fotografy: Linus Harms

Kultureel ûndernimmerskip

FROUKJE SIJTSMA – 

Bûten de bewende paden doarre te tinken en midden yn de mienskip stean. Dat binne neffens de ûndernimmers Gelly Talsma en Hilda Boesjes-Beljon twa belangrike yngrediïnten foar suksesfol ûndernimmerskip yn de kulturele sektor. De twa froulju binne al jierrenlang warber op it mêd fan keunst en kultuer. Talsma as direkteur fan De Culturele Onderneming yn Ljouwert en Boesjes as direkteur fan de Stichting Ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer. Op basis fan harren eigen ûnderfinings litte se harren ljocht skine oer de needsaak fan kultureel ûndernimmerskip yn dizze tiid.

Talsma rjochte yn 2000 De Culturele Onderneming op, in organisaasje dy’t aktiviteiten op it gebiet fan keunst en kultuer betinkt. Sa organisearret se literêre reizen nei it bûtenlân mei bekende auteurs dy’t oer dy lannen skreaun hawwe. Tusken 1982 en 2000 hie Talsma har eigen boekwinkel Athena’s, flak neist de fakulteit Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins. Har leafde foar boeken kin se net samar ferklearje. ‘Het enige boek dat vroeger bij ons in het ouderlijk huis in de kast stond was de Bijbel. Toch kwam ik op een gegeven moment in aanraking met de poezië van M. Vasalis. Hoe ik precies aan haar gedichten ben gekomen weet ik niet meer, maar ik was onder de indruk van haar werk en ik leerde haar verzen zelfs uit mijn hoofd. Als meisje werkte ik in een boekenwinkel en later ben ik mijn eigen winkel begonnen.’ It ûndernimmersbloed dat troch har ieren rint, kin se lykwols better útlizze. Talsma groeide by har Fryske âlden op, yn de stêd Grins. Har heit wie ierappelboer, hy foarseach de winkels yn ’e buert fan syn produkt en hie in soad mei hannelers te krijen.

Boesjes-Beljon hat it ûndernimmerskip ek fan har âlden meikrigen. ‘Myn âlden hienen op De Lemmer in doarpshûs, dêr’t se ferskate aktiviteiten organisearren. Wy hienen altyd minsken oer de flier en yn dat doarpshûs kamen kultuer en saken dwaan fanselssprekkend byinoar.’ Boesjes-Beljon die de Pedagogyske Akademy en rolle dêrnei de mediawrâld yn. ‘Ik begûn myn eigen kommunikaasje- en marketingburo, en die dêrfoar ek in soad saken yn it bûtenlân.’ Boesjes-Beljon omskriuwt harsels op har Twitteraccount as in Wetterfrou. Sa sit se yn it deistich bestjoer fan de SKS, organisearre se ferskate edysjes fan Friesland Vaart en de Friese Havendagen en is sy de frou dy’t it grutte sylspektakel Sail 2014 nei Fryslân helle hat. Boppedat is Boesjes-Beljon sûnt 2011 direkteur fan de Stichting Ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer. Yn Fryslân binne it Woudagemaal en it Waad opnommen yn de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. Under har lieding naam it oantal besikers oan it Woudagemaal ta fan 8.000 yn it jier nei 37.000.

Foar my is de suksesformule datst net de opfettings en wurkwize fan de meute folgest, mar datst dyn eigen draai oan dyn wurk joust.

Hoewol’t Talsma en Boesjes-Beljon elkoar foarôfgeande oan it fraachpetear fan de Moanne noch net koenen, docht bliken dat se in soad oerienkomsten hawwe. Bygelyks oer it belibjen fan kultuer en it belang fan kultureel ûndernimmerskip. ‘Cultuur is noodzakelijk’, seit Talsma. ‘Cultuur is voeding voor de geest en een verrijking voor je leven. En ondernemerschap is dan ook nodig om cultuur zichtbaar te maken.’ Boesjes-Beljon sjocht kultuer as in ûnderdiel fan it minsklik wêzen. ‘Yn in tiid fan skaalfergrutting en in omjouwing dêr’t alles mondialer wurdt, krije minsken behoefte om harren eigen identiteit foarm te jaan. Kultuer spilet dêr in hiele wichtige rol yn. En as we Fryslân as foarbyld nimme, dan is de Fryske taal dêrby ek nochris fan belang. Fryslân hat in hiel soad te bieden.’

Yn in tiid wêryn’t oerheden de jildkranen mei subsydzjes hyltyd mear tichtdraaie en kulturele uterings flink te lijen hawwe, bliuwe Talsma en Boesjes-Beljon optimistysk en wolle sy benammen wize op de mooglikheden yn it kulturele fjild. Talsma: ‘Zelf heb ik nog nooit subsidie hoeven aanvragen voor mijn culturele activiteiten. Ik zeg niet dat subsidies per definitie overbodig zijn, want bepaalde ondernemingen vragen natuurlijk om investeringen waarmee een productie kan worden ontwikkeld, maar ik heb het altijd zonder kunnen doen.’ Boesjes-Beljon: ‘Subsydzjes binne handich fansels, mar ik bin sels mear foarstanner fan de beneaming sponsoring. At ferskate partijen, mei elts har eigen talinten, mei-inoar om tafel sitten gean, kinne se inoar fersterkje en elkoar in ympuls jaan. Ik tink dat dy oanpak suksesfoller is.’

