KH2018 wurdt in froed feestje

Publisearre op 24 oktober 2014

WILLEM VERF – 

Fryslân is yn 2018 nei alle gedachten in regio dêr’t ûnskuldige keunst fertoand wurdt, in provinsje mei in haadstêd dêr’t foaral ûngefaarlike ‘events’ te genietsjen falle. Dy realiteit twingt him oan my op, ek al kin ik dêr mar min oer.

De Provinsje kaam mei it idee om as Kulturele Haadstêd Fryslân yn Europa bekendheid te jaan. De gemeente Ljouwert moast de lûker wurde om ‘t it oars gjin kâns fan slagjen hie. Ljouwert hat dêrnei hieltiid mear ynfloed krigen yn organisaasje en opset. Jierrenlange ûnderfining mei de gemeente Ljouwert hat my leard dat in krityske hâlding en non- konformisme net ta de amtlike en politike kultuer hearre. Risikomijend gedrach is wizânsje. Net mis te begripen sinjaal: de klam wurdt lein op de fantastyske ekonomyske foardielen. De provinsjale pommeranten, ek gjin himelbestoarmers fan natoere, skikke yn. Jannewytske makke ea diel út fan dy Ljouwerter amtlike kultuer. Hja prate net iens mear Frysk op in presintaasje yn de Harmony. Der moat in soad jild noch fûn wurde, by kommersjele partijen bygelyks. Mar dy wolle útsoarte allinnich mar bydrage oan in tydlik reservaat foar feel- good- kultuer yn 2018. Foar finansiering fan pittige programma’s moast net by harren wêze.

 

Fryslân soe skyt hawwe moatte oan konformisme. Ekonomyske foardielen, dy soenen ús neat nukke moatte.

 

Om artistyk wat te prestearjen soe men lykwols krekt de grins opsykje moatte fan it ûnbehagen, mei echt spannende foarstellings, mei tentoanstellings en oare manifestaasjes dêr ‘t minsken net allinne op ôfkomme- mar dêr ‘t hja ek dielnimmer fan wurde, werkenning by fine. Of: dêr ‘t hja har ferhipt ûngemaklik by fiele, omdat se rekke wurde. Rekke, lilk miskien; op syn minst ûnwis oer wat en waans kultuer hjir sintraal stiet. Keunst dêr’t minsken fan fernimme dat sy der mei fan dwaan hawwe, al witte se miskien net fuort wêrom: sokke keunst, dat soe wat wêze. Kultuer dy’t minsken oangrypt, dêr ‘t men him of har net fan losmeitsje kin, dêr ‘t men dielnimmer fan wurdt.

Fryslân soe skyt hawwe moatte oan konformisme. Kultuerkonsuminten kinne rûnom wol te plak. De ekonomyske foardielen, dy soenen ús neat nukke moatte.

 

Risiko’s
Jawis, in froed en konformistysk feestje. Sjoch de risikofaktoaren: ûnfryske lieding en organisaasje, kar foar sintrale tema’s dêr’t gjinien wat op tsjin hat, in Jan Poepsplakje foar de Fryske taal, gjin omtinken foar it feit dat ús lânskip ferdwynt (earder de suggestje dat wy hjir safolle karakteristyks hawwe…). En net te ferjitten it fuortmassearjen fan de tsjinstelling tusken Ljouwert en Fryslân, folkloristysk gedoch oer identiteit, in simplistyske útlis fan it begryp mienskip. Wat de gemeente Ljouwert oanbelanget kinne wy ús teffens no al mentaal tariede op foarstellings út efterstânswiken fol mei oankrûpersallochtoanen en leave earme minsken dy’t sa har bêst dogge foar de mienskip. Gearfette: te min oprjochtens, ûnfoldwaande eigensinnichheid en brek oan opstannige brutaliteit yn de programmearring.

 

Sabeare tsjinstelling
Wat soe ’k graach yn 2018 hiel Europa meinimme wolle yn ús ûntroering en betizing. En traktearje wolle op konfrontaasjes. Krekt de aktiviteiten dy’t it alderheechste nivo helje en úteinlik rûnom bewûndering rispje sille, moatte dêrom Frysk wêze. Troch Friezen skreaun, makke, skildere, betocht, útfierd. Fan ús, oer ús, troch ús- mar likegoed sa dat se oare Europeanen yn it moed taaste, bewege, werkenning biede, derby belûke en ferwûndering besoargje. En at it heal kin dus ta dielnimmers meitsje. Dêrby soenen minsken út oare perifeare Europeeske regio’s ûnderfine moatte dat de sintrale tema’s ek harren tema’s binne. En wannear’t minsken út Europeeske kulturele machtssintrums ús tema’s as provinsjalistysk, in kulturele haadstêd ûnweardich en dus as skokkend en konfrontearjend ûnderfine, dan dogge wy it prima.

 

Hoe noflik of hoe dreech is it om in Liwwadder en/of in Fries te wêzen? Is dat eins fan belang? Yn hoefier is mienskip in konstruksje? Fan hoefolle mienskippen makket in minsk eins diel út? Kin men jins identiteit sels kieze?

 

Identiteit en Mienskip
Hoe noflik of hoe dreech is it om in Liwwadder en/of in Fries te wêzen? Is dat eins fan belang? Yn hoefier is mienskip in konstruksje? Fan hoefolle mienskippen makket in minsk eins diel út? Kin men jins identiteit sels kieze? Hoe wurdt men opnaam yn de Fryske mienskip? Binne alle minsken wolkom yn dy mienskip? Slute wy guon út? Wat binne dat foar minsken, dy’t útsletten wurde- of har útslute litte? Wat binne dat foar minsken dy’t útslute? Fragen by’t soad, dy’t basis foarmje kinne foar allerhanne keunst.

Miskien hawwe wy net safolle idee wat identiteit ynhâldt. Prachtich! Namste grutter is de útdaging om út te finen oft der aanst ferlet is fan eat dat Fryske identiteit hjitte kinne soe. In kulturele haadstêd dy’t fral meidiele wol dat der ta uzes sa‘n oandwaanlik moaie mienskip is, dêr’t men komfortabel diel fan út meitsje kin, en dat wy dy mienskip yn 2018 no ris moai toane oan de wrâld: dat is in karakterleaze haadstêd.

De kearn fan elk kultureel ûndernimmen is net it finen fan in kleare identiteit, mar krekt it earlike, ûnmeilydsume sykjen derom. Mei alle ynterne en eksterne striid dy’t dêrmei anneks is. Somtiden fine lytse wûnders plak en komt de identiteit al sykjende foar ‘t ljocht. Foar even dan- want sy is oaremoarn al wer krekt oars.

 

Lân en stêd
De kulturele takomst fan Fryslân is foar in grut part ôfhinklik fan it op gong bringen fan in feroaring yn de ferhâlding tusken Ljouwert en de rest fan Fryslân. Dat wol sizze, wannear’t wy ta wolle op in takomst wêrby ’t wy in eigenaardich en ynteressant gewest bliuwe. Foar Fryslân, it Frysk en alles dat dêr mei gearhinget is in nije ferbining mei de stêd beskiedend foar it fuortbestean.

De betingsten, dy’t geunstich binne foar in stabile ûntwikkeling fan in sintrumleaze plattelânskultuer en dy’t it oerlibjen fan in plattelânstaal mooglik meitsje, hingje gear mei isolemint, kontinuïteit en trage libbenstempo’s.

Alles leit lykwols hjoeddei iepen, feroaret en giet rap. Sûnder in stêd dêr’t in kristallisaasjepunt is, dêr’t boarnen binne, dêr ‘t in klimaat is dat stimulearjend is foar kultuer, ferdwynt it ûnderskiedende elemint yn de kultueruterings. De Fryske kultuer hat ferlet fan nije dynamyk. Dêr is de stêd foar nedich. Dêrmei sil dy kultuer feroarje, wis. Mar ûntwikkeling is feroaring. Sûnder foarsisbere útkomst.

