fotografy: Martin Rijpstra

Keunst op nije lokaasjes yn Ljouwert

TSJOMME DIJKSTRA – 

Wa’t it oanbod oan kultuer bylâns giet, kin net oars konkludearje: yn Ljouwert binne keunstsinnige inisjativen by de rûs. Yn tal fan hoeken fan ’e stêd wurde hjoed-de-dei ynnovearjende aktiviteiten opset. Fan ‘ienmalige’ festivals ta eksposysjes dy’t in poadium oan ferskillende keunstfoarmen biede: de fariaasje is grut.

Inisjatyf ta fernijing is der binnen de rûnten fan kulturele ynstellingen, mar likegoed dêrbûten. Der is in soad entûsjasme by keunstners en frijwilligers om wat te ûndernimmen. Sa ûntstean der tal fan eveneminten bûten ynstellingen om, dy’t sûnder of mei mar in bytsje subsydzje fan de grûn komme. It grutte entûsjasme wêrmei’t frijwilligers en partners ree binne om mei te helpen, is al opmerklik. Mar der binne mear faktoaren dy’t it sukses fan dizze aktiviteiten ferklearje.

 

Het moet vooral toegankelijk zijn, kwaliteit is niet elitair.

 

Inisjatyf yn it havengebiet
Ien fan de gebieten dêr’t aardich wat keunstsinnige projekten fan de grûn komme, is it opknapte haven- en kadegebiet om it sintrum hinne. Op 6 en 7 juny hat de keunstmanifestaasje Kunst aan de Haven plak yn it gebiet. De Willemskade is it ‘hert’ fan dat evenemint. It inisjatyf foar dizze manifistaasje (op 22 lokaasjes) leit by it bestjoer fan de Stichting Museumhaven, dat út bewenners fan it havengebiet bestiet. Dy stichting komt op foar de histoarje dy’t yn it havengebiet oanwêzich is en stipet en stimulearret kultuer yn it gebiet.

Kunst aan de Haven presintearret projekten yn tal fan keunstdissiplines en ek dêrbinnen is fariaasje, bygelyks yn hoe’t yn it wurk fan Fryske skilders en fotografen (û.m. Bartle Laverman en Dolph Kessler) tema’s mei it ûnderwerp wetter oan bot komme. It projekt makket hjirfoar gebrûk fan de kulturele ynfrastruktuer út it gebiet – De Bres, De Harmonie en de bibleteek binne lokaasjes foar it evenemint – mar stelt it publyk ek yn de gelegenheid om kadepanden fan binnen te besjen: in ‘unike’ mooglikheid.

Oan Kunst aan de Haven helpe mei-inoar sa’n 140 minsken mei. Judith Baarsma, artistyk direkteur fan it evenemint, hat ûnderfûn dat it projekt dêrtroch in soad kommunikaasjekeunst freget. Baarsma: ‘Wat me opgevallen is, is dat je heel goed moet luisteren op wat voor manier mensen mee willen werken. De schouwburg heeft een programma met talent van de popacademie, HCL toont twee historische films over dit gebied. Ieder draagt op een eigen manier bij.’

 

Tiidgeast
De spontane meiwurking dêr’t Kunst aan de Haven foar in part op driuwt, wie ek te fernimmen by de opnames fan de Fryske film ‘Bak’, de boekferfilming fan de lokale thriller fan skriuwer en sjoernalist Sietse de Vries. Dy film spilet him foar in part oan de Willemskade ôf. De film wurdt op it evenemint fertoand mei in Meet & Greet mei makker Auke de Witte, op de boat dy’t yn de film it ‘plaats delict’ is.

In oare organisaasje yn it havengebiet, KadeKunsten, organisearret, ynspirearre troch it konsept fan húskeamerkonserten, in pear kear yn it jier aktiviteiten op ferskate plakken, mei poëzijfoardracht en muzyk. Neffens Baarsma hat de bûtengewoan grutte ynset en de – gauris ûnbetelle – meiwurking dy’t minsken ferliene mei de tiid te krijen: ‘Het verbinden van mensen is voor een deel de tijdgeest. Voor 2008 was men erg gemakzuchtig, en nu vragen mensen zich af: “wat brengt ons samen verder?” Kunst aan de Haven is, lykas de film ‘Bak’, hielendal net mei grutte jildstreamen of subsydzjes ta stân kommen: ‘Alles is no budget of low budget.’

Dieneke Zwiers, direkteur van netwurkorganisaasje Kunstkade, dy’t yn Ljouwert oanbieders en organisatoaren op it mêd fan keunst en kultuer byinoar bringt, kin har fine yn de gedachte fan Baarsma. Mar se sjocht ek dúdlik dat in soad inisjatyf yn de stêd al mei it jier 2018 te krijen hat. ‘Mensen kruipen bij elkaar. Het heeft zeker ook met de Culturele Hoofdstad te maken. Ik weet niet hoe het was geweest als Leeuwarden geen culturele hoofdstad was geworden, maar dat speelt echt mee bij het feit dat er zoveel initiatief wordt getoond. Er is een sfeer dat alles kan.’

 

Besteande organisaasjes op mêd fan kultuer
By guon eveneminten, lykas Kunst aan de Haven, mar ek Explore the North, leverje de besteande kulturele ynstellingen op it mêd fan kultuer, neidat it earste inisjatyf nommen is, wichtige bydragen. As it om lokaasjes giet, mar ek op it gebiet fan logistyk, ynformaasje, ekspertize of de argyffunksje.

De gearwurking tusken ynstellingen en inisjatyf fan bûten liedt ek noch ta in oar soarte fan aktiviteiten yn de stêd. Sa lûkt it Café van de Kleine Wetenschap fan de UCF mei syn lêzings net allinnich studinten, mar in folle breder publyk fan ynteressearden oan. En de ‘lunchlêzings’ dy’t de Culturele Onderneming fan Gelly Talsma sûnt oktober ôfrûne jier organisearret yn, en yn ’e mande mei Tresoar, lûke, mei troch it tydstip, gâns folk.

 

Projekten yn Huzum
In hoeke yn Ljouwert dêr’t ek in soad kreativiteit by-inoar komt, is Huzum-West. De Oude Ambachtschool is al in pear jier it plak fan de Floris Verster Ateliers. No en dan litte de keunstners dy’t dêr sitte har wurk sjen op in eksposysje of iepen dei. Ek it wykpanel fan Huzum-West stimulearret kulturele aktiviteiten yn de wyk, sa as yn ’e Ambachtschool. Fierder is it ytkafee De Basuin, yn de Hollanderwyk – moai opknapt – in plak foar aktiviteiten yn de buert. Dieneke Zwiers: ‘In Huizum zit bovendien de Stichting Muziekopleidingen Friesland. Na de sluiting van Parnas was men zoekende, maar er komen weer meer muziekorganisaties bij.’

In bekende ynwenner fan Huzum dy’t op kultureel gebiet in soad ûndernimt, is Melvin van Eldik. As muzikant en de lêste tsien jier ek as dichter. Sûnt 2007 organisearret hy de Leeuwarder Poëzie Avonden – meastal yn De Bres, soms ek yn de Oude Ambachtschool. ‘Poëzie blijft voor een select publiek. Maar ik geef ook jongere dichters een podium en die nemen zelf weer mensen mee. Soms komen ook mensen van wie je denkt dat ze er niks aan vinden toch terug.’ Ien fan de jonge dichters dy’t in pear jier tebek noch op de jûnen fan Van Eldik dichte, is Joost Oomen. Hy wie de ôfrûne jierren húsdichter fan de universiteit fan Grins én is oprjochter fan Kantoorpoëzie, dat suksesfolle poëzijjûnen organisearret.

 

Teetún fan Slappeterp
Van Eldik draacht op tal fan plakken yn de stêd foar. Sa dichte hy koartlyn by in kuiertocht troch de Hollanderwyk dy’t as einpunt De Basuin hie (‘een gezellige activiteit, erg druk bezocht’). Ek wurke hy in pear jier lyn mei oan in dichtbondel oer de Hollanderwijk Inkijk: interieurs in de Hollanderwijk.

Mar like maklik komt Van Eldik earne bûten Ljouwert of bûten Fryslân út. ‘Een paar jaar geleden maakte ik een aantal mooie fietstochten door het Friese platteland. Zo kwam ik bij een theetuin uit in Slappeterp, een hele mooie plek met een prachtige appelboom. Net een impressionistisch schilderij van Monet. Maar ik vond de boom ook net een gedicht, waarbij de appels de letters waren. Toen heb ik gevraagd of ik er een poëzie-optreden mocht geven. Dat mocht.’ Van Eldik betocht om ek oare teetunen op te sykjen yn de provinsje en belâne sa bygelyks yn Noardwâlde. Syn spontane manier fan dwaan is yllustratyf foar wat der rûnom bart: immen betinkt wat, leit kontakten en krijt it fan de grûn.

 

Prikkeljend oanbod
De aktiviteiten fan bûten de ynstellingen hawwe mienskiplik dat se organisearre wurde op lokaasjes dy’t hiel spesifyk útkeazen wurde en wat ekstra’s biede. Lykas húskeamerkonserten dy’t útgean fan de meast yntime setting foar muzyk: in lytsskalige opset en húslike sfear. Cilla Geurtsen út Weidum stelt al ûngefear fiif jier, ien of twa kear yn it seizoen, har húskeamer beskikber. It húskeamerkonsert krige mei troch social media yn de de ôfrûne jierren nije populariteit. Geurtsen: ‘Ik nodig altijd m’n Facebookvrienden voor een concert uit en er melden zich daardoor altijd mensen aan voor het concert.’

Geurtsen tinkt dat by it húskeamerkonsert as foarm de ferrassing der no wer wat ôf is. ‘Het wordt moeilijker de kamer vol te krijgen.’ Dochs hat it yn nije foarmen wer nij sukses. HuiskamerXL út Drylts brûkt it konsept fan it húskeamerkonsert wer foar in oare setting, de Skeepswerf, en kin eltse kear op in soad belangstelling rekkenje. Onlinemedia holpen dêrby ek om sichtber te wurden. ‘Online contact is laagdrempeliger, ik weet zeker dat dat een belangrijke factor is’, seit ek Baarsma van Kunst aan de Haven. Dochs wurdt it publyk úteinlik it meast entûsjast makke mei it programma. Baarsma: ‘Wij vinden dat dat vooral toegankelijk moet zijn, kwaliteit is niet elitair. Daarom hebben we een multidisciplinair programma: je kunt kiezen wat je leuk vindt.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 14 (2015) 3 (maaie), side 34-36

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.