fotografy: Rynk Bosma, Links Anna en rjochts Ivan

Krang is benammen moai fan foarm

RYNK BOSMA –

It teaterselsskip Sult is delstrutsen yn Nijhuzum, in plakje oan ‘e Flakke Brek en oant en mei 26 septimber is alles ynrjochte foar de foarstelling Krang. It is in lokaasjefoarstelling en de taskôgers moatte it hiele doarp troch om it libben en de sydtakken fan it libben fan Ivan Andringa en syn frou Anna te folgjen. Dat bart yn twa groepen en oan de ein sitte alle minsken by elkoar om te sjen hoe’t it ôfrint.

It binne faak de lytsen dingen dy’t it ôf meitsje en dat is Sult wol tafertroud. Nim de glinsterjende lytse wynmûnen yn it stikje lân yn it ‘sintrum’ fan Nijhuzum of de parkearde auto’s lâns de dyk mei in heal iepen rút, de klanken fan Jimi Hendrix en Bob Dylan syn The Times They Are A-Changing binne te hearren fia de autoradio’s.

En dy tiden lykje te feroarjen yn de foarstelling. Der wurdt in barte lein tusken de tiid dat Anton Tsjechov (1860-1904) syn earste toanielstik skreau yn 1887 en de tiid fan no. De driging fan in lânskip mei allegearre wynmûnen, op in diel fan de tocht wiist in ‘gids’ op de reade ljochtsjes yn de fierte, it skaaimerk fan de nije reuzen dy’t oeral yn it lânskip foaral jild opbringe moatte.

Dat fynt Ivan Andringa, ek de namme is in krusing tusken no en doe, ek as hy plannen hat om Nijhuzum fol te plantsjen mei dy dingen, in lêste rêding foar syn ôfnimmende sake-imperium fol skulden. De rezjy is yn hannen fan Romke Gabe Draaijer en hy hat tegearre mei Ytsje Hettinga it stik fan Tsjechov bewurke. Hettinga hat it oerset en as âld frouwtsje dangelt sy de hiele foarstelling mei op de eftergrûn.

Ferwende mannen binne it, lefferts dy’t oan de ankels ta yn de beerenburch steane en harren sels sintraal stelle yn in wrâld sûnder spegels.

Mar Tsjechov soe Tsjechov net wêze as hy de minske net sintraal stelle soe en dat bart no ek. Benammen de mannen lykje sa út it Ruslân fan de njoggentjinte iuw wei stapt te wêzen. Neffens de skriuwer Michel Krielaars dy’t it boek ‘Het brilletje van Tsjechov’ skreaun hat, is de skriuwer Tsjechov noch altiten in betroubere gids om it Ruslân fan Poetin goed te begripen.

Yn fiif bedriuwen wurdt yn elts gefal ien ding dúdlik, hast alle mannen dy’t yn it ferhaal spylje binne lapswanzen. Ferwende mannen binne it, lefferts dy’t oan de ankels ta yn de beerenburch steane en harren sels sintraal stelle yn in wrâld sûnder spegels. Haadrolspiler Ivan tinkt allinne oan him sels en it jild, hy wol fan syn sike Anna ôf dy’t ek noch besoademitere wurdt. ‘De roazen sille alle maitiden wer bloeie mar de wille is der ôf’, sa seit sy op in stuit.

Ek omke Hindrik is eins gjin knip foar de noas wurdich, hy fersûpt hast yn selsmeilijen en in leech selsbyld. De ‘hege’ hearen en dames, lykas dokters en abbekaten ha it allegearre dien. En as de froulike dokter as iennige soarch hat foar de deasike Anna dan is kweapraat har lean: ‘In lesbise dokter op besite, is dat in homeopatise wize fan better wurde?’

Wat dat oanbelanget komme de froulju der better ôf, útsein dan Sjouwkje Looijenga-de Vries, de jildeasker en in kring. No moat dat ek wol mei in man as Piter dy’t mei alle winen meiwaait. Ferantwurdelik wêze foar de saken fan it libben, dat is de froulju better tafertroud as de mannen yn it ferhaal.
Dêrom giet ek alle sympaty nei de froulju yn in foarstelling dy’t wat oan de lange kant is. It hie wol wat koarter troch de bocht kinnen. Ek de barte tusken it hjoed fan de wynmûnen en it juster fan it minsklik hanneljen rekket wat wei.

Oan de oare kant is de foarmjouwing sa moai dat je by in koartere foarstelling ek wer in soad misse soenen. Bygelyks it lêste bedriuw tsjinoer it tsjerkje, as alles nei de ein rint. It tsjerkje stiet as in stiennen tsjûge yn de midden, in moai symboal fan minsklik leauwen yn in bettere wrâld mei help fan hegere machten. En just dy dreamen komme net út en dat makket it allinnich mar moaier want tichter by it deistich libben.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.