 

Stêd en lân
Sjoch dizze stêd, om Piter Terpstra te parafrasearjen, lyts bleaun, krekt mei muoite oer de grins fan 100.000 ynwenners. Nea by steat west om dominant te wêzen yn it eigen gewest. Haadstêd, jawis, bestjoerlik al mear as fiifhûndert jier. Oant no ta nearne kulturele haadstêd fan. Fryske kultuer wie en is noch gruttendiels plattelânskultuer. Fryslân lei perifear en syn haadstêd dus ek. De stêd sûndere him boppedat ôf en it plattelân fûn dat bêst. It ûnderskiedende wie net te finen yn de stêd. Wat de kandidatuer fan Ljouwert as Europeeske Kulturele Haadstêd ynteressant makke, wie fansels net har eigen karakter fan in provinsjestêd mei in leech selsbyld. Dy binne der yn Europa genôch. Dat Ljouwert de sintrale stêd fan Fryslân is, fan in eigensinnich gewest mei in aparte taal, mei in krêftige kulturele mienskip dy’t in soad drage kin, dat makket Ljouwert ynteressant. Sa is it ek hiel bewust nei bûten presintearre. Yn de stêd sels is dat bejubele mienskipsdraachflak amper oanwêzich.

Bûten Fryslân wienen oant no ta net folle minsken har bewust fan de kulturele kleau dy’t der tusken gewest en haadstêd is. Gelokkich mar- oars wie Ljouwert nea Kulturele Haadstêd woarn.

 

It wurdt tiid foar risikofolle projekten, dy’t de ynwenners fan Fryslân by KH 2018 belûke, oft hja no wolle of net.

 

Ferlet fan wjerskanten
Fryslân kin langer net sûnder in krêftige kulturele sintrumstêd. De stêd hat, om op kultureel foarút te kommen, grut ferlet fan it gewest dêr ‘t hja diel fan is. Wy kinne dit ferlet- fan- wjerskanten ferside bringe en krekt dwaan of is Ljouwert no al de Fryske kulturele haadstêd. Dat hawwe de paadsljochters foar KH2018 oant no ta mei sukses dien. It hat foar de bûtenwrâld net sa bot bliken dien dat wy ús kandidatuer boud hawwe op in byld dat, wat stêd en regio oanbelanget, net oerienkomt mei de feitlike situaasje. No ‘t aanst de echte programmearring begjint, is ferside boartsje langer gjin alternatyf. It wurdt no tiid om earlik te wêzen, dat kin allinne mar foar mear spannende en dus bettere produksjes soargje. Spannender as wat oant no ta betocht is. Goede keunst, dy’t mear is as ferdivedaasje, ûntstiet krekt op basis fan djippe spanning.

Stêd en Fryslân hawwe net safolle kar, wannear’t hja net allinnich wat lykje wolle, mar ek wat wêze sille. Sûnder ferbining is foar beide, bestjoerlik en kultureel, degeneraasje ûnûntkomber. Maklik wurdt it winliken net. Mar: gjin fruchtbere relaasje sûnder spanning.

Wy wurde konfrontearre mei de needsaak ta feroaring. Dy feroaring is koart gear te fetsjen: it is fan grut belang is dat Fryslân minder ruraal wurdt en Ljouwert Frysker.

 

Wat hat in oar hjir oan?
Is dit allegearre ynteressant foar de rest fan Europa? Europa biedt ús de kâns de perifeare lizzing produktyf te meitsjen. Foar oare gebieten mei in minderheidskultuer kinne wy tydlik in sintrale posysje ynnimme. In foarbyldrol ferfolle. Op safolle plakken spylje diels fergelykbere, diels krekt wer oare prosessen. Plattelân mei in hânfol grutte boeren en fierder wat efterbliuwers. Lânskip en natoer dy’t troch bestjoerders mei ûnrealistyske ferwachtings nei de barbysjes holpen wurde. Streektalen dy’t efterút buorkje. Stêden dy’t oan it ferline miskyn identiteit ûntliene, mar yn de aktualiteit, nei in perioade fan oerspande ferwachtings, foaral ferearmje en sosjaal en kultureel ferrommelje. En it karakteristike lânskip om de stêd hinne nei gychem helpe.

