Lijen oan it libben yn feelgood-fersen

HARMEN WIND –

1. Twa kanten

Oan ien kant is de debútbondel fan Mindert de Wit fan dizze tiid. De gedichten ha te krijen mei de de dichter sels, of better: syn lyryske ik. It giet om persoanlike ûnderfinings: de dichter wurdt wekker, de dichter rydt yn ’e auto, de dichter besûpt him, de dichter is iensum, de dichter wachtet. Hy lit de lêzer oer it skouder yn syn (net al te fleurich) libben sjen. Dy ik-literatuer is typearjend foar it moderne tiidrek.

Oan de oare kant: Mindert de Wit is gjin fernijer. Hy brûkt wurden as ‘dage’ en ‘stimme’ en oproppen as ‘hark, sjoch, sjong!’ Sintúchlik, ympresjonistysk beskriuwt er yndrukken fan de omjouwing, de tiid, de sfear. De haadfraach liket te wêzen: hoe kin ik wat my oerkomt of wat ik waarnim gefoelich fêstlizze? It grutste part fan de gedichten bliuwt stykjen yn observaasje en registraasje. It slot fan de fersen docht faak oan (útspûne) haikû tinken:

(…)

Stadich tynt in nije dei,

feroaret hast ta feestmuzyk.

Tsjilpen tusken de beammen,

skarreljen op it moas.

 

Hark… opstannich skom. (9)

(…)

it waad wurdt rêstich,

it wetter leech

ik stoarje oer de stille widens            (10)

(…)

it lânskip wachtsjend

stiif omklamme troch de kjeld

op nij moanneljocht             (46)

It giet De Wit mear om formulearjen as om eksperimint en eksploraasje, mear om sfear as om ynhâld. Dat smyt werkenbere poëzy op. Hy mijt de ivoaren toer fan de iensume geast en siket de waarme skurte fan it grutte publyk. Syn eachmerk liket it finen fan ynstimming fan de lêzer: ‘Sa is it mar krekt!’, of: ‘sa’n gefoel ha ik ek faak!’ En dat mei bewende yngrediïnten: in weide natoer, in sleat leafde, in amer drank, in snúfke pine, in kromke religy – suver it libben sels.

2. Titel en komposysje

De titel De moanne laket fyn ik net sterk. In wat bernige personifikaasje. Lit ik it gedicht dêr’t er út komt der ris by nimme:

Katterich

 

de moanne laket

laket nei myn kat

in sêft en skrutel skowen

troch de daksgoate

 

de moanne laket

ljocht falt op myn lege flesse

ôfgryslik bûnzjen

op it waarme kessen (…) (11)

 

Nee wol? In kater! En het maantje aan de hemel ziet het allemaal en lacht… Ik sjoch dat dit gedicht trije jier lyn yn Hjir stie. Hoewol, dít gedicht… in eardere foarm derfan. It hat dêr noch acht ynstee fan fiif strofen en net ien is itselde bleaun. Der is omraak yn skrast, dat is winst. Mar neffens my hie der noch mear út moatten. Dat is trouwens foar sokke poëzy typearjend: wat der stiet, kin faak ek hiel oars (en koarter om ’e hoeke) sein wurde, sûnder dat de betsjutting feroaret. Oarsaak: de ynhâld is te algemien.

De bondel is yn fjouweren opdield:

1. Nije Moanne (7 gedichten)

It wurdt dei (yn 6 fan de gedichten). Yn twa komt moanneljocht (!) foar.  Ik freegje my ôf: wêrom hjit dizze rige ‘Nije Moanne’?

2. Earste Kertier (7 gedichten)

Hjir wurdt rûchwei in dei beskreaun: ûnderweis, drinke, tongblier, jûn, wer in nacht.

3. Folle moanne (7 gedichten)

Fjouwer gedichten mei ‘nacht’ (ûnlijigens en persoanlik ûngemak) en trije mei religy (hope en oantinkens). Hjir hie neffens my ‘Nije Moanne’ better by past.