Undernimmerskip is fraach kreëarje
Hokker yngrediïnten binne neffens de twa ûndernimmers dan needsaaklik om in suksesfol kultureel ûndernimmer te wurden? Opfallend is dat beide froulju mei in hiel soad passy oer harren wurk fertelle. Talsma: ‘Als je niet voor honderd procent achter je eigen ideeën staat en geen liefde voor je werk hebt, dan kun je ook geen succes boeken. Je moet in dit vakgebied van je werk houden en geloven in je plannen. Je moet iemand anders kunnen overtuigen dat jij een prachtproduct in handen hebt. Als je er zelf al niet in gelooft, dan zal iemand anders dat zeker niet doen en niet in je plan meegaan.’ Boesjes-Beljon: ‘Foar my is it belangryk datst ticht by dysels bliuwst, mar ek kritysk op dysels doarst te wêzen. As ûndernimmer moatst hiel goed yn ’e efterholle hâlde hokker stappen ast nimst, want it draait úteinlik allegear om de kwaliteit dy’tst bringst. Foar my is de suksesformule datst net de opfettings en wurkwize fan de meute folgest, mar datst dyn eigen draai oan dyn wurk joust. Dêrby moatst seker it lef hawwe om bûten de bewende wegen te tinken. It is dan ek belangryk datst nea yn ’e sliep sukkelest. Je moatte altyd je earen en eagen iepen hâlde en je bewust wêze fan wat de maatskippij dwaande hâldt.’

Talsma follet dat oan: ‘Je moet constant weten wat er in de maatschappij speelt. Dus jezelf op de hoogte houden van het maatschappelijk debat door kranten te lezen en andere nieuwsmedia te volgen. Op die manier kun je ook doorgronden waar mensen behoefte aan hebben. Ondernemerschap is een kwestie van vraag en aanbod, maar het is daarbij noodzakelijk dat jij als ondernemer beseft dat je ook een behoefte kunt creëren.’ As foarbyld dêrfan neamt Talsma dat se yn Ljouwert in filosofykafee opset hat. ‘Leeuwarden had nog niet zo’n café en nu kunnen mensen eens per drie maanden over bepaalde thema’s discussiëren.’ Yn gearwurking mei de Ryksuniversiteit Grins organisearret Talsma boppedat yn Grinslân al sa’n 25 jier de aktiviteit ‘Spraakmakende Boeken’. Yn in searje literêre lêzings wurdt dêr foar in breed publyk praat oer literatuer. ‘Zoiets bestond in Leeuwarden nog niet. Mensen hadden er misschien ook geen behoefte aan, omdat het nog niet bestond. Maar toen “Spraakmakende Boeken” ook in de bibliotheek in Leeuwarden werd georganiseerd, bleken mensen zeker wel interesse te hebben. Onlangs waren er zo’n honderd mensen naar een literaire lezing gekomen.’

Ondernemerschap is een kwestie van vraag en aanbod, maar het is daarbij noodzakelijk dat jij als ondernemer beseft dat je ook een behoefte kunt creëren.

Netwurkje, om’t minsken sa leuk binne
De leafde foar minsken sit der by beide froulju sterk yn. Talsma: ‘Ik vind het hartstikke leuk om nieuwe mensen uit hele andere disciplines te leren kennen. Er zijn zoveel leuke mensen in Nederland en iedereen heeft zijn eigen verhaal en talenten. Het draait in het ondernemerschap dus ook om netwerken. Netwerken moet je niet doen met de bedoeling om er zelf beter van te worden. Je moet juist elkaars talenten aanmoedigen.’ Boesjes-Beljon fynt dat je as ûndernimmer hiel goed foar eagen hâlde moatte dat je net allinnich foar de eigen parochy preekje. It is neffens har wichtich om te sykjen nei nije ferbiningen. ‘Je moatte net allinnich sjen nei wat goed is foar je eigen bedriuw, mar ek kompliminten doarre te jaan oan oare ûndernimmers. At der bygelyks bûtenlânske toeristen nei it Woudagemaal op De Lemmer komme, dan fertel ik harren dat der yn Frjentsjer ek in prachtich planetarium stiet dêr’t se in besite oan bringe kinne. Minsken komme faak net allinnich foar ien toeristyske attraksje nei Fryslân ta, mar wolle ek bêst nei oare trekpleisters. En troch mei oare ûndernimmers yn de regio gear te wurkjen, kinst dyn eigen ûndernimming just ek fersterkje. Ik bin derfan oertsjûge dat it kultureel toerisme yn dizze tiid hiel bot yn ’e lift sit en op dy trend moatte wy seker ynspylje.’

Neffens Talsma moat in ûndernimmer boppedat altyd in bepaald risiko doarre te nimmen. ‘Je weet van tevoren niet of je productie financieel haalbaar is. Ondernemerschap is altijd een risico. Steenrijk zul je in ieder geval nooit worden, als cultureel ondernemer. Als dat je doel is, dan kun je beter een ander beroep kiezen.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.