 

Noch is Fryslân net ferlern…
Dit is in tiid fan ekonomyske stagnaasje en ûndúdlik perspektyf. Apokalyptysk tinken is ferliedlik. Nee, der is gjin ferlet fan in nije grutskalige dramaproduksje oer de ûndergong fan Fryslân, dat soe te simpel wêze. It bidbook wol ta op in takomst, dêr ‘t duorsumens en yntegraasje fan minsken en kultueren sjoen wurde as nije kânsen. Dat is in fantastysk útgongspunt. Ús lânskip is hyltiid noch unyk, divers, foarme troch de kulturele ûntwikkeling fan ieuwen. Ús taal is deistich yn libben gebrûk by sa ‘n 400.000 minsken. De measte minsken wenje hjir yndied noch yn in mienskip. Yn sosjaal- kultureel fermiddens dêr ‘t in protte lju har tige foar ynsette, ûnbetelle. Mar alle trije, lânskip, taal en mienskip ferkeare yn in krityske steat. Definityf identiteitsferlies mei in pynlik ûntbiningsproses is likegoed mooglik (en winliken wierskynliker) as nij elan.

Kin dat, mei help fan keunst en kultuer sokke komplekse tema’s oppakke as yntegraasje en duorsumens? Dêrby giet it ommers oer de needsaak ta it feroarjen fan it eigen hâlden en dragen. It kin, mar it is in heikerwei om soks te fangen yn artistike foarmen dy’t ûntroere en oansprekke. It is pittich om sjoggers, harkers, lêzers, taskôgers, dielnimmers op it puntsje fan de stoel te bringen, om museumbesikers mei fertiisd sykheljen troch in eksposysje doarmje te litten. Dat moat men yn de keunstsektor echt wolle, dêr moat de mienskip in soad jild foar oer hawwe en jo moatte dêr meimekoar moedich en net- konformistysk foar wêze.

 

Meitsje der echt wurk fan en lit yn ien muoite troch Europa sjen wat foar yngripend gesoademiter wy der mei hawwe om fan Ljouwert yn 2018, einliks, miskien, ek de Kulturele Haadstêd fan it eigen gewest te meitsjen…

 

Hoeden wêze smyt neat op
Kultuer dy’t de yntinsje hat mear te wêzen as ferdivedaasje, helpt fakentiids om te fernuverjen, bewust te wurden, somtiden sels om te begripen, te ferwurkjen. Mar krekt sa belangryk is it soargjen foar alteraasje. Wa’t de boel yn ûnstjoer bringt draacht op in oare, minstens sa wichtige, manier by oan it finen fan maatskiplike rjochting.

De bewust sochte relaasje mei de maatskiplike ûntjouwing is it dreechste dat der is yn de keunst. Le art pour l’ art, dat is der by ús allegearre yn hammere- mar by in projekt as KH2018 spilet sa’n sosjaal- kulturele syktocht nei de takomst fan in minderheidskultuer de beskiedende rol. Dat is in grutte opjefte en it biedt tagelyk hâldfêst. It soe fantastysk wêze om yn dat ramt aktiviteiten fan útsûnderlike klasse te betinken en út te fieren, krekt mei tema’s as taal, lânskip, duorsumens, yntegraasje en mienskip.

En fansels moat soks barre mei opdrachten foar Fryske keunstners en organisaasjes. Sjoen it profesjonele en it amateurtalint dat wy hawwe en generearje kinne, mei dat gjin probleem wêze. Ferlossing dy’t fan bûten komt, dêr wurdt yn ‘e regel milenniums omdôch op wachte.

 

Stêd en lân, identiteit, lânskip, mienskip, taal…
Dit is tiid om risiko te rinnen mei it Frysk. De taal buorket rap achterút en is tagelyk ús meast ûnderskiedende kultuerdrager. Wy binne grutsk op it Frysk en tagelyk fine wy it komplisearjend dat wy dy taal hawwe. It Frysk, mar ek de ambivalinsje deroer, heart ta de kearn fan de Fryske kultuer. It wurdt tiid foar risikofolle projekten, dy’t de ynwenners fan Fryslân by KH 2018 belûke, oft hja no wolle of net.

