Krol yn Riga (2)

Publisearre op 4 december 2013

JAAP KROL – 

Eltse moarn stek ik de drokke strjitte oer om in moarnsbrochje te iten by in bakkerij. Dêrnei wurde wy ophelle en sitte wy om in grutte tafel yn it gebou fan de Latvian Writers Union. De sesje fan sneon bestiet foaral út it yn de kunde komme mei. As jo jo belestingjild altyd kreas op tiid betelje (lykas my) tinke jo miskien: se wiene juster ek al mei inoar yn de kunde kommen, dat werom no wer? Krol, rap werom komme en oan it wurk.

Ik soe dat ek tinke, tink ik. Mar ek ik moast hjoed as earste fan it rûntsje in serieus praatsje hâlde oer wat ik doch en hoe dat fierder moat. Ik fertelde dus dapper in ein wei en doe’t ik klear wie fielde ik my earst isolearre, allinnich en besjoen, doe feromme, gelokkich en bliid.

It rûntsje gie dêrnei ûngefear sa. It koe ynearsten net oars gean as oer skriuwen yn de kontekst fan nasjonalisme, fassisme, kommunisme en it totalitaire sosjalisme. Mar alle dielnimmers fertelden ek oer de foldwaning fan it skriuwproses en de ellinde as it klear is – it bliuwt ommers neat en fierders wurdt it noait mear wat. Dêrneist blykt dat eltse literaire scene in gleon broeinêst is, fol konflikten, freontsjes fan freontsjes en rankune.

Ha! tocht ik. Wêr kin ik dat allegear fan? It wie tiid om in buorrel te drinken. Op de tafel kamen in flesse Black Balsem (in Letske bessendrank fan 45%), selsmakke Hruškovica (sels makke likeur fan par út Slowakije), klassieke sherry út Katalonië en âld-Hollânske jenever fan Harteveld – gjin sint tefolle fansels. Us waard lykwols op it hert drukt soarch te dragen foar ús nasjonale drank. Moarn hawwe in groep Let-Russyske dichters in sesje yn it gebou fan de Latvian Writers Union in sesje. Nei it skynt drinke se alles leech wat los en fêst sit.

 

Underskrift: Dit is de kast fan myn hotelkeamer. Ik ha der in blauwe jas yn hongen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels