Knosbien

HENK WOLF – 

Wat yn it Nederlânsk ‘kraakbeen’ hyt, kin ik yn it Frysk as ‘knosbien’, mei de o-klank fan ‘hok’. Ta myn ferwûndering stiet it net yn myn wurdboeken. Dy jouwe ‘kreakbien’, ‘krasbien’ en ‘knarsbien’. Ik frege my ôf wêr’t myn foarm weikomt en hoe’t ik him skriuwe moast.

 

Ik bin wol benijd nei de oare foarmen dy’t yn it Frysk foarkomme. Soenen Frysktalige lêzers yn de reaksjes oanjaan wolle hoe’t sy ‘kraakbeen’ yn it Frysk neame en wêr’t se wei komme?

 

Earst tocht ik dat it ‘knosbien’ mooglik ûntstien wie út ‘knarsbien’. De ‘r’ dêryn wurdt net útsprutsen. En de klank a feroaret foar in s meastal yn in o-klank (tink oan de útspraak fan ‘klas(se)’, ’tas’ ensfh.). Yn dat gefal soe ‘knarsbien’ of ‘knasbien’ in logyske skriuwwize wêze.

Doe kaam ik lykwols yn âlde wurdboeken de foarm ‘knorspbeen’ tsjin. Dy waard yn ‘e 16e-ieuske Nederlânsk brûkt, neist ‘knorspelbeen’, ‘knorpel’ en oare foarmen dy’t dêrop lykje. Dy wurden binne allegear ôflaat fan in wurd dat besibbe is oan ‘knobbel’ en ek soks betsjut. As men betinkt dat de measte nammen fan ynterne lichemsdielen fanâlds allinne bekend wienen fan slachtbisten, is dat net sa nuver: knosbien wie fansels as knobbels yn it fleis te finen.

Mooglik hat ‘knosbien’ dan ek neat mei ‘knarse’ of ‘kreakje’ te krijen, mar is it in heel oar wurd, dat tafallich in bytsje op ‘knarse’ liket. Mooglik is it ek besibbe oan ‘Knorpel’, it Dútske wurd foar knosbien. Op dit stuit liket my dat it meast foar de hân lizzend ta. Dêrom kies ik ynearsten mar foar de skriuwwize ‘knosbien’.

Ik bin wol benijd nei de oare foarmen dy’t yn it Frysk foarkomme. Soenen Frysktalige lêzers yn de reaksjes oanjaan wolle hoe’t sy ‘kraakbeen’ yn it Frysk neame en wêr’t se wei komme?

Comments
6 reaksjes oan “Knosbien”
  1. Lida Dykstra schreef:

    Us heit sei ‘knars’ (sûnder bien). Us folk wenne yn Langsweagen, mar de foarâlden fan heites kant kamen út Boarn.

  2. Elske Schotanus schreef:

    Oan de (sop)bonke sit knars, yn it fleis stikjes sine.

  3. Jarich Hoekstra schreef:

    Fan thús (westlike Klaai) ken ik ‘krasbien’. ‘Krasbien’ en ‘knarsbien’ (‘kreakbien’ is oerset Hollânsk) binne grif folksetymologysk út sokssawat as ‘knosbien’ ûntstien (wêr waard/wurdt dat sein?). Foar ‘knos-‘ hoechst net werom nei sokssawat as ‘knorps-‘. Yn it Middelnederlânsk bestie der bygelyks in wurd ‘cnoes’ (ek: ‘ghecnoes’) dat ‘krasbien’ betsjut en yn it Middelleechdútsk hiet krasbien ‘knoster’ (mei lange o).

    ‘Krasbien’, ‘knarsbien’ en ‘knosbien’ binne nei alle gedachten net de âldste wurden foar it oanbelangjende begryp yn it Frysk. Dat is sûnder mis it algemien Ingelsk-Fryske wurd ‘gristel’ (Aldfrysk ‘gristel’, ‘grestel’, Ingelsk ‘gristle’, Noardfrysk/Fering-Öömrang ‘grasel’ (út gristel)). Yn it hjoeddeiske Frysk bestiet ‘gristel’ lykwols allinnich mar mear yn ‘gjin gristel/grissel/gritsel’ dat ‘neat’ bestjut. Fan ‘e oarspronklike betsjutting is dus letterlik ‘neat’ oerbleaun.

  4. Henk schreef:

    Nijsgjirrich! Ik ha ‘knosbien’ fan de famylje fan memmekant, dat binne allegear Holwerters.
    Ik sjoch yn it Middelnederlânsk allegear foarmen mei in [n], [s] en labiale plosyf op ferskate plakken: ‘crosel’, ‘cnerbel’, ‘cners’, ‘knospelbeen’, ‘krospel’, ‘knerbelbeen’, ‘cnoers’, ‘cnoes’. Hasto in idee fan de etymology?

  5. Jarich Hoekstra schreef:

    Nee, net krekt. It soe oarspronklik om in wurd foar ‘(in soarte fan) bonke’ gean kinne. Der bestiet yn dialektysk Hollânsk ek in wurd ‘knoesel’ foar ‘ankel’ en in soad wurden mei kn- tsjutte wat ‘klompe-eftichs’ oan (knoarre, knobbe(l), knokkel, knotte, knop, knûst…). Mar folksetymologysk sille der ek wol ferbiningen lein wêze mei wurden foar ‘knerse’. Frijwat in tizeboel, dus.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.