Knibbelje yn Húns

ELSKE SCHOTANUS – De lytse kannibaal, Freed, 8 maart doarpshûs de Murdhoun, Húns

In tsjerkje op in terp, it keatsfjild, dêromhinne huzen. Achter sawat alle finsters brâne de ljochten. Sitte de bewenners dan net yn de Murdhoun, it doarpshûs fan Húns/Leons dêr’t toanielferieniging De Takomst De lytse kannibaal bringt? ‘Fansels,’ wit ien fan de besikers te fertellen, ‘allegearre, mar ek hjir moatte hjoeddedei de ljochten op, foar it gefal dat.’

Foar immen dy’t op It Hearrenfean wennet, is it in wûnderlik fenomeen: twa doarpen – ien fan in hûndert, ien fan fiifentweintich ynwenners – dy’t meiinoar in  doarpshûs eksploitearje, der ien merkekommisje op neihâlde, ien keatsferieniging en dy’t it behear hawwe fan in tsjerke, sa’t der fierders noch in mienskiplike webside  is – yn ’e aginda wurde de jierdeis fan  ynwenners meinommen …

Foar in oardiel oer De lytse kannibaal docht dat alles der net ta, wol tekent it de sfear om sa’n doarpsjûn hinne: goed tweintich minsken dy’t by it ta stân kommen fan alwer it twadde stik dat dichter-keunstner én doarpsman Elmar Kuiper skreaun, belutsen binne.

De hurdfytser
Op it lytse spylfjild stiet in racefyts klear, oan it lewant hingje in reklameprint fan Gazelle, in prizekast, yn de finsterbank leit De Hillige Histoarje forteld oan it Fryske Folk fan Ulbe van Houten. In hûn bilet.

Skreau Kuiper yn 2009 foar De Takomst it, sawol yn oanklaaiinge as nei ynhâld, frijwat eksperimintele De fûgels fan Fantasia, diskear giet it ‘gewoan’ om in tragykomeedzje. It ferhaal docht yn syn opset sawol oan in bekend boek as oan in bekende film tinken:

De twalling Sjoerd en Johannes Lautenbach waard grutbrocht yn in húshâlding dêr’t de heit – in slim godstinstige man dy’t yn syn wurk mislearre en thús hearske en oerhearske. Dêrby wie it Sjoerd, de âldste, dy’t allegeduerigen delhelle en leechlein waard, soms sels skopt en slein, in heit-soan ferhâlding dy’t yn ’e fierte wat oan dy yn de roman Knielen op een bed violen fan Jan Siebelink tinken docht. Dêrby waard de lytse Sjoerd – mei fan ynfloed op de ûnderlinge ferhâldingen letter – geregeld foarholden dat er in foarbyld oan Johannes nimme moast dy’t der dan fyntsjes by siet te glimkjen. Tagelyk wie it sa dat Sjoerd de heit syn ‘projekt’ waard: it jonkje moast en soe kampioenhurdfytser wurde, yn in ploech dêr’t syn heit letteroan ek nochris de lieder fan waard. En hurdfytser wurdt er: de prizekast rekket behoarlik fol. Lykwols syn sportive karrêre mislearret jammerdearlik as yn de ‘Ronde fan de Takomst’ – wurdgrapke – in hûn de dyk oer fljocht …

Al dy eleminten dy’t mei elkoar it ferline bepaald hawwe wurde geandewei it stik ferheldere. Op it toaniel begjint it ferhaal as Sjoerd fan eks-freondinne Anastasia te hearren krijt dat syn broer trouwe sil. It feest sels, dat ûnder mear mei de polonêze op ‘O, Irma la Douce, waar is toch je poes’ it komyske elemint yn dizze tragykomeedzje bepaalt, rint út op in konfrontaasje binnen de húshâlding, dêr’t ek Froukje, de frou dêr’t Johannes dan krekt mei troud is, en Anastasia in rol yn spylje. En dy opset – in feest dat in feest wêze moat, mar it perfoarst net is – ropt dan wer oantinkens oan de film Festen fan Thomas Vinterberg op.

De ûnderlinge ferhâldingen yn De lytse kannibaal sitte behoarlik yngewikkeld ynelkoar, want beide bruorren ha wat mei beide froulju hân, der hat boppedat wat tusken de heit en Anastasia west dêr’t Johannes in rol yn spile hie, in saak, dêr’t in oerwinneling fan kaam is … It is justjes téfolle en dêrmei wurdt it drama justjes té folle útspûn.

Wat knap dien is, is it oerbrêgjen fan de tiid. Ferskillende perioaden yn it libben fan haadpersoanen binne fan belang; in trijeslach: In part fan it stik spilet yn Sjoerd en Johannes har bernetiid, in part tidens de fytswedstriid – de Ronde fan de Takomst, tsien jier ferlyn, en in part yn it hjoed: foar, op en krekt nei it houliksfeest. It binne bern dy’t in rol ha yn sênes dêr’t Sjoerd, Johannes en Froukje noch bern yn binne, se oerlaapje de sênes dy’t yn it no spylje. De heit en de mem dy’t, elk foar in doar steande, fertelle oer it ferline, om bar in stap nei foaren dwaand as wienen sy it mantsje en it wyfke yn in waarhúske.

De markante Kees Jongema, dy’t earder ek yn De fûgels fan Fantasia in haadrol hie, blykt knipt foar de rol fan de heit en de trije bern dy’t meidogge, spylje sterk en oandwaanlik tagelyk. Nei ôfrin applaudisearret de iene helte fan de ynwenners fan beide doarpen foar de oare helte. De ferlotting, typysk foar in jûn doarpstoaniel, kin begjinne.

Noch te sjen: 15 maart, 20.00 yn Boksum, sjoch Loftboksum.nl

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.