Leaver slyk as ryk

Publisearre op 8 september 2015

RYNK BOSMA – 

Mei it slyk oan de fuotten, in koptelefoan op de holle, want it is ‘stiltegebied’ dêr’t je ynkomme ûnder Holwert, giet de mins as fansels troch de knibbels. It waad spried syn wjukken út tsjin in himel dy’t nea gelyk eaget en ek nea gelyk is. Sels it jildmonster fan de NAM op de fiere eftergrûn kin dat net bedjerre. It is dizze natoer dy’t de mins rekket yn syn bestean en dat ha Bedenkers en Uitvoerders Bijzondere Gebeurtenissen (BUOG) ek tocht.

Amelân, Skylge, Texel en Pieterburen ha de foarstelling al sjoen en op 2 en 3 septimber wie Holwert oan de beurt. Fansels wie der genôch te betinken oer Holwert, in doarp mei krimp, mar ek in doarp mei plannen lykas ‘Holwerd aan zee’ en dat alles is op prachtige wize ferwurke yn in foarstelling.

 

“Het slik waar de toekomst begint en het verleden blind is.” In moaie útspraak dat wol, yn in noch moaiere foarstelling, benammen dat.

 

It begjint efter de dyk en wurdt in foarstelling fan de ‘beleving’ neamd. In kleurrike fluitiste, Agnes Smid op hobo, nimt de minsken mei op de klanken dy’t troch in koptelefoan by de minsken terjochte komme. Dêrnei rize twa dûnsers út it slyk wei omheech en harren dûns kin op ferskillende wize útlein wurde. De ien sjocht der de krûpende mins yn dy’t mei fallen en opstean omheech komt fan de ierde. It bewegingsspul liket op minsklik woarsteljen, mei elkoar en allinne, fjochtsje en leafde en betiden komme de beide dûnsers sa ticht byelkoar dat se ien lykje. Se geane op wei nei it drûgere lân om it slyk fan harren ôf te spielen ûnder de dûs. En ferfrjemde sa fan it plak wêr’t se weikomme.

De oar sjocht der in spul yn dat sjen lit dat de mins letterlik fan de natoer ferfrjemdet en dat der gjin wei werom is. As beide dûnsers fier genôch binne fan it plak dêr’t se mei fallen en opstean weikaam binne, sjogge se om en de read wite linten jouwe oan dat der gjin wei werom is. De tredde spiler yn it gehiel is de stilte, de natoer dy’t de taskôgers de rêst jouwt om nei te tinken oer it libben, it doel fan de mins yn dat koart skoftsje tiid dat se los binne fan it slyk fan dizze ierde.

Dat neitinken oer eigen bestean krijt in ferfolch yn Holwert en wêr oars soe dat sa moai kinne as yn de trije tsjerken fan Holwert. De âldste Willibrordustsjerke is as earste oan bar. Dan komt it publyk ek yn de kunde mei in twadde ferhaallijn, âlde Douwe dy’t it paad en de tiid fan hjoed kwyt is. Syn dochter doarmet troch Holwert om him mei te nimmen nei De Spiker yn Ternaard.

In kuier troch it prachtige Holwert mei de reek fan de útlaten fan de âlde Berini’s en Kreidlers fan de tiid fan slykwurkers yn ‘e noas. Dat yn kombinaasje mei de reek fan de ielrikkerij fan Gjalt de Groot, dy’t syn sliepkeamer oan de Miedwei sa ferboude dat hy aansens fan bêd ôf noch de skippen dy’t lâns komme sjen kin. In man fan Holwerd aan zee, in man fan de foarútgong dy’t dat bringe soe.

Dat foarme in kontrast mei de man yn de griffermearde tsjerk dy’t neat seach yn ‘Dubai oan de Fiskwei’ en aansens mei rollator leaver ‘Ofdaalde it slyk yn, dêr lis ik de holle del. Leaver slyk as ryk.’ Sa botsten de mieningen en dreamen. It nûmer ‘I Dreamed a Dream’ út Les Miserables joech it allegearre in djipgong yn gefoel. Earst mocht de dochter it sjonge, heit Auke Douwes fan de Bazuin út Oentsjerk spile itselde op trompet en dat allinne al wie in gong nei Holwert wurdich. Mannen mei skeppen dûnsen op strjitte de hurde dûns fan de slykwurkers fan de fyftiger jierren fan de foarige iuw. De lêste halte wie in tsjerke dy’t aansens as Theater Wich troch it libben giet. In ynformaasjesintrum fan de Waddenvereniging dy’t ek oare kulturele plannen hat. In moai filmke fan Eibert Boonstra mei âlde bylden liet sjen hoe’t de dûns fan de slykwurkers der yn it echt útsjoen hat.

De Oorsprong lit ús neitinke oer it libben, wêr komst wei en wat sil de wei bringe dy’t foar dy leit. In prachtige foarstelling, dat moat sein wurde. Allinne dy Douwe foel in bytsje bûten de boat. In âld man fan Holwert dy’t yn syn tinzen wer tusken de slykwurkers Oane en Tomas siet. Dat hie fansels yn Holwert in Frysktalige man wêze moatten dy’t de taskôgers de tragyk fiele litte koe fan wat it is om yn de dei fan hjoed om te stappen, wylst yn dyn holle de reis nei dyn eigen oorsprong, it lânskip fan slyk en slykwurkers, al lang begûn wie.

Oan it spul fan poppenspiler Tim Velraeds lei it him net, mar wat fan de yn potinsje tragyske figuer oerbleau wie in razerige Hollanner mei in grutte bek dy’t op gjin inkele wize in gefoel fan ‘mededogen’ oprôp by de taskôgers. Dy kar hie te meitsjen mei de net Frysktalige lokaasjes dus dêr is ek wer wat foar te sizzen.

Ek syn filosofyske opmerking oan ‘e ein paste net by sa’n man fan Holwert, mar wie wol tige moai: “Het slik waar de toekomst begint en het verleden blind is.” In moaie útspraak dat wol, yn in noch moaiere foarstelling, benammen dat.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]