fotografy: Moon Saris

Ljouwerter wyk wurdt sjoen

RYNK BOSMA – 

It kostet in mem en heit 16.000 euro om in bern grut te bringen oant syn achttjinde jier. It is sa mar in sifer yn de foarstelling ‘Work work work work work’ oer de Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen dat sneontejûn 11 maart yn it Tryatergebou yn Ljouwert yn premjêre gie. Dat sifer stiet wol yn in ferbân, je bliuwe efkes heakjen by saken dy’t as fanselssprekkend beskôge wurde. Je telle pas mei as je wurk ha en dan is it ek noch wichtich hokker wurk dat is.

 

Skoft&Skiep toant moed mei dizze foarstelling, want it is teater sûnder haadpersonaazjes.

 

Te faak wurdt fergetten dat it betiden in hiele toer is om allinnich mar in skoaldiploma te heljen. De DJ fan Radio 058 rikt nei boppe dêr’t it diploma Work krekt bûten har berik bliuwt. Sy rikt en komt omheech en tsjin it plafond oan hat se einlik it stikje papier yn hannen ûnder de klanken fan ‘I Believe in Angels’ fan Abba út 1979.

Oer klanken sprutsen, moai mar foaral brekber is de solo stim fan Alie Harmens yn ‘Que sera’ dat ea troch Doris Day waard songen. Hast tachtich jier is Harmens en in libben yn operakoaren leit efter har. Alde nûmers dus yn Work work work work work mei nije tema’s as reade tried. Utsetten troch Tatiana Pratley, Karel Hermans en Aukje Schaafsma dy’t it jeugdige kollektyf Skoft&Skiep foarmje.

In heal jier lang ha se omslein yn de wyk Heechterp-Skieringen dat ea lannelik bekendheid krige as earmste wyk. De drompel fan wyk nei teater wurdt sljochte, sa’n sechstich ynwenners jouwe stâl oan in byld dat de klam leit op it ferskil tusken de lanlike ‘mores’ en hoe’t de minsken sels der tsjin oan sjogge. De teaterlampen skine op de minsken dy’t foaral yn gebaar harren sjen litte oan de minsken. De banenmarkt mei wachtsjende minsken dy’t by elk beltsje de skonken wer oer elkoar slagge. De bern dy’t sa lyts se binne as yuppen folwoeksen minsken kommandeare want dat wol de maatskippij net allinne graach sjen, dat wurdt ek easke, wolle je meitelle.

De ‘Citotoets’ wurdt sa in ‘drempeltoets’ dy’t de jongerein nei de wachtkeamer driuwe. Arrogante oerheidstsjinners dy’t de lêste moed der úthelje mei in ‘U hoort nog van ons’. Minsken dy’t bern grut bringe of as frijwilliger wat foar oare minsken dogge telle net mei. De kar foar it affysje fan de mannenholle fol mei tatoeages is der ien mei in dûbele boaiem. De man sit yn in rolstoel en sei trije kear ‘fuck’ en dat wie it dan. Wichtiger is dat de man wol assosjeard wurdt mei it byld fan in earme wyk, de sticker dy’t in soad minsken op sa’n wyk plakke.

Skoft&Skiep toant moed mei dizze foarstelling want it is teater sûnder haadpersonaazjes. It is it teater fan de ferbylding fan in groep minsken dy’t al te faak lêst ha fan ‘exclusie’, útsluting mar wêr’t wol fan ferwachte wurdt dat se ‘participere’ yn de maatskippij fan hjoed. De Tryater satellyt Skoft&Skiep doart it oan om dizze minsken in poadium te jaan, om ûnder de klanken fan ‘You’re never walk alone’ efkes de spilers it gefoel te jaan dat se der ta dogge, dat se sjoen wurde. En dat levert in moaie foarstelling op, oars as oars sûnder franjes.

 

Sjoch hjir foar kaarten en foarstellingsdata.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.