Krol yn Riga (6)

JAAP KROL – 

It proazafestival dêr’t wy foar útnoege binne, komt hurd tichterby. De Letske televyzje hat west, de radio ek. Bin ik yn Nederlân in (sofi)nûmer, hjir kin ik net mear allinnich oer strjitte. Dat kin trouwens sawiesa net, oars soe ik ferdwale.

De Slowaakse skriuwer Jaroslav Rumpli fynt alles bêst, salang wy mar net te krijen ha mei Russen. Lykas my hat er in bytsje it gefoel dat er in bern yn in buorterswinkel is. Dat wy mei ús trijen (plus Vilis Kasims, Lets skriuwer en oersetter) nei it iishockey west ha, makket it allinnich mar moaier. Dinamo Riga wûn mei 3-1 fan Lokomotiv Jaroslavl en op de ferplichte kola mei burger nei, ha wy alles meimakke: spektakulêre crashes tsjin de boarding, in matpartij, in penalty en it konstante lûd fan hast 7.000 minsken.

Rumpli en Kasims hawwe beide ferhalen skreaun mei in sci-fi-achtich karakter. Fantasy of sci-fi is net hielendal myn ding, mar geandewei de wike moast ik tajaan dat it yn dit gefal oars leit. Kasims hat bygelyks in messkerp ferhaal skreaun oer in tocht nei de ûnderwrâld. Yn de fierte begjin ik te mienen dat der miskien in konneksje is tusken sci-fi en de faak betiizjende post-kommunistyske wrâld fan no.

Kasims trouwens hat in Letske heit en in Russyske mem, dy’t wêr Moldavysk bloed hat. Hy sjocht der dus ‘oars’ út, wylst er 100% Let is. Dat falt net altyd ta yn de strjitten fan Riga en dêrbûten. Soms wurdt er neisjoen, soms hat er te krijen mei net-winske fysyk kontakt. It is net de earste kear dat ik ferhalen hear oer nasjonalistyske sentiminten. De antysemityske mop bygelyks is hjir noch lang net útstoarn.

Rumpli bliuwt syn gal yntusken spuien oer alles dat Russysk is. De iroany wol lykwols dat wy yn de iishockey-arena fersocht waarden oerein te kommen foar de folkslieten. Dêr stie er dus, yn de hâlding foar dat fan Ruslân. Oft er dat net slim fûn? frege ik him achterôf. ‘Mmuah,’ sei er. ‘It is yn elts gefal in moai folksliet.’ Dêr hie er fansels grut gelyk yn.

 

Foto: Dit is de föhn. Hy hinget yn de baaikeamer. Ik ha him noch net brûkt.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.