Klinke mei in healleech en in healfol glês

ARJAN HUT – 

Fyftich jier lyn kaam Sido Martens op de ULO by Piet Kok yn de klasse. Dat wie it begjinpunt fan in muzikale reis troch it libben. In reis mei in knik der yn: fan begjin jierren tachtich oant yn de jierren njoggentich rûn Martens sa hurd mooglik by de muzyk wei. Mar ûntsnappe koe er net, de muze krige him wer by it nekfel. Mei de útjefte ‘Als het klinkt dan klopt het’ (boek + 2 cd’s) fiert de sjonger, gitarist en ferskeskriuwer syn jubileum.

Kok spilet in foarname rol yn it ferhaal fan Martens. Ek hjoed-de-dei liket de bân der noch te wêzen. Op it stuit dat ik de nijste cd fan Sido Martens yn de spiler triuw, attindearret Kok my fia Facebook op it feit dat er yn in nije band sit: The Woodyband. Yn it midden fan de jierren sechstich harkje de beide Ljouwerter jonges tegearre platen en besykje dan sels ek ferskes te meitsjen en te spyljen. Letter sitte se yn groepen as Hello (single’tsje yn 1970) en Farmer’s Union (ek mei Nanne Kalma).

 

Sa’t ‘Zo die klinkt’ hearre lit dat Martens goed yn syn muzikale fel stekt en syn topfoarm fan de lêste jierren trochset, sa is ‘Zo die klonk’ in aardige werjefte fan it wynderjende paad dat hy ôflein hat.

 

In kassettebandsje mei opnames fan Farmer’s Union komt troch dom tafal terjocht by de band Fungus, dy’t in nije gitarist nedich is. Dan begjint foar Martens in nuvere, mar suksesfolle tiid. Hits, ynternasjonale toernees, it hâldt net oer. Nei goed oardel jier – en in soad hinne en wer reizgjen fan Fryslân nei Vlaardingen – hat er syn nocht der ôf, en giet solo. “Ik tocht dat it gewoan sa fierder gean soe, mei hits en optredens”, fertelde er koart foar de presintaasje fan ‘Als het klinkt’. “Mar sa wurke it net.”

Yn 1980 besiket er it nochris, keapet sels in djoere acht spoaren rekorder, nimt in Nederlânsktalige plaat op en giet fol goede moed mei de gitaar op ‘en paad. Foar in optreden op it hiem fan in pleats by Arnhim brekt er. “Ze hadden me mijn slaapplek voor die nacht aangewezen: een aftandse caravan waar de kippen nog in rondscharrelden. Ik raakte in een soort van paniek (…) Ik droop af naar huis. Er kwamen slechte jaren aan.”

Martens giet net al te bot op de matearje yn, it boek is earder in flot oersjoch mei in soad foto’s. Dy foto’s fertelle lykwols in soad. Fan de ûnbekommere, langhierrige Sido dy’t folk en wille makket mei syn freonen, oant de Sido nei Fungus, dy’t siket en allegeduerigen en benammen iensumheid en stress útstrielet. Syn muzykleaze perioade en de weromkear nei it muzikantskip, oer dy tiid giet Martens de skriuwer wat koart om ‘e hoeke.

By it boek sitte twa cd’s. Ien dêrfan hjit ‘Zo die klinkt’ en dat is in album dat fierder giet yn de trant fan syn foarige, in jier earder ferskynde ‘Rodondendrongloria‘. Steatlike, akoestyske ferskes mei poetyske teksten en rake aksinten fan akkordeon (spile troch Jan de Vries), cello (Sebastiaan Wiering) of fioel (Hubert Heeringa). Lielian Tan (slachwurk) en Willo de Bildt (bas) binne al jierrenlang de fertroude ritmeseksje. Wat ‘Als het klinkt’ hearre lit, is dat Martens al lang net mear siket, mar ryklik oan it ‘finen’ is.

It binne troch de bank nommen allegear kearnachtige ferskes, dy’t somtiden as koarte films oerkomme. Nim bygelyks de iepener ‘De vissen’, mei in tekst dy’t op poetyske wize rekket, sûnder falsk sentimint, en in hiele wrâld yn him hat, dy’t 2:36 lang is, en mannich libbens djip.  Oft it no it tige gefoelige ‘Mam’ is, it wat driuwendere ‘Dit kind’ of it brodzige ‘Hof van genade’ (mei in sfearfolle bydrage fan sjongeres Marieke Koenders), in soele mankelikens, swier fan âlde simmers en koel ferjitten, strielt út oer de hiele skiif.

In stik luchtiger is de griemmank fan ferskes op de oare cd ‘Zoals die klonk’. Nee, gjin kolleksje fan earder ferskynde âldere nûmers, mar in eklektysk feest fan net earder (op cd) útbrochte demo’s foar de wiere diskofyl. It begjint mei ferskes dy’t Sido opnaam mei sjongeres Lidwien yn 1973 en giet dan fia obskuriosa as ‘Cambuur, Cambuur’ (Ko en de Counters, 1979), in tal reklameridels út de jierren njoggentig (Batavus, Vredestein en VVV Friesland Meren) nei dizze ieu en opnames as de kerstcrisishit ‘Zalig inhalig Kersfeest’.

Sa’t ‘Zo die klinkt’ hearre lit dat Martens goed yn syn muzikale fel stekt en syn topfoarm fan de lêste jierren trochset, sa is ‘Zo die klonk’ in aardige werjefte fan it wynderjende paad dat hy ôflein hat om yn de goede foarm te kommen. Dy âldere opnames binne net altiten digitaal opsnolke, de lûdskwaliteit is wikseljend en ek de kwaliteit fan de ferskes sjit op en del. Mar op syn minst binne se fermaaklik en somtiden (‘Fothingeray’, yn 2003 opnommen mei Novelle, of the folky prog fan ‘Sûpenbrij’) net te missen.

By de ferskes út it argyf skriuwt Martens dan wer de iene nei de oare anekdoate en dat smyt dochs wer wat ekstra ynformaasje op oer de somtiden bisarre wrâld fan de popmuzyk. “Ik stuurde me arm aan casettes naar diverse omroepen en platenmaatschappijen, altijd met hetzelfde soort reacties: best leuk, maar commercieel niet interessant”, skriuwt er by ‘De Hit Man’ (1982), in dúdlike poging om in hitsje te skriuwen. Neffens in âld promotor wie Martens net ekstreem genôch foar it grutte súkses. Mar neffens de jubilaris is it net te let. “Drank, drugs, religie, morbide hobby’s, monomane extravaganza, veelwijverij? Het kan allemaal nog, wie weet.”

Wa wit. Miskien docht it fertuten om dochs mar wer ris dy Piet Kok op te sykjen. Dy syn nije band hjit fan The Woodymen, dat is dochs aardich op it rantsje?

 

Als het klinkt dan klopt het (boek + 2cd’s), Sido Martens, Ren Pen Producties.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.