Krol yn Riga (4)

JAAP KROL – 

De dagen yn Riga fleane foarby. Ik moat bekenne dat ik sa stadichoan op it punt kom dat ik net nei hûs wol. Ik bin eins noch noait yngeand mei oare skriuwers omgien. Earst wiene wy wat ûnwennich foar inoar oer, mar yntusken besprekke wy fan alles en ha wy keet by de fleet. It is gewoanwei… no ja, ful mar yn.

Moarns bin ik yn myn keamer drok oan it oersetten, oan it begjin fan de middei ite wy waarm yn de kantine (sorry, ik hâld fan dit wurd) fan it ymposante Dailes teātris, dêrnei besprekke wy de stân fan saken yn it kantoar fan de Latvian Writers Union en wurkje wy wer fierder. Tongersdei is der in grut proazafestival yn de stêd, dêr’t wy ús presintearje sille. Wy lêze ús eigen ferhaal, wêrnei in Letske oersetting folgt, foarlêzen troch de Letske skriuwer Vilis Kasims. It festival wurdt holden sûnt 1965 en is dêrmei – neffens guon – it âldste literêre festival yn Europa.

De skouburch dêr’t wy eltse dei ite is der ien út de Sovjet-tiid: in betonnen kolos mei in enoarme foyer. It spyt my donders, mar ik wurd altyd wat nostalgysk fan it gebou, om’t de setting my sa tinken docht oan myn ekskurzje op de middelbere skoalle nei West-Berlyn (yn 1987). In fiifdaagse reis fol klassike yngrediïnten: earst in ûnwennige, mar letter leuke groep, keet by de fleet, stikem drinke en fierders lol yn de bus. Hichtepunt wie in ekskurzje nei East-…

Ik soe sizze: ful mar yn. Tsjintwurdich kin eltse gelegenheid net mear sûnder in mega-televyzje mei lûde muzyk. Ik liet my moandei dus in pantsje earpels, griente en fleis opskeppe troch de Russyske kokkin en doe’t ik sitten gie, seach ik streekrjocht yn de eagen fan Nikita, it famke fan Elton John. Dêrnei folgen troch I knew you were waiting (troch A. Franklin en G. Michael), I wanna dance with somebody (fan W. Houston) folge troch The power of love fan H. Lewis and… koartsein: ful mar yn.

 

Foto: Dit skilderij hinget boppe myn bêd. It is net makke troch V. van Gogh.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.