’Kinst inkeld pinfiskje, mear kinst net’

HARMEN WIND – 

1. De foarm

De twadde bondel fan Abe de Vries is opfallend foarmjûn. Gert Jan Slagter hat in omkaft fersoarge dat tinken docht oan ‘De Stijl’ (Mondriaan, Van Doesburg e.o.). Strakke komposysje, kleurkontrasten, sobere, skreefleaze letter yn wikseljende grutte, fertikaal en hoarizontaal printe. Ek yntern is de foarmjouwing rynsk trochset yn wyt en kante flakken: fan de 75 siden dy’t de bondel telt, beslacht de poëzy net mear as 50.

Ik moast wat de literêre kant oanbelanget ek oan in pionier út dyselde tiid, Paul van Ostaijen, tinke (Music-Hal – 1916), de dichterlike fertsjintwurdiger fan it Flaamske (humanitêr-) ekspresjonisme, besjonger fan ’e minsklike solidariteit oer de grinzen hinne, dy’t mear fan de poëzy frege as refleksje en estetyk: it gedicht moast liede ta beswarring en ekstaze. Dat foarseit wat…

 

2. Gearstalling en styl
Nei de ynhâld dus. Dy bestiet út 45 gedichten, ferdield oer fiif skiften. De titels, mei ‘ferklearjende’ ûndertitels, binn’ ûntliend oan fersen út ’e oanbelangjende ôfdielingen:

– Gleone bokskachels & weake irenes – In bestimming, beskaat yn gekkepraat

– It strân fan kumulus – Allegear nei see, allegear

– Djip weikomd wetter – In net te ferhapstikjen odyssee

– Halo-moanne – It fleis fan dizze lannen

– Hee do – Wêr bist, wurd wekker, maityd is ’t

 

It titelgedicht foar de bondel stiet yn Djip weikomd wetter:

 … Famke hoe/gun ik dy (…) in tút/op ’e moldyk, in reis nei de súd, in waarm wek altyd (…) (48)

Yn de beferzen wrâld (it is hast yn alle gedichten winter of hjerst, útsein de lêste ôfdieling) moat altyd in plak frij bliuwe, in iepen plak foar libben. De poëzy, spesifyk: dizze bondel, wol sa’n plak wêze, al sil bliken dwaan dat de winsk in iroanyske ûndertoan hat.

De fersen ha gjin einrym, mar ornaris in dúdlik ritme, in strakke strofebou en in ôfwoegen rigellingte. Lidwurden binn’ faak weilitten. In soad gedichten lykje skreaun mei de fûst. De styl: poëzy parlante, neist argayske bylden en beswarrende toan. De lêzer wurdt ynspûn yn bylden en sfearbeskriuwings. De Vries brûkt âlde stylmiddels, bygelyks de ynverzje (sindielomkearing):

 

Yn ’t konsistoarjetún snúfst op

noch de jiske fan it fjoer (9)

 

om te sjen (…)

oft hast ripe parren de bedelte draacht (14)

 

Langer net ploeget bou de ferhongen boer (31)

 

Mei har lippen Max Factor-read

like fûler de lust fan dyn dûbelgongster (52)

 

3. Komposysje en tematyk
De bondel hinget gear op in spesjale wize. Der is in epysk ramt, mei as ûnderwerp: in ferlerne leafde. In ferhaal dat de krêft krije moat fan in allegory. Wichtich as ‘kaai’ liket my it iepeningsgedicht.

 

De hôving

 

Winterjendewei de dagen as dizze

achtsje ik de kealleleafde lichter.

 

Fûgel briefket nijs oer dy,

djip weidûkt poalkant de polder,

yn fan hege see de bek,

stee dêr’t stoarmen leger lizze.

 

Freget my de tún, yn ’t neirinnen,

te berêden, foardat de kjeld beklommet

en ôfslútdiken oerwaaiende reekslanters

út it fredesfjoer wei fan de film noir

de ôftiteling skaadzje

op besnijde legen.

 

Fûgel briefket nijs oer dy,

freget my wat my de mûle net joech

en út mysels net woechs: dit ferlies,

ferfal, it by namme net te neamen,

mar thús te kommen

oer paden net beprinte,

 

om achter beskûl fan beammen

de hofker yn ’e hôving te deadzjen.

 

De hôving is in metafoar foar it libben, yn syn groei en fergonklikens. De hofker is de dichter dy’t him dêrop ynstelt, dy’t dêryn meigiet. In hôving by ’t winter stiet foar ferlies en dea. In ‘film noir’ sil derop projekteard wurde.

