Krûm

ARJAN HUT – 

Ta de neitins fan John F. Kennedy
Elkenien dy’t doedestiids libbe, wit noch wêr’t er wie en wat er die doe’t it grutte nijs bekend waard. It wie in skokweach dy’t de hiele wrâld oer gie. Guon hienen it wol oankommen sjoen. Omdat it al sa’n bytsje yn de loft hong. Mar de measte minsken kaam it aaklik oer it mat. De sitewaasje wie sels sa slim, it like der op dat de demokrasy séls – en dêrmei alle noarmen en wearden dêr’t de frije minsk foar stiet – yn gefaar wie. Op 22 novimber wie it op de kop ôf 50 jier lyn dat it Pentagon en de CIA bekend makken: “De ierde is plat.”

Us heit wie doe in baaske fan in jier as 15. Hy hat my wol ferteld hoe’t it gong,  yn 1963. De skrik dy’t minsken hienen, de panyk dy’t men fielde. Froulju dy’t der gewoan by del foelen. Trochdraaide wittenskippers; de iene nei de oare knoopte himsels op. Polysjes strompelen snokkerjend oer de diken, it pistoal yn ‘e hân, de pet skurf op ‘e kop. Heit hearde it oer de radio fia de RONO. Yn Súd-East Azië grypte men al nei de wapens. In nij wrâld, in nije oarder. Elk hie syn eigen manier om de klap te ferwurkjen. Mar net ien reagearre sa heftich as de Amerikaanse presidint John F. Kennedy

Tsjûgen fertelle ferskillende ferhalen oer hoe’t it barde. De ien seit dat Jackie him it nijs ynflústere. De oar seit Clint Hill, fan de geheime tsjinst – en dat dy yn it foarren flink dronken hie. Guon wize de finger nei fice-presidint Lyndon Johnson. Se sieten mei syn allen oan in grutte tafel yn de Dallas Trade Mart (tsjinwurdich it Dallas Market Center). It nijs grypte de Kennedy sa nei de kiel, dat er letterlik net in wurd mear útbrocht hat. De kop waard him reader en reader. Doe knalde de hiele rjochterkant fan syn holle derôf.

Us heit seit dat men deabenaud wie foar in ynfaazje. Wêr koest hinne as de Readen kamen? Se soenen ús fan de wrâldskiif ôfdriuwe!

Elkenien siet der ûnder. Jackie har rôze mantelpakje, it like wol oft men har mei in mitrailleur besketten hie. In reade mist hong oer de tafels, dêr’t ‘dixiecrats’ en sakelju mei in flinke pyp yn de earen stikjes bonke en harsenweefsel fan it gesicht en de klean fagen. Of útsmarden, dat is miskien in better wurd. De presidint waard yn sân hasten nei it Parkland sikehûs brocht. De dokters dêre seagen it daliks wol. Reanimaasje hie feitlik gjin doel.

Dy deis hie de polysje fan Dallas nota bene fjouwer Cubanen oppakt dy’t mei gewearen achter in stek omspaanden lâns de rûte fan it fleanfjild nei de Trade Mart. Polsysjesjef Jesse Curry siet mei de hannen yn it hier. Earst de ierde plat en doe de presidint ûntploft. Mar it wie him en de geheime tsjinst gelokkich net oan te rekkenjen. Soms feroaret de realiteit fan juster op hjoed. En in presidint dy’t by einsluten himsels opblaasd, dy wie ienfâldichwei troch gjinien goed te beskermjen.

Kennedy syn opfolger, Johnson, stelde fuortendaliks in kommisje yn om de panyk de kop yn te drukken en alternative teoryen te smoaren. Under lieding fan opperrjochter Earl Warren begûn in grutskalich ûndersyk om definityf te bewizen dat de ierde werklik plat wie. De FBI, de CIA, alle kanonnen kamen út it hok. Men seach achter alle doarren en ûnder elke stien. Yn 1964 ferskynde in 888 siden tellend rapport dat sei dat de ierde werklik plat wie. Plat, sûnder ek mar in sweemke fan in bôge. Plat, sûnder ek mar in hint fan in krûming.

Der wienen wol krityske lûden. Mannich kritikus (ek wolris gekjeiend ‘krûmpraters’ neamd) foel it op dat yn de jierren nei Dallas in tige opfallend soad Trade Mart-tsjûgen, sjoernalisten en astronauten spontaan ûntploften.

Der ferskynde in hânfol artikels mei kritiske fragen yn lytse, obskuere tydskriften. De idee dat de ierde dochs rûn is, waard fan hegerhân ôfdien as Kommunistyske propaganda. De Russen! Wat dy al net bewearden. Ek yn Fryslân hienen de minsken argewaasje fan ‘it reade gefaar’. Us heit seit dat men deabenaud wie foar in ynfaazje. Wêr koest hinne as de Readen kamen? Se soenen ús fan de wrâldskiif ôfdriuwe!

It earste wat ik fan de Platte Oarloch wist, learde ik fia in Oliver Stone film, earne oan it begjin fan de jierren njoggentich. De Amerikaanske regisseur (doe al ferneamd fanwegen syn Vietnam-klassikers ‘Born on the Fourth of July’ en ‘Platoon’) brûkt allerhanne sinematografyske trúkjes om sjen te litten dat de wrâld dochs ‘rûn’ is. En dat it hiele ‘de wrâld is plat’-beweging in troch it Pentagon en de CIA opsetten aksje wie om fan Kennedy ôf te kommen. Och, wat fûn ik dat in spannende film! Al joech it my wol in migrêne-oanfal. En ik snapte eins de helte net.

En al dat bananepraat oer loftspegelingen, natuerwetten en wa’t Kennedy no krekt it nijs ynflústere, dat docht yn feite net ta de saak.

Krityk op de konklúzjes fan de Warren Kommisje wie yn de jierren santich yn in streamfersnelling kommen. Nei Watergate. Neidat de Zapruderfilm frijjûn wie – in amateurfilmke dêr’t op te sjen is hoe’t in Cubaanse ober Kennedy wat yn ’t ear flústert foar de knal. It folk fertroude de eigen regearing efkes net mear. Sovjet Kosmonauten swearden mei de hân op it hert dat de ierde in bol wie. Amateurwittenskippers wiisden op it skaad fan de ierde op de moanne. In spesjaal troch de Amerikanen gearstald kommitee ûndersocht tusken 1976 en 1979 alle alternative teoryen en kaam ta de folgende konklúzje: De ierde is wierskynlik plat, dochs mooglik rûn. Mar ek wer net.

Yn ús tiid is it gelokkich net sa’n kwestje mear. Alle jierren yn novimber kinne wy op National Geographic en Discovery Channel sjen hoe’t it werklik sit. Mei help fan de djoerste, modernste komputeranimaasjes en oanfolle mei ekslusive, eksplosive tsjûgenissen lit de makkers sjen dat de wierheid net mei in leagen te fangen is. De wrâld is plat, hat altiten plat west en sil altiten plat bliuwe. Al bliuwe der fansels ek oandachstlûkers en narsistyske ydioaten dy’t mei ôfwaaide ferhalen en publikaasjes besykje om yn de skynwerpers te kommen.

Op ynternet komst se allegeduerigen tsjin. Types as Wim Dankbaar dy’t har net by de feiten dellizze kinne. Ik ferwiis sokken op foarums altyd nei de oanbelangjende Wikipedia-siden, dêr’t ek stiet dat meardere offisjele ynstânsjes oantoand ha dat der fan bolfoarmichheid gjin inkelde sprake wêze kin. En al dat bananepraat oer loftspegelingen, natuerwetten en wa’t Kennedy no krekt it nijs ynflústere, dat docht yn feite net ta de saak. Troch al dat roppen en razen ferjitte wy suver dat we it by einsluten dochs mei syn allen op dizze lytse skiif roaie moatte.

Presidint Kennedy sei; “Our most basic common link is that we all inhabit this planet. We all breathe the same air. We all cherish our children’s future. And we are all mortal.” En sa is it mar krekt. Ik hoopje dat wy as minskheid, fyftich jier nei de grutte skok, einlings de kreauwerij oer de aard fan de realiteit achter ús litte kinne. En dat wy ús Kennedy herinnerje, net om syn dea, mar om syn wurden en om syn dieden.

Tsjin alle nazitypes dy’t beweare dat it dochs in opsetsje wie fan de Mossad; tsjin alle psychoaten mei de mûle fol fan de Illuminaty; tsjin alle Oliver Stones dy’t wize nei it Pentagon en de CIA; tsjin al dy rare skeptisy sis ik: Kleppen ôf of kleppen ticht. De ierde is plat! En jimme grutte leagen is in skip – dat aanst gau ferdwynt achter de hoarizon.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.