Kostlike keunst foar bern

DOUWE KOOTSTRA – 

Yn it basisûnderwiis dogge de bern hast neat oars mear as taal en rekkenjen. Dat kinne wy ommers sa moai mjitte en toetse. Romte foar sjongen, muzyk, keunst en eigen kreativiteit is der amper. In soarglike ûntjouwing; der sille yn de takomst grif fragen oer steld wurde oan de minister as sa’n ‘verontrust’ iendeismichkeamerlid op in jierdeibesite heart dat pukky fan de buorlju op skoalle yn gjin twa jier muzyk hân hat.

 

It binne allegear fantasyferhalen of -gedichten dy’t passe by grutte en lytse keunstwurken en gebouwen yn it sintrum fan ús altyd ferrassende haadstêd.

 

Mar lykas doe begjint ek no alles noch by de learkrêft. Of by heit en mem. As juf of de âlden in bytsje idee ha by ien fan de boppe neamde terreinen dan is der noch in kromke hoop. Stel, se komme ris yn in boekhannel en rinne dêr tsjin de wûndermoaie útjefte Het meisje met de rode paraplu oan mei as ûndertitel en andere verhalen bij kunst in Leeuwarden.

As juf de tiid krijt, nee, se moat de tiid nímme – ik dream no mar even wat foar my út – kin se mei har groep learlingen in ûnferjitlike kuiertocht meitsje troch Ljouwert. Lykwols moat se dan earst yn ’e rin fan it skoaljier de 22 ferhalen foarlêze út dit prachtboek. It binne allegear fantasyferhalen of -gedichten dy’t passe by grutte en lytse keunstwurken en gebouwen yn it sintrum fan ús altyd ferrassende haadstêd.

Sa leit Harm de Jonge ús yn it grappige ferhaal Het geluk van de kleibijters út dat it skeef stean fan de Aldehou komt troch it ûnderierdske gewrot fan de moleftigen Orke en Urbe. Mindert Wijnstra lit op de stjerdei fan keninginne Wilhelmina twa kweajonges los op de appeltsjes fan de oranjebeam boppe de eastlike yngong fan de Grutte Tsjerke. De trije Fryske en njoggentjin Nederlânsktalige teksten sille bern bot oansprekke. Neat gjin didaktys ferantwurde blabla-útlizzerij oer keunst, mar spannende, fleurige, grappige en soms oandwaanlike nonfiksje-teksten.

Njonken de al neamde auteurs ha ek Lida Dijkstra, Marian de Smet en Edward van de Vendel harren ynspirearje litten troch bijgelyks Us mem, de âlde frachtboat Stânfries X, de gevelreclame foar Jasper’s ochtendvoeder, de muzykkoepel yn de prinsetún, de reade paraplu yn de fiver fan it Julianapark, de tongergod op it dak fan it Fryslânhûs en de iisbear yn de gevel fan de Nijstêd 121.

Roelof van der Schans hat de ferhalen kostlik yllustrearre. Fakwurk! Achter yn it boek stiet in nûmere plattegrûn oanfolle mei foto’s en in koarte beskriuwing fan de objekten. Juf, heit of mem kinne daliks mar los.

Dizze boppeslach is makke yn opdracht fan de Ljouwter Histoaryske Feriening Aed Levwerd en mei útjûn troch Wijdemeer. Alle partijen (ek drukkerij Douma út Dokkum) fertsjinje in grut komplimint. No is ’t noch de keunst en krij dit topprodukt by de konsumint.

 

Het meisje met de rode paraplu en andere verhalen bij kunst in Leeuwarden. Utjouwerij Wijdemeer, 2015. 56 siden, €19,50

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.