De boadskipfûgel fan de ‘do’ ropt him op om de hôving ôf te sluten, te ferlitten. Hy moat de hofker deadwaan en thúskomme: himsels losmeitsje út dizze twingende metafoar. Kinst ek sizze: it dichtsjen opjaan.

Hy tinkt: soest hast winskje dat it ‘kealleleafde’ wie: ûnskuldige boartlikens yn ’e maitiid. Dan soe it gjin wurd hoege. Mar sa leit it der net hinne: dizze froastleafde giet him yn ieren en sinen sitten. De gedichten dy’t folgje foarmje it bewiis dat er net yngiet op ’e oprop fan ’e fûgel.

It moaie is, lykas by alle goeie poëzy, datst mei dit iepeningsgedicht mear kanten út kinst. En op mikronivo is dat krekt sa. Kryptyske formulearrings dêr’t de lêzer op heakket, bgl.: Winterjendewei de dagen, yn fan hege see de bek, de kjeld beklommet, ôfslútdiken oerwaaiende reekslanters, it fredesfjoer fan de film noir, foarmje tagelyk ynkringende, byldzjende omskriuwings dy’t in benearjende sfear skeppe.

Fierderop yn ‘it ferhaal’ wurdt yn myn ynterpretaasje noch wol wat omwrotten, – skood en – skodde. Lokaasjes blike hiel konkreet. ‘De hôving’ komt yn dit earste skift (it besyk oan syn berteplak Swarte Hoarne) in pear kear werom: Lân fan reade fjilden, wyt hôf (11), ‘nei de hôving bochtet it paad/om te sjen oft de beanstok stiet (14), en benammen yn Mayday mids novimber, as tulpetún (16):

 

Wat by it oanbegjin op dy wachtet:

tûzen knibbelprinten yn ’e tulpegrûn

(…)

Tinkst alle weromkommen is moard.

Mar al ropst dy de kiel wer skoar,

slachst dy troch blommich behang in útwei

de wrâld yn – de bewizen bliuwe

(…)

Eagest de greide achter it stek oer,

it begear fan ’e wyn, dy’t in oanrin nimt

yn dyn fuotleasten nei de legen by de Ried

dêr’t de fûst wachte, en hurde.

 

Tepletterest de plasse fan ’e bewenner (…)

‘Alle weromkommen is moard’: mei watst yntiid wurden bist, fermoardest wat dêr en doe werklik bestie. Mar de lêzer heart ek de siswize meiklinken: de misdiediger komt werom op it plak fan de misdied.

Hat de ik-figuer dochs de moard dien, oftewol: syn ôfkomst leagene? Hat er dêr no spyt fan? Skuld spilet ek in rol yn de bondel. De hôving wurdt sawaande in motyf, in spanningselemint.

De njoggen gedichten yn it skift beskriuwe in reis werom nei it bertedoarp. Wat er siket, is der net mear. Hy is in frjemdling wurden. Dêr is wat bard dat in pynlik ôfskie betsjutte, dat net teneate dien wurde kin. It ferline leit fêst, is net mear te berikken, lit stean te feroarjen. Mar kinst der frede mei krije. ‘Hjir komme jim wei’, seit er tsjin syn twa soantsjes.

 

4. De oare rigen
Ik rin de oare rigen mei wat gruttere stappen troch. De twadde hat in wat minder gronologyske opset, is filosfysker: reflektiver en feralgemienjender. De twa soantsjes komme werom, dus it autobiografyske bliuwt, mar tagelyk tinet it ûnderwerp út: it dichtsjen (en oare dichters),  de rol fan ’e ferbylding, it weiwurden fan alles…

Yn de tredde ôfdieling is bewust de tiid- en plakbûnens oanjûn (begjin ‘Twa dagen foar Krysttyd 2003, oant ‘It is Krysttyd fan it jier 2003’). De skieding hat de ik-figuer ferballe. Lykme-allinne doarmet er yn Amsterdam om, oan leger wâl, û.o. as in âld-learaar Latyn, dakleas sûnt de dea fan syn freondinne,  hôfgraver en grêfdichter tagelyk (42). De wurdkar is modernistysk (en hat yn dy sin wol wer wat fan Paul van Ostaijen), de foarm losser, en Amsterdam foldocht oan alle klisjees: de huorren, feesten, spuiten, goedkeape hotels, Paradiso, Sintraal Stasjon…

It is my trochstrings te anekdoatysk en proazaysk. Yn it earste gedicht (Op ’e flecht yn Amsterdam twa dagen foar Krysttyd 2003) bygelyks:

