Lok en leed yn Einum

Publisearre op 3 november 2015

SJOERD BOTTEMA – 

Yn it djippe suden fan Kanada stiicht in fûgeltsje op foar de tocht oer de see, nei it fêstelân fan Europa, in reis dy’t syn einbestimming fynt by, of all places, it Einumer Wiel, in kwelderdobbe yn ‘e omkriten fan Einum, in buorskip yn in ferlitten úthoeke fan noardlik Fryslân. It is in unikum, de reis fan it fûgeltsje, noch noait earder hat ien fan syn soarte de oerstek weage. It bistke hat it bêst nei it sin by it Einumer Wiel, mar it is de fraach oft syn ferbliuw dêr wol takomst hat, in fraach dy’t ek jildt foar Einum en syn bewenners: it doarp stiet op de nominaasje om foar it grutste part sloopt te wurden en foar de measte ynwenners liket der ek net folle perspektyf te wêzen. Mar de aksje fan it fûgeltsje bringt him en Einum even yn it sicht: kloften fûgelspotters komme derop ôf en ek ûnder de Einumers sels ûntstiet beweging.

 

Mar dêr stiet tsjinoer dat men der ek wat foar werom krijt, want de skriuwer kin it moai opsizze, skerp en raak en troch al dat hastich steapeljen fan meidielings en observaasjes, sydspronkjes en útwreidingen.

 

Tiemersma hat it reisferslach opsplitst yn seis dielen, ôfwiksele mei hyltyd trije haadstikken oer Einum. Elk haadstik hat syn eigen protagonist, op ien útsûndering nei allegear bewenners fan de buorskip Einum, en is skreaun út it perspektyf fan dy haadfiguer. Dat smyt in kaleidoskoop op oan personaazjes, meielkoar, tsjinelkoar en byelkoar lâns, elk mei syn eigen lok en leed.

Ik doch in greep. Dêr is bygelyks de liepe âlde boer Rindert Walburg, pleage troch reuma, widner sûnder bern, dy’t syn neef foar in appel en in aai ynhierd hat as bedriuwslieder mar beswykt foar de ferlokkingen fan dy syn frou, in sitewaasje dêr’t de âlde foks dochs noch in foar him foardielige draai oan wit te jaan. Prachtich is de sin dêr’t it earste haadstik mei ôfslút – skreaun út it perspektyf fan de thússoarchhelp dy’t alle moarnen om njoggen oere foar in healoere delkomt – wêryn’t de âlde boer syn benypt rasisme ferpakt yn in tekkentsje fan romhertigens: “Betochtsum sjocht de âlde man (…) har oan, (…) stadich komt syn hân omheech en leit er syn aai, jo moatte goed begripe, seit er, ik fyn it hielendal gjin probleem dat jo swart binne, dêr kinne jo op ’t lêst ek neat oan dwaan.”

Walburg syn neef promovearret fan boerefeint ta bedriuwskompanjon en sels hâldt er der de geregelde neibyheid (en beskikberens?) fan in moaie frou oan oer. Al is it mar de fraach oft it allegear sa moai útpakke sil as Walburg betocht hat. Miskien dat Walburg en syn neef harren dreamen noch wiermeitsje kinne, dat jildt net foar Thomas Vermeer, dy’t hiel even in beskieden karriêre meimakke hat as sjonger fan it Nederlânsktalige liet, mar fierder troch de tiid komme moast as postrinder, dêr’t er in fersliten heup oan oerholden hat.

“Hy wurket hurd oan in comeback, wat suggerearret dat er oait ergens yn bepaalde omstannichheden wat foarsteld hat mar oer dy herkulise prestaasje swijt er fierder yn alle talen, wol sjongt er der noch altyd op los, hy sjongt fan tomtidy tomtidom, stimoefeningen yn ‘e dûs, glissando’s fan heech nei leech en dan werom, lucht yn ‘e búk, muzyk is syn alles en mear al fertsjinne er de kost by de PTT, letter TNT en ek noch wat dertuskenyn, sa’n organisaasje dy’t om de safolle jier lêst krijt fan kameleontise opstigings, operaasjes dy’t miljoenen kosten, dat Thomas en syn yn mûsgrize unifoarms klaaide kollega’s moasten hieltyd mear yn hieltyd minder tiid besoargje en dat hie fansels gefolgen foar de steat fan dy ferhipte linkerheup.”