 

De foldwaning
Wat soe ’t moai wêze, ynienen in protte oarspronklik wurk derby, net earder betocht, fertoand, gearstald of komponearre. Fan alles dat oer elkoar hinne striidt, krewearret, rûgelet en boartet. En in natuerlik plak foar Frysk hjirby as earste taal. Mei de hjoeddeistige technyske middels binne ûnder- of boppe- titels, yn it Ingelsk, relatyf ienfâldich te realisearjen by foarstellings. En mei tolken, oersette teksten, swarte bakjes en eartelefoantsjes kinne wy massa’s Europeanen gerive. Doar dêrby dwers en opstannich genôch te wêzen en behannelje it Nederlânsk krekt as it Ingelsk en it Dútsk en alle oare talen.

 

De realiteit
Goffe Jensma, de lêste professor dy’t yn Grins fia in omslachtige akademyske konstruksje mei it Frysk dwaande wêze mei, sei okkerdeis dat der by KH 2018 net tefolle oanfragen foar Fryske projekten komme moatte, omdat se oars elkoar tefolle bekonkurrearje. Syn eigen projekt moat fansels al jild ha en oaren moatte dêrom mar net te lûd roppe. Nee, hy striidt net mei foar oansprekkende en risikofolle projekten dêr ‘t oaren mei komme. Oaren dy’t him syn projekt fan herten gunne, mar tagelyk fine dat der in grut ferskaat komme moat, en dat jild by de smoarrike provinsje Fryslân gjin probleem hoecht te wêzen.

 

De moraal
KH 2018 fertsjinnet in siel; it giet net samar oer ‘mienskip’. De wrakseljende mienskip, dy is ynteressant. Wolle wy it Frysk in sintraal plak jaan of net? Dat is de twingende kulturele kwestje fan Fryslân.

Europeanen wolle gjin ienheidskultuer. Dy sille hja ek net krije. Der is yn dit wrâlddiel gelokkich ek belangstelling foar elkoar, foar ús ferskiedenheid en foar wat wy diele. Dy belangstelling wurdt struktuer bean en stimulearre mei Europeeske programma’s lykas dat fan de Kulturele Haadstêd. Mear oprjuchte belangstelling foar elkoar betsjut minder argewaasje en striid. Argewaasje oprûmje, argewaasje produktyf meitsje, dat docht men troch it ûnderwerp fan dy argewaasje ûnfersnien oan de oarder te stellen. Dan ûntstiet der fjoer om jin oan te ferwaarmjen. Men foarkomt argewaasje en striid net troch it op foarhân út de wei te gean. Bats deryn, skuor it iepen en belûk sa ús minsken by it grutte projekt.

Hjir is in lyts folk dat no al mear as twa milenniums op in sompich úthoekje fan Europa troch de tiid komt. Etnysk regelmjittich ferfarske, mar noch mei in eigen taal. En mei in, yn al syn behyplikens, unike haadstêd. In stêd dy’t wat goed te meitsjen hat en no graach in kulturele haadstêd wêze wol- fuortdaliks mar fan hiel Europa.

Ik soe sizze: meitsje der echt wurk fan en lit yn ien muoite troch Europa sjen wat foar yngripend gesoademiter wy der mei hawwe om fan Ljouwert yn 2018, einliks, miskien, ek de Kulturele Haadstêd fan it eigen gewest te meitsjen…

 

Besjoch ek it dossier Kulturele Haadstêd 2018. Yn dit dossier fine jo alle stikken dy’t earder op de Moanne online ferskynden, mar ek yn ús blêd. Wolle jo sels in bydrage leverje oan dit dossier yn ‘e foarm fan bygelyks in reaksje, kollum, essay of in oar stik? Stjoer jo kopij nei de redaksje: kopij@demoanne.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels