fotografy: Maartje Roos

Laven aan ‘Leeuwarden Lonkt’

MARRIT DE SCHIFFART – 

Wa’t fotografe Maartje Roos folget op Facebook waard de ôfrûne tiid om ’e earen slein mei oproppen: in fleugel, in poedel, in erker, in antike spegel en modellen, in hiele soad modellen. Alles foar ‘Leeuwarden Lonkt’, de eksposysje dy’t 28 oktober iepene waard yn Kleintheater De Vier Pelikanen en Ljouwert sjenlit oan de hân fan histoaryske celebrities.

 

It ferhaal fan doe yn it deiljocht fan no.

 

It publyk dat op de stoepe fan de Ljouwerter Twibaksmerk stiet is nijsgjirrich. In protte besikers stiene model foar Leeuwarden Lonkt en binne benijd nei it einresultaat. Hoe sjocht de plaat derút? Binne se noch werkenber? Is it byld oars as de setting fan de fotoshoot? Sels it hûntsje fan Willem Lodewijk is oanwêzich by de iepening en stiet entûsjast mei de sturt te kwispeljen.

Trije jier lyn kamen Maartje Roos en Jan-Dirk van Ravesteijn (teatermakker en eksploitant fan De Vier Pelikanen) op it idee fan Leeuwarden Lonkt. It doel? Mei fotobylden hichtepunten út ’e skiednis fan Ljouwert op ’e nij belibje. Op de seis keunstwurken steane ferneamde histoaryske figueren yn harren eigen Ljouwerter ‘habitat’. Werkenbere lokaasjes en eleminten fan de hjoeddeiske stêd binne brûkt om werom te gean yn de tiid. De besikers sjogge fragminten út it libben fan Willem Lodewijk van Nassau (Us Heit), Margaretha Geertruida Zelle (Mata Hari), Marijke Louise van Hessen Kassel (Marijke Meu), Pieter Jelles Troelstra, Saskia van Uylenburgh en Jan Jacob Slauerhoff.

 

Foto’s fan 50 oant 60 lagen
‘Yn elke foto siet opteld likernôch sa’n twa moannen wurk’, fertelt Maartje. ‘It begûn mei in protte ûndersyk, ik woe de persoanen yn in Ljouwerter setting ôfbyldzje dy’t ek echt wat foar harren betsjutte hat. En dus moast ik witte yn hokker gebouwen se wennen, wurken, studearren of oare dingen diene. As ik it definitive byld yn ‘e holle hie, begûn de syktocht nei alle ûnderdielen: lokaasjes, modellen, klean en attributen. Dat wie it dreechste, Facebook is dêrby in fantastysk helpmiddel.’ Dêrnei begûn it fêstlizzen fan alle ûnderdielen. Elk byld bestiet út sa’n 50/60 lagen. De fotografe skoot alle losse eleminten op har kompjûter yn de Ljouwerter binnenstêd yn elkoar en komt sa ta in einresultaat.

 

Machteld as Mata Hari
‘Ik sjoch wol streng’, Machteld Marra besjocht de foto fan harsels as Mata Hari. It famke is te sjen as de jonge Greetje Zelle dy’t yn 1890 balletles hat fan dûns- en muzykmaster H. De Jong yn Zalen Y. Van der Wielen (no Schaaf City Theater). De fleugel mei pianist dêr’t de fotografe op Facebook om frege komt op dit keunstwurk werom. Machteld: ‘De foto is ek echt makke op de lokaasje. Ik sit hielendal net op ballet, mar de balletjuf dy’t by de shoot oanwêzich wie lei presys út hoe’t ik stean gean moast. It is prachtich om it einresultaat te sjen.’

Eefkes fierderop treffe wy it byld fan Pieter Jelles Troelstra, in húskeamersetting fan begjin 1900 dy’t makke is op Nijstêd nûmer 113. Yn de keamer sitte Pieter Jelles Troelstra en syn frou Sjoukje Bokma – De Boer (Nienke van Hichtum), beide modellen binne oanwêzich yn De Vier Pelikanen. Yn totaal hawwe trijentritich figuranten model stien foar Leeuwarden Lonkt, allegearre yn histoaryske kostúms. Dêrneist binne der trije hûnen, trije hynders, dowen, poezen en fûgels fotografearre. Sels de meubels fan Pieter Jelles Troelstra kamen foar it earst nei fyftjin jier wer foar it ljocht út de opslach fan Tresoar yn Winschoten.

 

Ferfolch
As de eksposysje yn Ljouwert ein jannewaris ôfrint wolle de beide inisjatyfnimmers it lân yn mei de bylden. ‘It is de bedoeling om lâns ferskate musea te reizgjen, mar it leafst wolle wy jongerein ynteressearje foar de skiednis fan Ljouwert. Foar it (basis)ûnderwiis binne al ynteraktive histoaryske lessen ûntwikkele. De figueren sille sa no en dan ek echt ta libben komme yn gearwurking mei Van Ravesteijn Theater & Events. Dêrneist wolle wy noch graach in edukatyf boekje meitsje litte mei de fotobylden en monologen fan de ikoanyske figueren. Mar dêrfoar moat der earst mear jild op it kleed komme.’ Dat jildt ek foar it ferfolch fan it projekt. Yn 2018 ferskine der noch trije ekstra Ljouwerter celebrities: Titia Bergsma, Maurits Cornelis Escher en Hans van der Kallen (Havank).

Sa fier is it lykwols noch net. Earst dizze eksposysje. In oanrieder, want Leeuwarden Lonkt set it ferhaal fan doe prachtich yn it deiljocht fan no. De seis keunstwurken passe hiel moai yn De Vier Pelikanen, it miny-teaterke fol mei Jugendstil en Art Deko eleminten. De bylden en byhearrende teksten komme fantastysk ta har rjocht yn de tsien monumintale fêste kasten.

 

 

Leeuwarden Lonkt is noch te sjen oant 28 jannewaris 2018, de eksposysje is iepen fan tongersdeis oant en mei sneins fan 13.00 oant 17.00 oere. Sjoch ek: www.roosphotography.nl en www.devierpelikanen.nl

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.