Koart, mar sûnder oertsjûging

SIGRID KINGMA – 

Yn maaie 2016 kaam fan teolooch Wytze Brandsma de dichtbondel God is het antwoord niet/God is it antwurd net út. Op it kaft stiet in foto dy’t net misstean soe op in fytsgids fan Fryslân; weidzjende kij ûnder in licht bewolke loft. Yn dit boekje dat fjirtich twatalige gedichten telt, fertolket Brandsma syn fisy oer it leauwen yn dichtfoarm. De bibel wurdt op de hak nommen, mar de bondel hat tagelyk in bibelske opbou, te begjinnen mei de skepping. It binne gedichten mei hiele koarte rigels dy’t faak mar út ien frase of inkelde wurden bestean. Yn it earste diel binne se mei gebrûk fan bibelske teksten gearstald, lykas it gedicht ‘Skepping (b)’, de twadde út in searje fan trije: ‘God seach/dat it/goed wie/want/úteinlik/wurdt alles/ta stof’

Der sit in soarte skepsis yn dy’t je faker sjogge by minsken dy’t ôfstân dogge fan it geloof dêr’t se mei grutbrocht wurde. Dat begjint hiel konkreet mei de útlis fan de bibeltekst en de logika dy’t der achter sit. Dy logika is neffens Brandsma fier te sykjen. Dat yllustrearret it gedicht ‘Jezus’ mei: ‘yn Syn/net te mjitten/wiisheid/stjoerde Hy/Syn Soan/wat yndied/alle ferstân/te boppe giet.’ As lêzer kinne je fraachtekens sette by de miening fan Brandsma dy’t er sa stellich as feit delset. (Ynhâldlik soenen je like maklik redeneare kinne út it feit wei dat adolesinten faak de measte feroaringen yn gong sette. As je wat feroarje wolle, dan is it net sa gek om in jongkearel te stjoeren. In soan leit dan krekt foar de hân om’t dat eigen is.) Yn alle gefallen set it oan ta neitinken.

Poëtysk sjoen sit der net safolle byt oan de puntdichten, ôfsjoen fan de minimalistyske oanpak dy’t yn in kundige útfiering treffend wêze kin. Inkelde gedichten binne foarsjoen fan in rymwurdsje, mar yn de oersetting falt de rym fuort, lykas yn ‘Desyllúzje’: ‘it Wurd/brûkt/mei macht/wurdt gauris/ferkrêfte’. De poëtyske wearde is hjir ek minder wichtich as it boadskip. De Fryske oersetting fan de dichter sels, mei help fan Jan Wouda is wikseljend. Ut en troch frij oerset, dan wer wurdlik, dan wer yn wurdboektaal, dan wer yn sprektaal, mei hjir en dêr in skriuwflater.

Brandsma siket nei in nije identiteit en wol op in oare manier neitinke oer hoe’t de wrâld yn inoar sit. Hy sit yn de pasifistyske hoeke en pleitet foar ‘meiminsklikens/frede/en/rjochtfeardigens’. As er God healwei de bondel oan kant skood hat, wurde de gedichten wat langer, mar de rigels bliuwe koart. Mear libbensbeskôgjende gedichten folgje mei de titels ‘Ynlibje’, ‘Selsfertrouwen’, ‘Ferfrjemding’ en ‘Ûnwissichheid’. It gedicht ‘Ynlibje’ jout in goed byld fan it soarte gedichten: ‘troch/empaty/wurdt/antipaty/ta/sympaty//troch/harkjen/mei/elts/der wêze’. Wer kinst dy as lêzer ôffreegje oft it yndie sa wurket. De oertinkingen yn dizze bondel binne net fernijend, en net selden diskutabel. Yn in kertier bist der trochhinne. Dan ha ik leaver in fytsgids.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.