Keningen en dwergen

GERBEN DE VRIES – 

Ja hear. Al op ien fan de earste siden fan it boek ‘Terpen in Friesland’ fan Kerst Huisman komme de Fryske keningen út de klaai omheech. Der hat in tiid west dat Fryske chauvinisten grutsk wiene op de saneamde ‘Fryske frijheit’, wylst arbeidershistoarisy de klam leine op de wichtige rol fan de lytse man yn de skiednis. Mar no moatte wy sa’t it liket keningen hawwe. Keningen út de iere en skiere midsiuwen, te ferglykjen mei Ingelske, Dútske en Frankyske keningen. De fibula fan Winaam is yn dy winskdream it foarnaamste, mar eins ek iennichste bewiis.

 

Oandwaanlik wie de fynst fan in dwerch, dy’t dochs noch 25 jier waard. Sjoch, dat binne ferhalen dy’t miskien wol wêzentliker binne as dat deidreamen oer dy mooglike Fryske keningen. It giet dan nammentlik om échte beskaving.

 

Dy keningen binne fansels ûnskiedber ferbûn mei terpen. Oer de terpen en wierden fan Noard-Nederlân binne dan wol – no digitale – boekekasten folskreaun, der is al jierren in roppend ferlet om in populêr hânboek. Feitlik wiene de lêste oersichtsboeken op dit mêd dy ûnder redaksje fan Mette Bierma, ‘Terpen en wierden in het Fries-Groningse kustgebied’ (1988), dy ûnder redaksje fan Ernst Taayke, ’75 jaar Terpenonderzoek 1916-1991′ (1991) en fan Marianne Galestin en T.B. Volkers ‘Terpen en terpvondsten in Friesland. Deel 1: Bewoningsgeschiedenis en concordantie op de terpenboeken’ (1992). Nijsgjirrich, mar ek net foar it grutte publyk, is de studzje fan Karel Gildemachter ut 2008, ‘Terpen en terpnamen. Een naamkundig en historisch-geografsch onderzoek naar vijf naamtypen in Fryslân’. Dit binne benammen boeken foar studinten en fakbruorren en -susters. Dat it wie in goed idee fan útjouwerij Bornmeer en kom ris mei in publyksboek oer de terpen fan Fryslân. Der wiene yn dy rige ommers ek al hiel aardige boeken oer tsjerken en kleaster útkaam.

Desennia lyn rekkene argeolooch Herre Halbertsma dat der sa’n 955 terpen yn Fryslân en 235 wierden yn Grinslân te finen wiene en sûnt dy tiid binne der noch tsientallen nije ûtdutsen. Opfallend is dat fierwei de measten yn Westergoa stean, wylst it nei it easten ta hieltyd minder wurdt. Dat hie de opmaat wêze kind foar in moai ferhaal oer it ferskaat oan terpen en de ferskate terplânskippen. Dochs binne de resultaten yn dit boek ûngelyk. Der steane wol in tal nijsgjirrige ferhalen yn. Bygelyks oer de ûntdekking en ôfgraving fan terpen yn de 19e iuw en it ûndersyk nei dizze keunstmjittige kwelderheuvels yn de 20ste iuw. Ek de faak kreaze foto’s fan doarpsgesicht-mei-terp is in pluspunt.

Foar in boek dat in ynlieding wêze wol foar de Fryske terpen, hie de opset wol wat helderder kind. Sa wurdt it begryp ’terp’ of ‘wierde’ net iens krekt definiearre. Ek oer de typology fan de terpen komme wy hast neat te witten, wylst der bygelyks ek radiale, rjochthoekige en fjouwerkante terpen binne. En wêrom waard yn bepaalde gebieten krekt foar sa’n foarm keazen? De klam hie mear lizze moatten op de ekonomy fan it terpelân yn plak fan it op ‘e nij út klaai lûken fan dy saneamde Fryske keningen. Us wurdt no in byld sketst fan allegear lytse terpekonomyen, sa’t dat no noch foarkomt op de Noard-Dútske Halligen. Mar hoe ferhâldt him dat ta Frisia as wolfarende hannelsnaasje? Soks ûnderstelt dochs in frij grutte foarm fan gearwurking tusken in soad fan dy lytse hús- en doarpterpkes. Wol krije wy as bonus hast tsien siden oer it Oera Linda Boek, wylst dat hielendal neat mei terpen te krijen hat.

Yn alle gefallen leare wy út dit boek dat wy feitliks noch mar in hiel lyts bytsje witte fan de terpen en benammen har bewenners. Dat komt yn it foarste plak om’t der de lêste tiid gjin grutte opgravings fan terpen plak fûn ha. De wichtigste en grutste opgraving wie dy yn it Grinzer Ezinge, yn de jierren tweintich en tritich. Dêrnei folgen ûnderoaren it Fryske Tritsum, Easterbeintum, de Aldehou en mear resint Winaam. Mar, sa skriuwt Huisman terjochte, ek it ûndersochte part fan de ferneamde opgraving fan Winaam besloech mar 7% van de hiele terp. It is it argeologendilemma by útstek: ek by in geve terp wurdt der sûnder streekrjochte urginsje net groeven, hoe nijsgjirrich sa’n ûndersyk yn wittenskiplik opsicht ek wêze kin.

Binnen de argeology fan de terpen is it ûndersyk nei grêven faaks wol it wichtigst. It iennichste echt goed ûndersochte betiid-midsiuske grêffjild yn Fryslân is dat fan Easterbeintum. Hjirút die bliken dat op in seistal pleatsen sa’n tweintich oant tritich minsken libben, minsken dy’t gemiddeld noch gjin 30 jier âld waarden. Opmerklik wie dat der ek ek in man fûn waard dy’t as frou begroeven is. In betiid-midiuwske nicht? Of wie dit dochs in ûnderdiel fan in noch net begrepen ritueel? Oandwaanlik wie de fynst fan in dwerch, dy’t dochs noch 25 jier waard. Sjoch, dat binne ferhalen dy’t miskien wol wêzentliker binne as dat deidreamen oer dy mooglike Fryske keningen. It giet dan nammentlik om échte beskaving.

O ja, yn de literatuerlist mis ik de niisneamde boeken ûnder redaksje fan Bierma en Taayke. Slimmer is dat de dissertaasje fan Danny Gerrits net neamd wurdt, ‘Op de grens van land en water: dynamiek van landschap en samenleving in Frisia gedurende de Romeinse tijd en de Volksverhuizingstijd’. Dan wie yn dit boek net sljochtwei de âlde teory werhelle, dat it terpenlân it yn it begjin fan de jiertelling dreech krige omdat de seewetterspegel sterk stiigde.

 
Kerst Huisman, ‘Terpen in Friesland’. Utjouwerij Bornmeer, 160 siden, €17,50

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.