Koarkjebreidzje

Publisearre op 24 februari 2014

KAREN BIES – 

Wat soe ik graach goed hantwurkje kinne. Sels klean meitsje en mysels rêde yn tiden fan krisis. De naaimasine betsjinje as wie ’t in auto, gewoan de foet op it pedaal en gasjaan mar. Sokken breidzje, dat ik fan myn beppe leard ha en myn eigen dochter foardwaan soe, sadat dat ambacht, mei troch my, noch generaasjes lang oerlibje soe.

Mar nee.

Juffrou Zijlstra kaam alle freedtemiddeis mei lijn 95 fan de Jouwer, om by ús op skoalle de famkes hantwurkles te jaan. Wy hellen har op fan de bushalte; sy helle myn stek op, as ik wer ris ien falle litten hie fan myn oranje ribbellapke dat oait in beurske wurde moast.

It probleem by it breidzjen wie dat ik de tried altyd fierste hurd oanluts. De stekken glieden dêrtroch net maklik fan de priem ôf, ik moast se der ôfskuorre. Nei fjouwer wike wie it beurske lang om let klear. It koe hast rjochtop stean, sa switterich en stiif wie it.

Myn bêste freondintsje Geartsje koe goed hantwurkje. Sy hoegde net faak nei juffrou Zijlstra. Geartsje hie har beurske mei in wike al ôf. Geef, lekker los en gelyk breide, sûnder gatten.

It waard Sinteklaas. Alle famkes fan de klasse krigen itselde kadootsje: in punnikset. Koarkjebreidzje. In houten popke mei in gat yn syn ûnderein. Op syn huodsje fjouwer spikerkes en blau, read en grien jern derby. It mantsje lake nei my. As woe it sizze: toe mar hear!

Dat die ik dus, sa gau as ik thúskaam. Us mem holp my tusken it itensieden troch. Mar ik die itselde ferkeard as by it gewoane breidzjen. Ik luts de tried te strak oan, sadat ik him amper oer de spikerkes krige. It swit stie my al gau wer yn ’e hannen. De jûns koarkbreide ik stoef troch, oant ik op bêd moast. Ut it popke syn gat kaam al in stiif blau-read koardsje fan tsien, nee, hast wol fyftjin sintimeter! Ik moast noch sjen dat Geartsje like fier wie as ik. Yn myn dreamen seach ik allinnich mar it gnizen fan it houten mantsje.

De oare deis kaam ik op skoalle. Fansels hiene alle famkes har nije skat, it punnikpopke, meinaam. Geartsje ek. De meterslange tried dy’t út har koarkje kaam, hie se, as wie it in lasso, twa kear om ’e hals slein.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]