Boppesteand sitaat is typearjend foar Tiemersma syn manier fan skriuwen, hy riget in hiele trits sinnen oanelkoar sûnder de gebrûklike skieding fan punt en haadletter, is sunich mei komma’s om oer puntkomma’s, dûbele punten en oanhellingstekens mar te swijen, in ferteller dy’t syn publyk gjin rêst gunt, dy’t yn ien sike trochrattelet, dat de lêzer moat oan ientriedwei op skerp stean en dan noch ferslacht er der bytiden yn, sa tink ik dat der nochal wat lêzers stroffele binne en stroffelje sille oer de passaazje ‘muzyk is syn alles en mear al fertsjinne er de kost by de PTT’, in komma tusken ‘mear’ en ‘al’ hie hjir grif fertuten dien, mar dêr stiet tsjinoer dat men der ek wat foar werom krijt, want de skriuwer kin it moai opsizze, skerp en raak en troch al dat hastich steapeljen fan meidielings en observaasjes, sydspronkjes en útwreidingen, krityk en kommentaar ûntstiet in yndrukwekkende wurdestream, dy’t ik hjir hiel flau besocht ha nei te bauwen, in see fan wurden dy’t der ynbatst, skolperjende en skomjende weagen.

 

En dan komt der wer sa’n net te stuitsjen Tiemersmafloed fan wurden oanrôljen.

 

Folle tryster as dat fan Thomas is it lot fan Casper Bosch, in âld-ûnderwizer út Limburch. Casper is beskuldige fan en/of betrape op pedoseksuele kontakten. Hy is ûntslein en feroardiele. Hy libbet ienlik yn Einum, syn frou is fan him skieden, syn bern sjocht er ek net mear. Hy hat him hielendal fan de bûtenwrâld ôfsletten om’t er bang is dat guon him sykje: âlders fan bern dy’t er op skoalle hân hat, sjoernalisten dy’t jeie op nijs. As er fernimt dat syn hûs mei stiennen bekûgele wurdt, rekket er yn panyk, mar as er yn ‘e rekken krijt dat de dieder noch mar in jonkje is, stekke syn âlde begearten de kop wer op.

Hoe’t dat ôfrint, fernimme we yn in letter haadstik. Thomas Vermeer hat sjoen wêr’t de jonge mei dwaande wie en warskôget dy syn mem. Tegearre sette se op it hûs fan Casper Bosch ta en der fynt de mem har soantsje yn de keuken, “in glês limonade oan ‘e mûle mei skean achter him Casper, de hân op Jop syn meager skouderke, in hân dy’t op ‘e sprong stiet weromlutsen te wurden mar hingjen bliuwt yn it byld, krekt as Casper syn eachopslach mei dêryn in miks fan ferrassing en ûntskuldiging, miskien sels in strinkje panyk.”

Dy konfrontaasje moat foar Casper field ha as sloech de grûn ûnder syn fuotten wei. Mar de skriuwer fertelt it op in hiel ynholden wize. Krekt dêrtroch bliuwt de sfear om te snijen. Prachtich hoe’t de skriuwer dat wit te fangen yn twa observaasjes: in hân en in eachopslach. Mei as summum fan spanning dat strinkje panyk.

Oandwaanlik is it húshâlden fan Jan en Alie Bijker. Alie is demint en wurdt fersoarge troch har man. Typearjend foar de tryste sitewaasje is de folgjende passaazje. Alie hat kofje griemd oer it flierkleed en wol dat Jan dat skjinmakket: “Om’t Jan gjin oanstalten makket om te dwaan wat se seit komt se oerein en skeuvelet nei it oanrjocht, ditkear wit se presys wat se dwaan moat, yn ‘e rin fan al dy jierren is it in twadde ynstinkt wurden, it himmeljen sit har as in anker yn ‘e holle (…)”.

Dy sin sit my tenei as in anker yn ‘e holle. Sa’n minske dat har hiele libben lang poetst en himmele hat, in hanneling dy’t altyd in hâldfêst foar har west hat en dêr’t se noait mear fan loskomme sil, hoe demint se ek is en noch wurde sil: it himmeljen sit har as in anker yn ‘e holle.

