Krol yn Riga (3)

JAAP KROL – 

Neffens Nederlânske mjitten wurdt it al aardich winter yn Riga. De temperatuer sakket nachts nei tusken de fiif en tsien graden ûnder nul en oerdeis komt er net heger as fiif (miskien seis). As it winter is, lykje de auto’s hurder te gean en rinne de minsken hurder oer de stoepe, as jaget de barre, barre kjeld se fuort nei hûs.

Sa ha ik it graach, mar safier is it noch lang net. Eins is it hiel gewoan Nederlânsk winterwaar, mei moarns wat ryp op de ruten, middeis in stevige bui en jûns in inkel snieflokje. Wol is it om fjouwer oere hinne tsjuster, wat ik hiel bysûnder fyn. In stêd is op syn moaist as it tsjusteret en skimeret, as de oriëntaasje in bytsje weirekket en en alles wat besmodze is. Fuort mei dy ellindige simmerterrassen, lang libje it lantearnljocht!

De middeisesje bestie út in presentaasje fan de groep-Orbita, in groep Lets-Russyske dichters, dy’t wurkje mei soundsamples, fisuele effekten en ôftanke elektryske apparaten. Ik begrypte fansels neat fan de taal, fan de poësy, mar – ik jou ta, in freeslike deadwaner – moai wie it al. Ungrypber ek, sjoen it multi-dimensionale karakter fan de performances. Mar miskien fûn ik it ek wol moai om’t it sêfte stimlûd fan de dichters en harren ivige selsspot, yn kombinaasje mei it dochs wat muoisume Ingelsk. Nijsgjirrich? Surf nei www.orbita.lv of oars YouTube.

Ik hie dêrnei in grut drinkgelach ferwachte, mar it bleau rêstich. Oan de yttafel spruts ik mei ien fan de dichters, in beskeiden, hast timide man, dy’t yn it deistich libben moadefotograaf (!) is. It gie oer de flecht fan syn âlden út St. Petersburch nei Riga oan it begjin fan de jierren njoggentich. Hûs en hurd, dat wurk. Hy fertelde ek oer in kameraat fan him dy’t yn Nederlân wenne. ‘Where they find the gas.’ Huh? tocht ik. ‘Maybe he lives just by me around the corner,’ sei ik yn myn perfekte Ingelsk.

 

Underskrift foto: Dit is it dressoir fan myn hotelkeamer. Ik kin bygelyks tee sette. Dy ûnderbroek is skjin.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.