Lânsdiel Noard

Publisearre op 13 februari 2013

MARCEL MÖRING – 

Wolkom yn lânsdiel Noard. Of sil it Grofridrenthia hjitte, wêr’t wy no wenje? Sjocht der bêst autentyk út, ast dat sa opskriuwst. It Frysk Saksyske Bûn, oars? As de plannen fan it kabinet trochgeane, om de provinsjes gear te foegjen ta fiif lânsdielen, sil it noch behoarlik yngewikkeld wurde om sinfolle nammen te betinken. Hoewol’t de noarderlingen bêst mei elkoar opsjitte kinne, tink ik dat in Fries yn de takomst net graach Grinslanner hjitte wol en in Drint leaver Drintsk bliuwt. En wat wurdt it oarderingsprinsipe? Sil de ratio fan befolkingsoantallen en geografy de bûtengrinzen bepale fan de nije lânsdielen en krije wy dan sokssawat as yn Afrika, dêr’t westerske kolonisatoaren mei de liniaal skynber logyske grinzen lutsen en dêrmei âlde kulturele en sosjale struktueren trochsnienen?

Nee, de Friezen binne gjin nomaden dy’t yn ’e simmer nei griene greiden en fette kleigrûnen tsjogge en har by ’t winter fêstigje yn it sombere beskûl fan de Drintske steatsbosken, mar nettsjinsteande dat binne der sosjale en kulturele struktueren yn it noarden en ek sûnder nomadisme sille dy geweld oandien wurde as ratio en saneamde objektive gegevens útmeitsje sille wat en wa’t byelkoar heart.

It argumint foar it gearfoegjen fan provinsjes sil sûnder mis ûnderboud wurde mei histoarysk materiaal. Dat Fryslân der net altyd sa útsjoen hat, dat Drinte eartiids in bûtengewest wie fan de Biskop fan Utert, dat Oerisel bestiet út Twinte en Sallân, ensafuorthinne, ensafuorthinne. Jildige arguminten dy’t likegoed argumint as ûntkrêfting dêrfan binne. It giet ommers net om wat it gefolch is fan de skiednis, mar om de skiednis sels. En dy seit dat Drinte dan wol bestjoerd waard út Utert wei, mar dat de

Drinten har noait Uterters neamd hawwe en dat Fryslân wol ôfsnien is fan Oost- en West-Friesland (en sels ienris rûn fan it Swin by België oant de Wezer yn Dútslân), mar dat dat net sizze wol dat Fryslân no ek bêst hielendal ferdwine kin.

In provinsje is in ienheid, in bestjoerlike middenlaach dy’t de ôfrûne tritich jier minder betsjutting krigen hat. Syn belangrykste taak is romtlike oardering wurden en ek op dat mêd sitte de provinsjes klem tusken gemeentlike en nasjonale ambysjes. Sterke en aktive gemeenten soenen it bêst sûnder it provinsjaal bestjoer dwaan wolle en de lanlike oerheid liket de provinsje foaral as in burokratyske hobbel te beskôgjen. Alles soe safolle makliker en flugger kinne, sûnder noch in bestjoerslaach.

Foar de boarger hat de provinsje ek net folle betsjutting. Ik haw sels al hiel lang net mear stimd by de steateferkiezingen. Ik haw gjin idee wat de provinsje Súd-Hollân, dêr’t ik wenje, docht en op de ien of oare wize is my dat ek noait dúdlik makke. Dat ik net de iennige bin docht bliken út de opkomst by de steateferkiezingen, dy’t al jierrenlang om de fyftich prosint hinne sit.

Ofskaffe dan mar?

 

Lês fierder yn de papieren útjefte fan de Moanne nûmer 1 − 2013. Te krijen yn de boekhannels, of bestel in eksimplaar online.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels