Ik leau net datte wy soks sizze

HENK WOLF – 

As it ûnderwerp fan in bysin do is, dan feroaret it bynwurd dat yn datst. Wy sizze ommers net ‘Ik hoopje dat do komst’, mar ‘ik hoopje datsto (= datst do) komst’.

Dat it bynwurd him oan it ûnderwerp oanpast, is net sa ûngebrûklik. De oanpassing oan it wurdsje do fine wy ek yn it Grinslânsk. Sa fine wy yn de Grinslânske Bibeloersetting: ‘zörg dastoe hail dag deur in ontzag veur de HEER leefst’.

Yn it Flaamsk past it bynwurd him maklik oan it ûnderwerp ik oan. It feroaret dan bygelyks fan dat yn dak. It folgjende foarbyld haw ik op it Internet fûn: ‘en dan weet ik nie meer waar dak ik de laatste keer iet geschreven at’.

Der binne ek dialekten dêr’t dat him oan it meartal oanpast. It feroaret dan yn datte. Sa wurdt yn de Noard-Hollânske streek West-Fryslân sein: ‘Hai zee, datte ze niet meeginge.’ Yn it Grinslânsk is sa’n foarm ek fûn, lykas yn in soad oare dialekten. Yn it Nederlânsk kin elkenien him wol út it ferske ‘en datte me (=we) toffe jongens zijn, dat willen me weten’.

Yn it Frysk skynt dat meartallige datte ek te bestean, of alteast bestien te hawwen. De Fryske Akademy hat yn 1993 in dialektenkête holden. Dêr die út bliken dat der doe aardich wat Friezen wienen dy’t sinnen brûkten fan it type ‘ik leau net datte wy soks sizze’, dus mei ‘datte’ ynstee fan ‘dat’. Ik ha de kaartsjes fan de Akademy krigen en mei se brûke, dêr’t ik tige wiis mei bin.

It kaartsje is as yllustraasje by dizze taalsnipel opnaam. Der is op te sjen dat it bynwurd ‘datte’ foaral yn de eastlike helte fan de provinsje yn gebrûk wie/is. It mei my lykwols net heuge dat ik it oait heard ha. Ik ha ferskate kenners fan it Frysk frege oft dy de foarm út de praktyk of út de literatuer koenen, mar se seinen allegear fan nee.

Dêrom myn fraach: binne der minsken dy’t dy foarm ‘datte’ brûke of him heard ha? Assosjearje Friezen him mei in beskate streek? Of is it miskien doch in spoekkaartsje?

Comments
3 reaksjes oan “Ik leau net datte wy soks sizze”
  1. josse de haan schreef:

    Moarn Henk,
    op ‘e buorren yn Peins haw ik ditsoarte fan sprutsen taal wol heard, brûkt troch minsken (bern, lykas iksels) dy’t gjin weet hiene fan de skreaune taal. Neffens my gong it likernôch sa: ‘dattu wu soks net wisten’, etc., etc.
    Minsken hâlde fan rymjende taal, en faaks soe it dêre socht wurde moatte. Yn myn skreaune teksten haw ik it nea brûkt, mar yn dy taal hâlde jo je oan de ôfsprutsen skreaune taal.

  2. josse de haan schreef:

    Henk, do hast it hjir oer skriuwtaal ‘datte wy’ , en dy skriuwtaal brûkten wy as bern net op ‘e buorren.
    Wy seine yn us eigen sprektaal sa’t wy dat om us hinne hearden bygelyks: ‘dattu wu dat ljipaai no net sjoen ha. Wy hiene gjin Frysk op skoalle, en koene dus net fergelykje. Myn earste boekje dat ik mei sinteklaas krige wie ‘De grouwe sûkerpar’.
    Faaks hat it hjir mei te krijen, de aparte wurden op dyn kaartsjes.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.