Ut ‘e romte
In biblioteek is in betreklik guodkeape foarsjenning, sjoen nei it tal brûkers, de frekwinsje fan gebrûk, har multifunksjonaliteit en maatskiplike potinsje. Dat de biblioteek har part fan de krapte opbringe moat sprekt fansels. Mar ten koste fan de wiken, en op ‘e drompel fan dy nije werklikheid mei syn easken oan minsken en mienskip dy’t it bidbook sketst? De wyk is de skaal fan it deistich libben, fan feiligens en fertroudens. It sintrum is de ‘de stêd’, de fierte, de winkels, de anonimiteit.

Yntegraasje fan biblioteekynstellingen befoarderet it kulturele klimaat fan Ljouwert.

Ljouwert hat wat biblioteken oanbelanget altyd út ‘e romte tarre. Behalve de iepenbiere biblioteek oan ‘e Wurdumerdyk en har wykfilialen, lei dêr desennialang dy sliepende reus ûnder de Aldehou, de Provinsjale Biblioteek. Doe’t de PB yn 2002 de lapen gearsmiet mei de Fryske tak fan it Ryksarchyf en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaaskjesintrum (FLMD), stie dêr ynienen in krigel jongfeint mei de namme Tresoar. Dat Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum, sa’t it himsels etalearret, is mear as de som fan de dielen. Dat waard mooglik troch it gearbringen en (digitaal) ûntsluten fan kolleksjes, in yntelliginte ekploraasje fan materialen en middels; en troch nije programma’s en it op ‘e merke bringen fan in gefoelige streekeigen brand fan histoarje, taal en literatuer. Nettsjinsteande har histoaryske betsjutting hie de PB fan eartiids muoite mei har maatskiplike legitimaasje en it definiearjen fan har merk. Nei de fusy krige it âlde ynstitút mei oare spesialisaasjes en in nije klientèle ynienen glâns. Tresoar hie de tiid en ynternet en in stjoerende hân mei om út te groeien ta in mear ekstravert tsjinstesintrum. Wêrom soe sa’n ynstelling ek syn biblioteekpart en publike funksjes en tagonklikheid net better útnutte en foar sintrale biblioteek fan Ljouwert opgean?

It yntegraasjemodel fan de takomst
Sa’n model past alhiel yn de teneur fan gearwurking dy’t Gemeente Ljouwert en Provinsje Fryslân yn it bidbook útsprekke foar de lange termyn. (‘… Lwd2018’s cultural programme can be seen as a laboratory of trying out unexpected combinations…’ (s4)). It fersterkjen fan Ljouwert ta in dynamysk sintrum op kultureel, sosiaal en ekonomysk mêd komt sawol de stêd as de provinsje ten goede. Yn in mienskiplike agenda 2013-2025 binne de kontoeren derfoar fêstlein. Dat hie tweintich jier lyn net kind. Mar feroarjende opfettings oer it iepenbier bestjoer en de effektiviteit fan ynsette publike middels romje âlde grinzen en beheiningen út ‘e wei. Dat hat yn ferskate gearwurkingsfoarmen tusken Tresoar en de oare biblioteken al stal krige yn it ûnderlinge lienferkear, de biblioteekpas en de yntegrearre digitale katalogus. Ek de skieding fan wurkterrein en doelgroepen fan alear bestiet net mear: Tresoar rjochtet him likegoed op legere- en middelbere skoallen, klassebesiken, ferhalewedstriden en berneboekewike. Alle reden om op dy wei fierder te gean en it mienskiplik doel en imago fan biblioteken te ferhelderjen.

Yn it ‘Tresoar-model’ kin men rûchwei it neifolgjende konsept útwurkje. It gemeentlike plan foar in nije sintrale biblioteek wurdt ynwiksele foar in wykbiblioteek yn it sintrum fan de stêd, dat ûnderbrocht wurdt yn de Blokhuispoort. De wykbiblioteken Aldlân, Camminghabuorren, Bilgaard en Sintrum stean elk foar de kearnfunksjes, mei alle fasiliteiten fan in moderne biblioteek, en mei in kultureel-edukatyf programma foar de doelgroepen fan de wyk. Underling wurde tusken de wykbiblioteken spesialisaasjes tawiisd dy’t effisjinter boppe-lokaal taret, mar op wyknivo útfierd wurde. Tresoar wurdt de sintrumbiblioteek fan it biblioteeksysteem Ljouwert, dêr’t it ‘hegere gebrûkerssegmin’ him op orientearret en dêr’t it management en it innovaasjesintrum ûnderbrocht binne. Troch ôfstimming fan it media-oanbod en it fasiliteitenpakket tusken wiken en sintrale wurdt de tarin op dy sintrale biblioteek natuerlikerwei reguleard en wurdt tagelyk har publyksfunksje fersterke. De wei fan gearwurking mei Tresoar dy’t yn it Kolleezjeprogramma útset is foar it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) moat ek iepensteld wurde foar de Biblioteek Ljouwert. In bestjoerlik en finansjeel kader moat dêr de basis foar lizze. Fierdere demokratisearring fan Tresoar hoecht net te lieden ta popularisearring. Oare stêden yn Nederlân koene it ek, Grins is dwaande sa’n konsept te realisearjen. Yntegraasje fan biblioteekynstellingen befoarderet it kulturele klimaat fan Ljouwert, hâldt it netwurk fan de Ljouwerter Biblioteek yn stân en fersterket de statuer fan Tresoar as it Kultuerhûs fan de stêd.

 

Leo Popma is âld-sekretaris Nederlandse Vereniging van Openbare Bibliotheken – Den Haach en âld-direkteur Centrale Biblioteekdienst voor Friesland – Ljouwert.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.