Jan syn dochter en har man fine dat mem nei in fersoargingstehûs moat en Jan yn in oanleunwenning. Jan wol der neat fan witte, mar de fersoarging fan Alie falt him hyltyd dreger en eins, sa moat er foar himsels tajaan, ha de bern gelyk. Hy soe it net slim fine as Alie ferstoar en oan dit lijen in ein kaam. Soms tinkt er wolris oan (in soarte fan) eutanasy. Tegearre mei Alie sjocht er nei de televyzje. Op it nijs is in item oer it fûgeltsje by it Wiel. Alie werkent it plak en fleuret der hielendal fan op. Om acht oere sjogge se nei de herhelling. Dan wurdt Alie ûnrêstich, se wol sels nei it plak dêr’t it fûgeltsje tahâldt. Jan besiket har tsjin te hâlden, mar dat slagget net, úteinlik rydt er mei har yn de auto nei it Wiel. By it Wiel wol Alie derút en nei it wetter ta. Se is net te hâlden. Op it lêst lit Jan har rinne. Hy wurdt hinne en wer slingere tusken skuldgefoel en berêsting. Miskien is dit ien fan de manieren, sa’t dûmny it foarsichtich formulearre, “om it stjerren net te bot op te kearen”. Achter him mient er it iepenjen en wer sluten fan wetter te hearren. Mar it beteart oars as er tocht: “Ynienen wurdt de stilte iepenset, troch in lyts skreefke heart er har stimke, hast net te hearren, wyld draait er him om, dêr stiet se, ûntheistere yn it tsjuster fan de nacht, se sjocht nei him op en trouhertich seit se it fûgeltsje is fuort hear Jan.”

Ek dat is wer sa’n sin dêr’t neat oan ta te foegjen is. In sin om stil fan te wurden. In stimke. Troch in lyts skreefke. Trouhertich. It fûgeltsje is fuort.

Wil Kooiker fiert har jierdei. Mei har dochter Agnetha en har man Klaas wennet se yn in nij hûs krekt even bûtenút. By it hûs stiet in loads, dêr’t Klaas hennep ferbout en Wil de opslach hat fan har ynternethannel (ynklapbere fytsen en seksartikelen).

Lykas wenst wurdt it jierdeifeest in opfokte oangelegenheid. Dêr komt by dat it ynienen allegear drokte om hûs en hear is: der is in seldsum fûgeltsje sjoen by it Wiel en dat lûkt kloften minsken. En plysje. Wil is deabenaud dat ien út dat publyk of fan de plysje lucht krije sil – miskien wol letterlik – fan Klaas syn hennepkwekerij. En dat krekt no’t er op it punt stiet om der mei op te hâlden. Har eangst slacht om yn lilkens dy’t se kuollet op de servysbrot dy’t der noch stiet fan de jierdeibesite – ynklusyf de teepot dy’t se krekt fan har mem op ‘e jierdei krigen hat – en dan komt der wer sa’n net te stuitsjen Tiemersmafloed fan wurden oanrôljen: “Se laket lûdop, wurdt har ynienen bewust fan de kom bowl dy’t har tusken de hannen hinget, foar’t se beseft wat se docht lit se him falle, hy spat útinoar op de tegels, it boerebûnt diggelet him in ûngelok, grimmitich oersjocht se de ravaazje, de hûd fan har gesicht ploait him om in opwinend ferfolch, se pakt de kopkes by de earen, stik foar stik sile se de kom achternei, de pantsjes en as klimaks de teepot want dy hast noch net, dat kloppet mem, dy haw ik net, net mear, sjoch mar, as in meteoryt slacht it ding yn op de flier, de tute leit beteutere tusken de rest fan it soadsje, in tebroazele epitaaf fan boerebûnt.”

It sil wol tafal wêze, mar wat my opfalt is de alliteraasje yn it lêste sinspart: de tute leit beteutere tusken de rest fan it soadsje, in tebroazele epitaaf fan boerebûnt. Hoewol, der binne mear fan sokke stikjes: dat hie fansels gefolgen foar de steat fan dy ferhipte linkerheup, in miks fan ferrassing en ûntskuldiging, miskien sels in strinkje panyk, it himmeljen sit har as in anker yn ‘e holle, it fûgeltsje is fuort.

Hoe dan ek, net allinne dy teepot mar ek sok proaza slacht yn as in meteoryt. Wat in prachtboek!

 

Einum, Froon Akker, Utjouwerij Elikser, 2015. 311 siden, €19,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels