Kíla

Publisearre op 8 augustus 2018

KAREN BIES – 

De band Kíla wie in ferademing nei oare Ierske muzyk dy’t ik hjir yn Ierlân sjoen hie, live of op telefyzje. Faak sitte muzikanten stil op in stoel, serieus en yn opperste konsintraasje har akkordeon, harp, fiddle, fluit of ‘uileann pipes’ (Ierske doedelsek) te bespyljen. Soms leit ien syn bodhrán (trom) ynienen del, giet oerein en begjint Irish te dûnsjen. De rest spilet troch mar bliuwt kreas op in rychje sitten. It publyk ek.

 

It dak gong der ôf, elkenien sprong, dûnse en song.

 

By Kíla giet it oars. Ik seach se yn Monroe’s bar yn Galway. De leadsjonger en bodhránspiler Rónán O’Snodaigh slacht en stampt en springt en nimt de band en it publyk op sleeptou. In jong publyk ek noch. It dak gong der ôf, elkenien sprong, dûnse en song.

Ik prate nei it optreden mei ien fan de acht muzikanten, Rossa O’Snodaigh. Hy hat de band yn 1987 oprjochte, mei syn broers Rónán en Colm. Se sieten yn Dublin op ‘e middelbere skoalle. Kíla spilet net simpelwei de ‘trad stuff’, seit Rossa, de muzyk hat ek in soad oare ynfloeden. Dat is net altyd wurdearre, mar dat kin de band neat skele.

Rossa fertelt hoe’t Kíla yn 1988 meidie oan de nasjonale Ierske muzykwedstryd ‘Slógadh’ yn Ennis, county Clare. In grutte groep supporters fan de skoalle yn Dublin kaam mei. Slógadh waard organisearre troch Gael Linn, dy’t it brûken fan it Iersk yn de keunsten promote wol, yn muzyk, poëzy, teater, mime (ja, mime) en byldzjende keunst (de titels yn Iersk).

Kíla hie ferskate stikken op it programma, bygelyks de traditional ‘The Lark in the Morning’ mar ek in selsskreaun nij nûmer fan Colm. Se fregen om mikrofoans, omdat oars de basgitaar en de bodhrán lûder wêze soene as de rest, mar dy krigen se net.

Neidat alle optredens west hiene, wie Kíla seker fan de oerwinning. De rest wie ommers niks mear as pubmuzyk, seit Rossa. Grut wie de teloarstelling doe’t in oare band as winner útroppen waard. De sjuery wie min te sprekken oer Kíla: ’the bass guitar was not a traditional instrument, the bodhrán player (Rónán) was playing too loud, and one of the melodies was not a traditional tune’ (Colms nije komposysje).

De band wie poerrazend. Want: De harp en de uileann pipes binne de iennichste instruminten dy’t nét fanút in oar lân nei Ierlân brocht binne. En: se mochten gjin mikrofoans brûke, dus fansels wie de bodhrán lûder as de oare ynstruminten. En de krityk op it nije liet fan Colm wie der hielendal fier by troch, fûnen se. Ommers álle traditionals binne oait en ergens skreaun troch in persoan, lykas Colm. Hoe kin in sjuery no yngean tsjin ferbylding, tsjin deselde ferbylding dy’t de tradysje oarspronkelik kreëard hat?

Doe’t de oare deis it nasjonale Iersktalige radiostasjon Raidió Na Gaeltachta frege om de muzyk fan Kíla op te nimmen, kaam de helte fan de band net opdaagjen. Rossa: ‘So the ‘fuck em all’ attitude had set in.’

Net alles wie ferlern trouwens. Rónán wûn de poëzywedstryd, de bassist wûn de popmuzyk-award mei in oare band. En Rossa sels hie ek in ferovering: ‘My first love was one of the mime artists I met at the competition. Herself and her brother couldn’t speak a word of Irish. But their title was in Irish and they won every year.’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]