Komponist Cees Bijlstra

Publisearre op 1 november 2002

MARITA DE JONG –

‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’   

In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) út Grou syn metier. Syn filmmuzyk stie op snein 29 septimber 2002 sintraal yn in konsert yn de Stadsschouwburg yn Utert. Dat barde op fersyk fan regisseur Pieter Verhoeff, mei wa’t Bijlstra al jierren gearwurket. Hy komponearre de muzyk foar films as De Dream, De Vuurtoren en Nynke. Dêrneist hat Bijlstra ek jierren wurke mei Rients Gratema en in soad muzyk skreaun foar it kabaret fan Leny en Leo Dykstra en foar foarstellingen fan Tryater. De komposysjes foar de film binne wierskynlik in opmaat nei frij wurk. Want sa seit Bijlstra: ‘Deryn ûntdek ik ûnferwachte kanten yn mysels.’

Bijlstra wit noch dat de earste film dêr’t er de muzyk foar skreau Friese Fragmenten hjitte. ‘It wie eins in bedriuwsfilm, fol mei sponsoring. De muzyk moast tsjinjend wêze. Dat wie ek yn de gearwurking mei Rients Gratama it gefal. Mei him ha ik tsien jier wurke. Ik skreau de muzyk by syn teksten. Teksten binne primêr en it wie de keunst de wurden fan in lied goed útkomme te litten. De komposysjes stiene hast nea op harsels. By Tryater wie dat ek it gefal. De muzyk wie ferbûn mei de foarstelling.’

De gearwurking mei Verhoeff is in 1985 begûn. De Dream wie de earste film dy’ se tegearre makken. De relaasje is yntinsyf. Dat is foar Bijlstra in needsaak. Hy wol fan it begjin ôf ‘feeling’ hawwe mei de film.

De latte heech

‘Earst prate we oer de ynhâldlike kant. Pieter seurt en ik seur. Hoe’t it wurde moat, wat de mentaliteit fan de film is. Hoe’t de minsken libben yn dy tiid. Alle psychologyske en sosjale fasetten wurde besprutsen yn lange praatsessy’s. Eftergrûnen, fout en goed, hoe stekke de karakters yn inoar? Pieter komt dan alle wiken mei de trein nei Grou. We lizze de latte heech en fersterkje elkoar. Ik wol net op in oare wize wurkje.’

‘Dêrom wurd ik soms kjel fan útspraken fan ús deputearre fan kultuer, Bertus Mulder. Dat hy ‘ús’ Baas boppe Baas en ‘ús’ Nynke op ien heap goait as soe it itselde wêze. Hy seit dat mei in aplomb dat my fernuvert. Hy lûkt it yn de taalpolitike striid. En wat boppe de streep allegear bart skynt him net te ynteressearjen: politisy moatte mei kennis fan saken prate of har stil hâlde. Sokke útspraken binne dochs in brevet fan ûnfermogen. Dy produksjes binne ‘worlds apart’ qua foarmjouwing en qua ûntwikkeling. Pieter en ik binnen oardel jier dwaande, we hawwe it ergens oer. Te min jild mei noait in ekskús wêze. ‘Ziek, zwak en misselijk’ jildt nea. As jo in idee ha en der is gjin jild… forget it.

‘Uteinlik makket Pieter fan it ferhaal in skript. Dat liket altyd in tikje oerflakkiger as it efterlizzende idee, mar der sitte noch in protte lagen ûnder. Hy hat altyd wat te sizzen. Oer minsken of oer skiednis bygelyks. It aardige fan Pieter is dat er altyd ta it lêst ta oan it feroarjen bliuwt. Oant it momint dat de film op slot moat, is er der mei dwaande. Dêr hâld ik rekken mei. Want soe ik dat net dwaan, dan kin ik hyltyd wer de muzyk oanpasse, omdat der wer trije sekonden út in sêne ferdwûn binne. Mar fan it begjin oan it ein is er nettsjinsteande dy feroarings in konsistite line.

‘As it earste skript der is, meitsje ik altyd al in soarte fan tema. Dat lis ik in heal jier oan ’e kant, mar faak kom ik dêr op wêrom. Ik begjin de kontoeren te ferkennen. Wat binne de mooglikheden? Hoe fier kin ik gean? De tuskensênes liede wolris ôf fan de grutte line mar úteinlik bin en bliuw ik de iennichste ferbining. Guon sênes kinne my tige helpe. Snie en kjeld bygelyks grypt nei in laach dy’t ergens binnen yn my sit. Soms kinne dramatyske foarfallen yn it persoanlike libben wat yn gong sette. Sa is it leitmotiv fan Nynke ûntstien.

As de muzyk prachtich is en de film is neat, dan bin ik ûntefreden.

Einprodukt it wichtichst

‘Komponearje is in wûnderlik proses. It romantyske idee om te wachtsjen op ynspiraasje giet foar mij net op. Ik moat my der ta sette. Ik gean by wize fan sprekken njoggen oere sitten en dan bin ik bliid dat ik om seis oere jûns ien goeie maat makke ha. Mar it komt ek foar dat ik in kertier in tema skriuw.