 Faaks kin ik wol in keamer hiere foar fiifhûndert euro yn ’e moanne en in besykregeling is in mooglikheid. Dan soe ik, as by ’t winter de kragen opslein wurde, de hiteloftkachels boppe de doarren blaze en it wiete snie snijt lykas no, moaie fersen skriuwe mei titels as… (36)

 

Ferknip dat wat gaadlik en ferduld: alwer in moaie strofe poëzy! Folle oertsjûgjender fyn ik it slotgedicht: In waarm wek altyd (48) (basearre op in brief fan Richard Hugo). De taal is byldzjend, beswarrend, rjochte op de ‘do’. It docht, mei syn fitalistyske byldtaal, oan H. Marsman tinken:

 

lit my dan in himel foar dy iepenlizze,

blau, blauwyt mei kumulus boppe greidlân yn maaie.

(…)

hoe soenen wy twa oaren wurde

as dy’t wy wienen, doe’t ik ús witer skreau as earste snie.

 

De fjirde ôfdieling: Halo-moanne (It fleis fan dizze lannen), is foarmtechnysk wer lykwichtiger. In reis wurdt beskreaun. Lokaasjes: Poalen, Moravië, East-Silezië, Servië, Itaalje. It giet om in syktocht nei de freondinne, yn har bertelân. Fergees fansels. Hoewol… it slotgedicht draacht as titel: De lange wei nei Lauwerseach, en neamt har by de namme: Miki Djordjevic (1956-2001). Har ôfkomst bleau har yn it nije lân by. De boartlike foarm fan dit beswarrende fers is ferrifeljend.

 

(…)

no is de dei kommen om pak-my-dan-ast-kinst

te boartsjen mei molewjukken

of om in dûk te nimmen yn de Golfstream.

It is in moaie dei, Miki.

Dodola, Dodola! Lit it reine dit jier, lit it reine dit jier!

De lêste ôfdieling, Hee do – Wêr bist, wurd wekker, maityd is ’t, begjint mei in identifikaasje: De skuld fan Béla Bartók tsjin syn ‘ferne Geliebte’ Stefi Geyer oer, wurdt sines. (Yn Jászberény) De ik-figuer komt ta himsels. Hy sjocht de sinleazens fan de ûndernimming. Hy moat wekker wurde, loslitte, witte wêr’t er stiet (Allinnich hâld ik de rivier net tsjin). De hôving ûntteit, it grien sprút út, de winter is foarby.

Ut it lêste gedicht (Hee do V):

 (…)

kinst inkeld pinfiskje. Mear kinst net.

(…)

It hat gjin doel as te fersûpen yn ’e bochten

Fan Moldova Naua. De rivier

streamt fierder, friest

yn it easten ta.

 

5. Allegory
Yn dit bestek kin ik net yngean op ûnderskate fersen, hoewol’t dat tige de muoite wurdich wêze soe.  Ik lis de klam op ’e ûnderlinge bining. Under it ‘oerflakferhaal’ sit wat it poëzy makket: de syktocht nei dysels. Op it stramyn fan Homeros, Dante en Bunyan ha hûnderten dichters dy foarm fûn. Abe de Vries docht it (yn it lyts) op in persoanlike, faak oangripende, wize. Wat opfalt is de krektens yn datearjen en lokalisearjen. Ik tel in tritichtal geografyske nammen (lannen, stêden, rivieren) en dan lit ik de nammen fan persoanen, strjitten en gebouwen even lizze. It effekt fan dat konkretisearjen is oan ien kant dat de reis ‘op ’e kaart komt’ (mei ‘bewiisplakken’ wiermakke wurdt), mar oan ’e oare kant fersterket it it partikuliere (dit is mýn reis – op dizze plakken ha ik west), mei as by-effekt dat in lêzer tinkt: ‘It is sýn probleem. Hy lit my meiblêdzje yn syn reisferslach.’ De allegory wurdt dus troch de realiteit wolris ûnderút helle. Lykwols, it Euridikémotyf (ek Achterberg syn sintraal tema) oerstiicht úteinlik de partikuliere ûnderfinings. De dea kin allinne teneate dien wurde mei en yn it fers. Abe de Vries lit sjen dat er mear kin as pinfiskje (ûndersykje): hy is by steat en ferbyldzje syn pinfiskjen yn ynkringende poëzy, klassyk foarmjûn en hjoeddeisk ûnder wurden brocht.

 

Abe de Vries – ‘In waarm wek altyd’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2006), 3 (april), s. 51-53.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.