Keunst út it rôvershol

ELSKE SCHOTANUS – 

‘Kunstwerken in je verzameling zijn als kinderen en daarvan doe je niet vrijwillig afstand’, seit in rigel út it parseberjcht oer de útstalling ‘SUBMERGING afscheid van een verzamelhuis’. 25 en 26 maart, yn Galerie Steven Sterk op ’e Gerdyk, waard in seleksje út de keunstsamling fan Rolf en Corneel van Hulten toand. Tagelyk mei de eksposysje kaam, yn in beheinde oplage, in fraai fersoarge boek mei deselde titel út. Mei mar hûndert beskikbere eksimplaren in collector’s item. Sammelje is ek ûnderwerp fan boek en tentoanstelling.

 

In bysûnder foarrjocht dat no en dan mei oaren dield wurd.

 

Oerstreame
De Van Hultens hellen bysûndere dingen de hûs yn – twa huzen – oant der amper noch romte foar harsels is. Submerging, oerstreame … Oanlieding fan it barren blykt dan ek de winsk geskikte wenromte te sykjen om de kolleksje plak te jaan, om alles wat oant no yn twa huzen stie en hong en yn ladekasten ferburgen lei om har hinne te hawwen. Rolf fan Hulten begûn yn syn studintetiid mei syn oankeapen, desennia oanien sleepten sy skilderijen, grafyk, tekeningen, Sineeske keramyk en wat al net mear it ‘rovershol’, sa’t sy it njoggentjinde-iuwske hûs dêr’t sy in skoft wennen neame, yn. Om de bern ferhuzen sy op in stuit nei in buert mei leeftiidsgenoatsjes, it âlde hûs holden sy oan. Yn it boek stean ynterieurfoto’s: bomfol boekekasten, bakken fol pinnen, hopstekkerige geraniums, in fikus dy’t syn blêd ferliest en oeral keunst. Mei behang dat oan de rânen loslit en in telefoan dy’t noch oan de muorre fan de gong hinget, liket de tiid der stil te stean.

 

Weisinke
‘Komst my bekend foar,’ seit Rolf van Hulten, ‘toe, help my even op wei.’ As ik, by Sterk, mei him stean te praten, dwaalt myn blik geregeld fan him nei it skilderij dat sa’n bytsje skean achter him hinget: in woeste see. ‘Ik bin der wis fan dat wy elkoar net earder troffen ha’, sis ik. Mei de goudkleurige bewurke list falt it seegesicht út de toan, net allinne om de list, ek om’t in soad wurk om ús hinne de ynbannige kant neist is. Der hinget benammen resint wurk fan regionale keunstners: in portret en in lânskip fan Sjoerd de Vries, in wurk fan Tjibbe Hooghiemstra dat, heech oan it lewant goed útkomt, Marije Bouman dy’t tichtby Willem van Althuis plak krigen hat. Van Hulten freget har oft sy dat wol goed fynt en as leafhawwer fan it wurk fan Van Althuis blykt sy dêr tige foldien oer. Christus, in tsjustere tekening yn conté en swarte inket fan Sjoerd Dirk Janzen, hinget by de yngong, achter in taffeltsje mei glêzen bubbels. Ik ha it earder hingjen sjoen en thús, yn Sjoerd Janzen zonder compromis, sykje ik it nei: yn it boek is it steand ôfbylde, by Sterk hinget it lizzend. Ramon van de Werken, Zoltin Peeter: neam mar op. As Van Hulten nei ien fan de gasten sjit, besjoch ik it seesgesicht neier, in santjinde-iuwsk skilderij fan Jan Porcellis. Pas dan sjoch ik dat der in skip yn de woeste golven dobberet. Ik bin op see, hâld my fêst oan de reling en út en troch krij ik in bats wetter oer my hinne. Sylt dêr, rjocht foar my, midden op see, yn ’e midden fan it skilderij, in twadde skip? De fierrekiker moat der by. Submerging, weisinke …

 

Underdûke
Dy kâns is der net, Rolf van Hulten komt der by stean en fertelt entûsjast oer de beweging dy’t der sjen falt. Oars as by oare maritime skilders út dy tiid giet it hjir net om de float, net om it skipke – of allebeide, dy’t amper opfalle, mar om it wetter, ien en al beweging. Letter, googlejend, fyn ik mear fan Porcellis, mar gjin doek dat safolle yndruk makket as dit skilderij. De eigener hat der kyk op, as earder Constantijn Huygens en Rembrant dy’t seegesichten fan Porcellis yn har besit hiene. Ik kom in anekdoate tsjin oer in wedstriid. Hy en twa kollegakeunstners soenen yn ien dei in skilderij meitsje. Oars as de oare beide sette Porcellis him pas oan de ein fan ’e dei oan it wurk. It skilderij ûntstie yn syn geast, hy hoegde it allinne noch mar it doek op te fegen. Wier of net, it soe samar dizze Stormachtige zee, sa’t de titel yn potlead op de muorre skreaun is, wêze kinne. Der is ek in searje seascapes, oaljeferve op paniel, fan Christiaan Kuitwaard, skildere op it Skotske eilân Skye dêr’t Van Hulten in hûs besit dêr’t de keunstner in pear kear ûnderdûkte. Dan wer is de see kalm en ynbannich as it measte wurk fan de skilder fan ljocht en skaad, dan wer hinget der dize oer it wetter of falle, yn de fierte, reinbuien yn kolommen út de himel. De see as ûnderwerp: ûngewoan foar wa’t Kuitwaard – ek kurator fan de útstalling – syn wurk ken.

 

Underdompelje
Tal fan samlers jouwe wurk yn brûklien, soms permanint, soms foar in útstalling. Sa wie de kolleksje Van Hulten in pear jier ferlyn te sjen yn Museum Belvédère. Ik bin dêr bliid om, want al ha ik gjin ‘rôvershoale’ ik kin bot genietsje fan skilderijen en oare keunst, al mei ik dy dan net mei nei hûs nimme. Ik hie dan ek graach langer bleaun, om my ûnder te dompeljen yn wat der sa al te sjen falt. Wat langer te praten ek, mei de eigener dy’t sa moai en entûsjast en mei kennis fan saken fertelle kin oer de wurken, de wize wêrop’t dy skikt en ophong binne, mar der stiet in dekte tafel foar gasten, nûge om’t sy meiwurken oan boek en útstalling. Spitich, mar ik moat gean. Ut en troch, fertelde Rolf van Hulten, nûgje sy de bern yn it ‘rôvershol’ om in part derfan te besjen, submerging, har der yn ûnder te dompeljen en ûnderfiningen út te wikseljen. In bysûnder foarrjocht dat no en dan mei oaren dield wurd.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.