Lulu in Hollywood

ARJAN HUT – 

It is 1982. Yn in appartemint mei twa keamers yn de stêd Rochester oan Lake Ontario wennet in bokkige âlde frou mei lang griis hier. Sy is al yn gjin desennia har hûs út west. Se komt amper mear fan ’t bêd. Rinne en sitte, it is te pynlik en se krijt troch in longkwaal amper lucht.

It is Louise Brooks, fergetten filmstjer út de jierren tweintich. Of earder, in fergetten anty-stjer. Fan har is dan krekt in boek ferskynd mei essays oer har tiid as aktrise. Ferhalen en observaasjes oer Greta Garbo, Humphrey Bogart en regisseur G.W. Pabst, mei wa’t se yn 1928 yn Berlyn de film Pandora’s Box makket. It sil mear as 25 jier duorje eardat dit sensasjonele (stille) masterwurk de wurdearring krijt dy’t it fertsjinnet.

 

There is no Garbo! There is no Dietrich! There is only Louise Brooks!

 

Brooks hat in hekel oan Hollywood, sy hat oare hobbys. “I like to drink and I like to fuck,” blaast se. Se lêst boppedat graach boeken. Men seit wolris dat minsken tsjintwurdich net mear lêze, mar ek in lytse hûndert jier lyn wie in boekeslynder gau in bûtensteander. Sjoernalisten dy’t Brooks mei in boekje yn in hoekje op de set sjogge, tinke dat soks in pr-stunt is fan de studio.

Yn Pandora’s Box (Die Büchse der Pandora) spilet se Lulu, in opportunistysk famke, sûnder moraal, dy’t alle manlju dy’t se oanlûkt de dea ynjaget. Oant har grutste dream útkomt: se wurdt ombrocht troch in lustmoardner, dy’t se sels oanhellet.

Yn de jierren fyftich wurdt Brooks werûntdekt. It is foar it earst dat ek yn de U.S.A. films op artistike kwaliteiten beoardiele wurde. Sa’t yn de jierren tachtich nei de jierren fyftich sjoen wurdt – op in weach fan nostalgy – sa sjocht men yn de jierren fyftich troch in rôze bril nei de jierren tweintich. By in filmfestival yn Parys ta eare fan ‘de stille film’ stiet ‘Lulu’ har gesicht op alle posters, en net dat fan Greta Garbo of Marlene Dietrich. As in sjoernalist freget wêrom, antwurdet organisator Henri Langlois: “There is no Garbo! There is no Dietrich! There is only Louise Brooks!”

Langlois is iepenlik fereale op har, krekt as de kurator fan it filmmuseum yn Rochester, James Card. Troch tafal fynt dy de âld-aktrise yn in flat yn New York dêr’t se harsels de ferjitnis oan it ynsûpen is. As hy nei in oere har bedompte wenning útkomt, stean de triennen him yn de eagen.

 

“Mar yn 1956 waard alles oars. Ik liet my troch James Card oerhelje om nei Rochester te ferhúzjen; dêr koe ik âlde films besjen en skriuwe oer wat ik meimakke yn myn werûntdekte ferline.” (s. 53)

 

Se besjocht har films net langer mei Hollywood-eagen (dat wol sizze, in goeie film is in film dy’t jild opsmyt) en smyt harsels op as in fernimstich skôger dy’t har ljocht skine lit op krekt dy aspekten fan it filmmeitsjen dy’t net yn de wenstige Amearikaanske suksesmytology passe.

Har artikels ferskine yn filmblêden mei in beskieden oplaach. Se falle net by elkenien yn de smaak. Neil Gabler fan The New York Times, neamt har yn it artikel Love is a Publicity Stunt (1989) in ‘soere, omheechfallen alkoholiste’ en in ‘lúksehoer waans filmkarriêre neat foarstelde’. Oer de essays yn Lulu in Hollywood skriuwt er:

 

“De jonge Brooks liet herten hurder slaan, de âlde Brooks is in soere prom dy’t harsels hiel heech achtet en op alle oaren delsjocht – se neamt Shirley Temple in ’taaie lytse slet’…“

 

De âlde Brooks stript it mytologyske Hollywood fan alle skyn en glitter en wat oerbliuwt is in wrâld fan oerflakkichheid en opportunisme, in dronken stuolledûns om jild en sukses. De drûchlizzing, de beurskrach, it opkommende fassisme yn Europa, it binne ferskes dy’t kreakje op in radio yn de fierte. Ut alle hoeken en gatten komt drank. Der binne altyd rike manlju dy’t graach mei moaie, jonge aktrises pronkje. Yn Hollywood fine se it foaral skande dat Nazi-Dútslân net mear Amerikaanske films ynkeapet. Humphrey Bogart wurket jierren yn de marzje fanwege syn ‘niggerlippen’ dy’t net foldogge oan it Angelsaksyske ideaalbyld. Yn in essay oer aktrises Lillian Gish en Greta Garbo skriuwt Brooks oer it glêzen plafond yn de filmyndustry:

 

“De Hollywoodprodusinten bleaune achter mei ûnnoazele pykjes en ‘belegen’ manlju en seagen hoe’t yn hiel Amearika de iene nei de oare bioskoop de doarren slute.” (s. 115)

 

Mediamagnaat William S. Paley is ien fan de manlju dy’t har finansjeel stipet, ûnder betingst dat se har memoires skriuwt en mei him trout. Se wurket jierren en jierren oan de autobiografy (Naked on my goat) mar smyt it manuskript mei de dryste kop by einsluten yn it fjoer. Trouwe wol se net. “Ik wol allinnich wêze.”

Lulu makket de herwurdearring fan har films en aktearkarriêre noch mei, mar kin der troch har ôftakeljende geast en lichem amper fan genietsje. Ein jierren santich freget in pryster yn Rochester har hoe’t it wie om in famke as Lulu te spyljen.

 

“Hoe sa? Ik fielde my prima! Ik fûn dêr neat nuvers oan.” Ik seach him wyt weilûken, fol wearze en ûnbegryp, mar omdat ik net woe dat er my oanseach foar in frou dy’t it moai fynt om prysters op te stokeljen mei ûnhuerige ferhalen, besocht ik him út te lizzen dat Lulu har wrâld werklik bestien hat. Ik fertelde him dat myn bêste freondinne lesbienne wie en dat ik twa miljonêrs koe dy’t – krekt as Schön yn Pandora’s Box – shows finansieren om harren foarried fan Lulu’s op peil te hâlden.” (s. 121)

 

Yn in ynterview mei (fereale) sjoernalist Kenneth Tyne seit se lykwols: “It should have ended with a dagger up the cunt.” Syn artikel (The girl in the black helmet, 1979) bringt har nochris stevich werom yn de publisiteit.

Der is in foto fan Louise, hast oan de ein fan har libben, by in promoasjeportet fan harsels út 1929. De jonge Brooks sjocht sêft yn it neat, de âlde smyt in synyske blik achterom en liket te sizzen: “Is it net krekt in geast?” Yn 1985 blaast se har lêste azem út, se is dan 78 jier, mar har myte libbet troch.

 

 

(Louise Brooks, Loulou in Hollywood, Het Wereldvenster, 1989, Nederlânsktalige oersetting fan Lulu in Hollywood, 1982)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.