4. Lêste kertier (10 gedichten)

Hjerst- en winterfersen –  benammen oer in ferlerne leafde.

Konklúzje: de yndieling yn skynfoarmen fan de moanne hinget oan ’e titel en is net botte lykwichtich, funksjoneel en konsistint.

 

3. Styl en ynhâld

De styl is parlando, sûnder lêstekens, metrum of rym, allinne in haadletter oan it begjin en in punt oan ’e ein, mar dat net konsekwint folholden. En út en troch dûke hookstrooks rymlerijkes op dy’t krekt wat te forsearre oandogge:

(…)

freon ’t hat west

en wat wy hiene is no wol ferpest.  (20)

(…)

nimmen wit

hoe ’t it stille stjerreljocht

hjir syn toan ferjit. (39)

(…)

ûnder in fjild mei tûzen peallen

mei alles fuort

en neat mear te fertellen. (40)

Wat de ynhâld oanbelanget: giet it allinne mar oer it lyryske ik fan de dichter? Net alhiel: der binne in pear fersen oer maatskiplike kwestjes, lykas: Tongblier (19), Te let (21) en Strjitte (42).  Dy ha in ‘boadskip’: resp. (1) de boer moat ite, mar hy mei gjin iten mear fan ’e soargen; (2) de treinen ride net op ’e tiid, mar ek de reizgers binn’ de tiid kwyt, en (3) de modernisearring makket Ljouwert allinne mar âlder. Libbensleskes dêr’t de lêzer begripend by sit te knikken. Ja hear, sa kinst it sjen. It foarnaamste beswier dat ik tsjin dizze bondel ha, lit him yllustrearje mei it gedicht dat ek op it omkaft ôfprinte is:

Stimmen

 

wâljend sulver

flústert

sâlte stimmen

fan it waad

 

by ’t wekker wurden wit ik:

’t is noch lang net oer…            (13)

It lûd fan skomjende weagen (retorysk oantsjutten mei ‘wâljend sulver’) bringt de ‘ik’ yn ’e sliep earne fan op ’e hichte. Op himsels is dat al nuver, krekt as de foarm: wêrom dat meartal ‘stimmen’ bygelyks? En wy witte dat seewetter sâlt is, mar hoesa ‘sâlte stimmen’? Om oan te jaan dat it gjin flauwe praatsjes binne? Of allinne foar de alliteraasje? Lykwols, wichtiger is: wat is it boadskip eins? No, dat stiet der:

’t is noch lang net oer…

It? It libben? It fertriet? It gemis? It wykein? It minne waar?  Sa’n meidieling is my te dizenich. Ik kin der alle kanten mei út, en dus rin ik deryn fêst.

 

4. Fiel goed?

‘Feelgood’-films, ferhalen, aktiviteiten en spultsjes binn’ hjoed de dei populêr. Op in beskate wize is dit feelgood-poëzy: de taal is simpel, de ûnderwurpen komme út it libben, de problematyk is maklik yn (en út) te kommen, der is fakentiids in ‘clou’ dy’t al like werkenber is. De lêzer kin it allegear maklik benei komme. De fersen liene har grif goed foar foarlêzen.

Foar dat gemak oer stiet (om mar wer ris twa kanten te neamen): it libben dat besongen wurdt, is net smûk en gesellich. It giet oer ûnlijigens en iensumens, ûnwennigens, kâldens en tsjusterens. Dat de dichter Mindert de Wit docht wat dichters te dwaan stiet: lije oan it libben. En al hoe goed dat (paradoksaal genôch) ek fielt, goede poëzy foldocht oan oare skaaimerken. Koartsein: De moanne laket is foar my te werkenber om fan út it stee te reitsjen en net grappich genôch om mei te laitsjen.

 

Hjir te keap.

Earder publiseard yn de Moanne, 5 (2006), 3 (april), s. 38-39.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.