Los van de wereld

WILCO BERGA – 

Neerlands hoop in bange dagen. Al sûnt harren earste foarstellings wie ik in grutte fan. En dat bleau ik letter ek fan Freek de Jonge solo.

In boek fan Hella, Freek syn frou, wie ik ynearsten skeptysk oer. Sy fersoarge fan ’t begjin oan by de optredens fan Bram en Freek ljocht, lûd, kostúms en dekor. Freek hat troch de jierren hinne ferskate ferhalebondels skreaun. En no moast Hella sanoadich ek har literêre stientsje bydrage?

 

In frjemde gewaarwurding; doe’t ik it út hie, moast ik konkludearje dat dit it earste boek ea wie dat my werklik yn it moed taaste.

 

Los van de wereld fûn ik yn steat fan nij by de tsjerke-ynbringwinkel (Herfoarme, Freek). En doe bliek hoe’t ik my fersind hie.

Los van de wereld is yn alles in egodokumint, basearre op werklike persoanen. En giet benammen oer skuld. Oer Joadske âlden dy’t har skuldich fiele om’t sy as iennichsten fan de famylje de oarloch oerlibbe ha. Alden dy’t dy skuld op harren dochter ôfreagearje, dy’t der noait wêze moatten hie – yn ’e optyk fan de dochter. Ien dy’t allinnich mar lestich is, dy’t almar oandacht ha wol, dy’t fan alles oerkomt en dus alwer har âlden ta lêst is.

Heit Eli Asser (û.o. ’t Schaep met de Vijf Pooten) kin inkeld wurkje, om ferneamd te wêzen mei syn ferneamde freonen lykas Ko van Dijk, Conny Stuart, Rijk de Gooijer. De mem is hurd en ûnthâldt de dochter elke foarm fan leafde en waarmte. Yn huize Asser regeart de skuld.

Hella har styl is bûnich. Hinne en wer springend yn ’e tiid giet se iepen, mar ek fol humor rjocht op har doel ôf. Mar foaral is har ferhaal ien einleaze smeekbea om leafde.

Freek spilet, en dat is goed sa, mar in lytse rol yn it boek. Hella hat it op eigen krêft skreaun en har striid grypt jin út en troch by de strôt.

In frjemde gewaarwurding; doe’t ik it út hie, moast ik konkludearje dat dit it earste boek ea wie dat my werklik yn it moed taaste. Miskien fanwegen de hertstochtlike âlden-bern skildering, it hieltyd omheech klauwen nei dy âlden, heech op harren solitêre berch. Dêr’t de dochter ek hieltyd wer ôftreaun waard.

By einsbeslút giet Los fan de wereld oer iensum libje en iensum stjerre (de mem), mei dochs safolle minsken om jin hinne. Hella hat in yndrukwekkend monumint foar harsels skreaun. En foar de lêzer in ferhaal dat him noch lang bybliuwt.

Begjin jierren 80 wennen wy yn Piaam en hienen dêr in lytse galery. Op in middei kaam in sympatike dame lâns dy’t mei in busfol froulju restaurant Nynke Pleats besocht. In lyts oere ha wy mei har yn ’e tún oan ’e tee sitten en ûnthulde se bekend te wêzen mei de omkriten. Har man hie yn Warkum dûmny west en har soan stie op ’e planken de clown út te hingjen. Dat wy dat moai fûnen, hawar, om har mocht it wol wat minder. Ik kaam har wer tsjin yn Hella’s boek, as de oare mem. En sa einniget dit stikje oer Hella dan dochs wer by Freek.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.