fotografy: Piet Douma

De koarte wei nei Lange Prins

RYNK BOSMA – 

Weidum In jier nei’t Janneke de Boer har debút makke mei Rôversguod wie it op snein 24 septimber yn Weidum tiid foar har twadde boek dat de namme Stikel meikrige. In printeboek geskikt foar de ûnderbou, proaza en poëzij dy’t mei yllustraasjes mei elkoar ferbûn wurde. Bepaald net oerstallich, sa sei Feikje Toering fan ûnderwiisorganisaasje De Gearhing, want der binne fierstente min technyske lêsboekjes foar de ûnderbou. “It giet om lêskilometers meitsje en de bern fan groep 3 en 4 kinne sa gjin lêskilometers meitsje, de begjinnende lêzer sil mear lêsfoer ha moatte.”

Toering hat sels Janneke de Boer noch yn de klas hân as famke en dat makket it dochs wol bysûnder. Yn de beukerklas fan 1986/87 en Toering wit noch: “Janneke hie dan in reade bûsdûk om ‘e holle as sy pine ’t ear hie.”

Utjouwer Eddy van der Noord fan Utjouwerij Louise fan Grou ken De Boer fansels as skriuwster fan Rôversguod. Hij wit noch hoe’t it gong mei Stikel yn augustus 2016. It wie noch foar de presentaasje fan Rôversguod dat De Boer tsjin Van der Noord sei ‘Ik ha noch in ferhaal’.

Rôversguod is ornearre foar de middenbou en slacht eins op spekjes. De geast fan it earste boek wie oanwêzich want wêr’t je snein ek seagen, oeral stienen mieren mei spekjes, ree om plukt te wurden. It boek waard ek noch as in lytse musical opfierd troch it Weidumer korps Harmonie mei meiwurking fan ûnder oare Wybo Smids. Opfolger Stikel en it koartste paad nei Lange Prins bestiet út tolve ferhaaltsjes en de tekeningen binne makke troch De Boer. In hiel oare doelgroep fan in skriuwster dy’t begûn mei in skriuwerskursus by Tresoar, jûn troch Lyda Dijkstra.

Wieke de Haan hat de tekstkorreksje dien en is tige op it skik mei De Boer: “Wy meie bliid wêze mei de jonge skriuwerstalinten.” De tekeningen hat De Boer ek dien wylst sy sels seit fan ‘Ik bin net in tekener’. It bysûndere oan it boek is dat de bern sels ek oan ‘e bak kinne mei de kleuren. De foar en de efterkant binne ynkleure troch dochter Siske Douma fan freon Piet Douma. It earste eksimplaar wie dis kear foar mem Saakje dy’t hast noch blider wie mei dat nije wurd blebberbei as mei it boek.

Heit Doekele wie al oan bar west by it earste boek Rôversguod, dus it bliuwt ôfwachtsjen wa’t it earste eksimplaar fan it tredde boek krijt. Janneke begûn mei Stikel yn desimber 2016 en yn juny 2017 wie it ree, de koarte wei nei Lange Prins kinne je sizze. En sa makket Janneke it motto wier fan it boek fan Ben Tiggelaar dat sy kado krige fan Feikje Toering: ‘Dromen Durven Doen’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.