‘As de film op slot sit begjin ik mei arranzjearjen. Yn Praag sit in orkest dat spesjalisearre is yn it spyljen fan filmmuzyk. We gean der in dei as fjouwer hinne om de muzyk op te nimmen. Dat is in hiel aventoer. Dan makket Harry Zwerver fan dy bân in miks en dy giet dan nei Pieter. Op dat stuit lit ik it los, jou ik it út hannen. Dy faze is hiel bepalend. Der kinne noch stikken sneuvelje. By in film fan produsint Rob Houwer is it wolris bard dat it haadtema op it lêste momint feroare is. De komponist hie in adagio fan Gustav Mahler brukt, as in soarte fan earbetoan. De produsint hat doe bepaald dat dat dan mar in haadtema fan de film wurde moast. Soks soe by Pieter net barre.

‘De premjêre fan Nynke yn Ljouwert wie in drama. It lûd wie net goed. Dan giest dea. Yn De Bios krige de film in twadde kâns, mar ek doe gie it mis. De film rûn twa byldsjes te hurd. Ik ha Nynke foar it earst hielendal goed sjoen op it filmfestival yn Emden. Prachtige projeksje, moai lûd. Ik sjoch by it einresultaat nei it totaal. Kloppet de film ‘as totaal’? Dêr giet it om. It einprodukt is it wichtichste. As de muzyk prachtich is en de film is neat, dan bin ik ûntefreden.

Grutte besetting

‘Ik fûn it hiel earfol dat Pieter myn muzyk op it Nederlands Film Festival yn Utert útfiere litte woe, mar ik ha der wol efkes oer nei tinke moatten. Ik hecht oer it generaal net sa oan dy dingen. Mar dochs, in grut orkest is machtich fansels. Ik hie wol myn twifels. Is sa’n konsert net te pretinsjeus? Is it net tefolle fan itselde? In soad filmmuzyk is bûn oan de sêne. It binne soms mar stikjes fan tolve sekonden. Ha die stikken besteansrjocht of tsjinje se allinnich as ferbining of as eftergrûn? Bliuwt der genôch fan oer?

‘Mei die fragen ha ik in wike omrûn. Doe ha ik de knoop trochhakke en ‘ja’ sein. En dat ha ’k witten. Want der moast hiel wat barre. Tachtich presint fan de stikken moast gewoan oer. Dat is dreech, want mei sommige komposysjes wie ik klear. Dy sieten al yn it argyf. No moast ik wer troch dy ‘âlde troep’ hinne. It wie in projekt fan in heal jier, dat yn trije moanne ôf moast.

‘Bykommend probleem wie dat ik altyd skreaun ha foar lytse besettingen. It muzykbudzjet foar de Nederlânske film is altyd te leech. De muzyk fan De Vuurtoren bygelyks is foar in grut part útfierd op syntesizer. Ik ha in diel fan myn fakânsje yn Italië opoffere om stikken op ’e nei te arranzjearjen.

‘Under de repetysjes sei dirigint Jurre Haanstra dat myn komposysjes wol hiel yntrovert binne. Dat is ek sa. Ik skriuw net sa maklik in fleurich wyske. Yn Zomergasten sei de skriuwster Anna Enquist dat allinnich stadige muzyk mar moai is. Yn dy útspraak koe ik my hiel goed fine.

‘Lêsten sei ien tsjin my dat my muzyk harmonisch atonaal is. Dêr bin ik it wol mei iens. De earste melody kloppet wol mar de laach dêrûnder net. ‘Kijk maar, er staat niet wat er staat.’ Nei in stikmannich maten moat de muzyk kantelje. Je moatte de minsken tagelyk oan de line hâlde en ferrasse en net befêstigje yn wat se dochs al witte: Dat is keunst. Mar dat bin saken dy ik net bewust doch.

‘Faak diktearret de sfear fan de film de muzyk. Soe ’k no foar in film mei in eigentiidsk tema muzyk meitsje moatte, dan soe ’k my miskien ynspirearje litte troch de New York scene fan rappers. Fan de meast avant-gardistyske rapper kin ik genietsje. Doe’t de house opkaam, ha ik sein dat dy muzyk in wiksel op de takomst wêze soe. Freonen fan my soan ferklearren my foar gek. Der barre altyd ynteressante dingen, mar der is fansels ek in protte rotsoai. Der is altyd wol wat te finen wat my boeit. Dat ha ik myn hiele libben hân. Muzyk hat foar my altyd bepalend west.

Ik skriuw net sa maklik in fleurich wyske.

Gjin remmingen

Ik sjoch yn myn wurk in konstante ûntwikkeling. As komponist ha ik natuerlik twifels mar myn betrouwen yn mysels is grut. Ik bin net bang dat de boarne opdroeget. It slagget altyd. De iene kear wat better dan de oare, mar altyd mei it beste wat ik op dat stuit yn hûs ha.

De Dream hat miskien wol in oefening west foar Nynke. By Nynke ha ’k foar it earst in foarm fûn om de ynhâldlikheid net hielendal op te offerjen. It is my foar it earst slagge dat de muzyk ek los fan de film oerein bliuwt. Dat wie noait in doel op sich. It blykt gewoan sa te wêzen. Wat dat oanbelanget bin ik noch lang net útleart. It begjint allegear pas.

‘Ik bin no foar mysels dwaande. Dat is folstrekt wat oars as yn opdracht wurkje. Under dy tsjinjende laach sitte in protte oare dingen. Ik moat yn dy frije komposysjes noch wol dissiplinearrre wêze, yn de sin fan wurkje út in konsistinte line wei, mar der is gjin kader, der binne gjin remmingen. Der komme dingen boppe dy’t ‘onvermoed’ wiene. Ik hie dat folle earder dwaan moatten.’

 

 

Earder ferskynd yn de Moanne 1 (2002) 2 (novimber), s. 30-32.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels