fotografy: Linus Harms

Kening fan ’e greide

MARIEKE VINCKERS – 

In grutte keale griene flakte, dêr’t gjin greidefûgels boppe fleane. Gjin loftoanfallen fan in skries of strânljip dy’t sit te brieden. Gjin gesnerp fan in sprinkhoanne of in imerke. In lânskip sûnder lûd. Stilte yn ’e maitiid. It is miskien dreech om yn te tinken, mar dat is ús takomst. Sterker noch: de maitiid wurdt al hieltyd stiller. Mei it boargerinisjatyf ‘Kening fan ’e greide’ wurdt de needklok let. Net allinnich foar it behâld fan it kultuerlânskip, mar foar alles wat dêrmei út te stean hat. De grutte fraach: is dy feroaring fan it lânskip eat wat wy sels wolle, of oerkomt it ús?

Dichters, muzikanten en keunstners helje harren ynspiraasje út it Fryske lânskip. Nynke Laverman ferwurde it sa moai yn in ynterview dat se joech oan RTV Rijnmond (15 july j.l.) by it North Sea Jazz Festival. Tegearre mei de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga, dy’t yn maart dit jier ferstoar, skreau se it stik ‘Eftereach’. Laverman seit yn it ynterview: “Dit stuk gaat over het Friese landschap waar ik zo van houd. Over de kwetsbaarheid ervan.” Se sjongt: “Jou my de eagen fan in bern.” Se soe de wrâld sa graach nochris troch de eagen fan in bern sjen wolle. “Als je met de ogen van een kind kijkt naar het landschap, zie dan ook wat we hebben. En wees er zuinig op, want er zijn dingen aan het verdwijnen.”

Ferdwine
Dat aspekt is ek ûnderdiel fan it projekt ‘Kening fan ’e greide’: it feroarjen fan it kultuerlânskip en alles wat dêrmei te krijen hat. De fraach dy’t ûntstiet is: ‘Ferskralet mei it ferskaat oan planten en bisten ek it ferskaat yn ús kultuer?’ Klaas Sietse Spoelstra, mei-inisjatyfnimmer fan it projekt, fynt dat dy twa saken sûnder twifel mei-inoar ferbûn binne. “Op plakken mei hege kulturele wearden blykt it ferskaat oan bisten en planten it bêst ûntwikkele te wêzen. Plakken dêr’t de mienskip noch in echte ienheid foarmet mei de omjouwing. It is de fraach oft ûnferskilligens mei it lânskip ek ta ûnferskilligens mei de kultuer liedt, mar ik bin der fan oertsjûge dat it inoar fersterket.” Spoelstra neamt yn itselde ramt de kultuersporten fan Fryslân. Dy steane yn krekte relaasje mei de natuerlike omjouwing. Hy beneamt de poëzije fan Eppie Dam en syn bondel ‘Oer de wjuk’; in karlêzing fan poëzije oer fûgels yn de Fryske taal. Dam en in soad oare keunstners helje harren ynspiraasje út ús unike lânskip. Hoe oars sil it Fryske dichterswurk wêze as it lûd fan greidefûgels ferdwynt?

 

‘As de skries net mear yn ús lânskip is, is er ek net mear yn ús taal’

 

Binne dy tinzen fan Spoelstra genôch ûnderboud? Ja, fynt WNF-direkteur Johan van de Gronden, dy’t by de start fan ‘Kening fan ’e greide’ de oanwêzigen yn ’e seal mei syn ferhaal stil krige. “Nederland heeft nog slechts 15% over van de soortenrijkdom die we ooit kenden. Op Malta na staan we er binnen de Europese Unie het slechtste voor. En ik vraag u: in wat voor land wilt u leven? In wat voor provincie wilt u leven? Waarom denkt u dat er honderdduizenden toeristen naar Friesland komen? Om uw maïsvelden te bewonderen? Om het Engels raaigras te zien? Ik denk het niet. En hoe zit het met uw prachtige taal, waar u zo trots op bent? Zou er niet een verband zijn tussen de eigenheid van het landschap, de sociale gemeenschap en de rijkdom van de taal? En zou het ook niet zo zijn dat als uw platteland straks letterlijk zwijgt, geen leeuwerik meer zingt, geen grutto meer is te horen, dat dan ook uw taal tot zwijgen komt? En dat u daar, in diezelfde diversiteitsspiegel, iets kwijtraakt dat u heel moeilijk kunt terugwinnen?”

Living Planet Report
Yn de Fryske edysje fan it Living Planet Report fan it Wereld Natuur Fonds is te lêzen dat Fryslân yn 1975 noch it rykste greidefûgelgebiet op de wrâld wie. Benammen troch it yntinsivearjen fan de lânbou en de ferstedsking fan it lânskip is it tal greidefûgels mei 90% omleechgien. De skries, de kening fan ’e greide, driget te ferdwinen as der neat bart. Jo soene dêrtroch it fermoeden krije kinne dat it projekt dan ek allinnich de striid oangiet mei de yndustrialisaasje en skaalfergrutting yn de agraryske sektor om de skries te behâlden. Mar dat is alhiel net it gefal. Dit projekt stiet symboal foar it ferlies oan ferskaat. Taal, muzyk, keunst- en dichtwurk; alles stiet yn ferbân mei de (natuerlike) omjouwing. De oanpak binnen it projekt is dêrom multydissiplinêr; boeren, boargers, wittenskippers, natoer- en kultuerleafhawwers lûke mei-inoar op om nije paden te sykjen, wêrmei’t de takomst fan it greidefûgellânskip en alles wat dêr yn en omhinne libbet foarm jûn wurde kin. Spoelstra: “Kening fan ’e greide’ giet oer de ferwûndering fan it lânskip. Minsken tinke dat it giet oer it rêden fan de skries, mar dy kening stiet symboal foar ús unike lânskip.”

 

“It is krekt as ûnttroanje wy de kening fan ’e greide en sette wy him eigenhandich it lân út. Is dat wat wy wolle?”

 

Inisjatyf
It plan foar it projekt ûntstie in pear jier lyn mei Station Fryslân. Yn it tsjerkje fan it terpdoarp Britswert, midden yn ’e greide, kamen minsken byinoar om te praten oer de takomst fan Fryslân. Al gau die bliken dat in soad besikers har belutsen fielden by de feroarings yn it lânskip. Dy belutsenens is ek ferwurde yn ien fan de trije tema’s fan it winnende bidbook foar Ljouwert 2018, dat lêstendeis yn Amsterdam presintearre waard. Neist it tema Kultuer & Natoer binne dat Stêd & Plattelân en Ferskaat & Identiteit. It earste tema fynt syn ynspiraasje foar in grut part yn King of the Meadows, Reconnect the people to their landscape: Kening fan ’e greide. It is nammentlik in tema dat net allinnich yn Nederlân spilet, mar yn hiel Europa. It idee ‘Wy geane earst ris mei minsken yn petear dêroer’ groeide stadichoan út ta in projekt dêr’t boeren, de Ryksuniversiteit Grins, it Frysk Natuermuseum, Fûgelbeskerming Nederlân, it Wereld Natuur Fonds, Fryske miljeu- en lânskipsorganisaasjes en ûnderwiisynstellings harren namme oan ferbine woene. Dêrmei is de earste fraach fan it projekt ‘Fine wy dit wichtich?’ beäntwurde. De urginsje is der. No de gearwurking noch.

Want just dy gearwurking rint de ôfrûne jierren noch wolris wat stroef. It is de reden wêrom’t it trochbrekken fan in trend noch altyd net slagge is, tinkt Spoelstra. Hy wol as twadde stap ynventarisearje wat de alternativen binne: hoe soargje wy derfoar dat it lânskip syn ferskaat behâldt of ûntwikkelje kin? En as tredde stap stiet de fraach sintraal oft dy alternative oplossings ek yn ’e praktyk ynsetber binne. “Foardat wy dêr oan ta binne, moat der in omslach yn tinken komme”, seit Spoelstra mei klam. “De minske is wend om allerearst fan syn eigen belang út te gean. Wy libje yn in mienskip dy’t dêrtroch foar guon maatskiplike ûnderwerpen op slot liket te sitten. Wy hâlde elkoar fongen yn in soart fan dialooch dy’t alles yn stân hâldt. In nei binnen kearde, ferkrampte tastân. Wy wolle graach oars, mar it slagget ús net. Dat ferstikkende patroan besykje wy troch te brekken mei ‘Kening fan ‘e greide’. In nije blik op ússels yn in iepen mienskip.”

Oer de grins
Spoelstra: “Wy prate hjir net allinnich oer ús eigen lytse stikje Fryslân, wy hawwe it ek oer de wrâld, oer meta-ekologyske systemen. Om’t wy hjir hieltyd betider meane en hast gjin krûderike lânskippen mear hawwe, fljocht de skries betider werom nei it suden. Dêr komt er earder oan yn Afrika en settelt him op rysfjilden dy’t noch net hielendal woeksen binne. Dêrtroch moatte de Balanta, de lokale boeren, harren wurksumheden oanpasse. Inkeld en allinnich as wy yn dit grutte gehiel, yn in iepen mienskip, mei-inoar gearwurkje, dy problematyk ûnderkenne, kinne wy ta in effektive oanpak komme.” Dat dit projekt allinnich mar in protest wêze soe tsjin skaalfergrutting en yndustrialisaasje, fersmyt Spoelstra. “It is just in pleit om gear te wurkjen. Want yn de gearwurking leit de takomst, yn de kontrasten it ferline.”

‘Kening fan ’e greide’ giet ûnder oare oer hoe’t it fretten foar it fee organisearre wurdt. De skaalgroei dy’t yn 2015 foarspeld wurdt (20% groei fan de molkplasse) hat grutte effekten op hoe’t it feefoer (gers) organisearre wurde moat. As binnen dy feefoerdiskusje tema’s as ‘biodiversiteit, kringlopen en grondgebondenheid’ sintraal komme te stean, sil dy groei mear yn balâns komme. Inkelde boeren binne dêr al folop mei oan it eksperimintearjen en hawwe wizen fûn om tagelyk mei de skaalfergrutting ek in oplossing te finen om harren lân sûn (en fol krûden, en dêrmei fûgels) te hâlden. Mar yn it algemien libbet der noch in soad ûnkunde ûnder de agrariërs. Ek dat besykje de inisjatyfnimmers fan ‘Kening fan ’e greide’ troch te brekken. It kin oars, mar dan moatte wy wol kreatyf doarre te tinken.

Underwiis
In wichtige pylder ûnder it projekt is it beheljen fan ûnderwiisynstellings as Van Hall Larenstein en it Nordwin College yn de planfoarming. “Unmisber!”, ropt Spoelstra. “Wat yn it ûnderwiis opfalt is dy iensidige tinkwize. Meer is beter. Dat wurdt ynjûn troch de hjoeddeiske fyzjes fan de grutte koöperaasjes, de lânbou-universiteit en de ministearjes. Op dit stuit lykje se noch in soart fan iensidichheid te preekjen. Der binne lykwols ek minsken dy’t sizze dat dy iensidige oanpak ta ‘zeepbel-effekten’ yn de lânbou liede sil. Bedriuwen dy’t foar in grut part finansierd wurde, binne gefoelich wurden foar foer- en ôfsetprizen. Just dy boadskippen wurde noch net foldwaande yn it reguliere ûnderwiis ferkundige. Alles wat mei ferskaat te krijen hat, wurdt net besprutsen. Dêrom fine wy it sa moai om te sjen dat beide ûnderwiisynstellings yn Fryslân aktyf meitinke wolle en ree binne om harren ûnderwiis ynhâldlik te feroarjen en dêryn tegearre mei ús op te lûken. Dat is it begjin fan de iepen mienskip dêr’t wy nei stribje.”

Belutsen by it lânskip
It idee fan in saneamde ‘kringloopboerderij’ is nij. Der binne al tal fan boeren dy’t sjen litte dat it wurket: binnen it eigen areaal fretten en dong fersoargje. Spoelstra: “Dy boeren begripe it sêdingsprinsipe. Aaiwytryk gers is foar kij ideaal om de produksje te stimulearjen, mar it soarget wol foar in ientoanich lânskip. En mei dat ientoanige lânskip ferdwynt alles wat der foarhinne op en omhinne groeide en libbe. It is sa’n kontrast: just trochdat Nederlân sa’n greideryk lânskip hat, is de skries hjir ea hinne flein. It is krekt as ûnttroanje wy de kening no en sette wy him eigenhandich it lân út. Is dat wat wy wolle? Of doarre wy net mear oars te tinken?”

 

Wy moatte der no wat oan dwaan, yn plak fan aanst te sizzen: “Hie ik doe mar…”

Hawwe wy it rjocht om de kening fan syn troan te stjitten, freget Spoelstra him ôf. Minsken reagearje emosjoneel op it idee dat it yn de maitiid hieltyd stiller wurde sil. Se fiele in grutte belutsenens by it greidelânskip en de kwaliteit dêrfan. Yn de petearen dy’t holden binne, ûnder oare boargerpetearen, fine in soad minsken dat se yn har rjocht oantaast wurde: “Wij hebben recht op een vogelrijk voorjaar”. Dat is net sa’n nuvere gedachte, fynt Spoelstra. “Der binne sels ynternasjonale ôfspraken dy’t dy rjochten bewekje moatte. Wêrom jildt dat net foar Nederlân?” Hy seit mei klam dat it lykwols net giet om in foarm fan ‘musealisering’ fan it lânskip. “It moat gjin nostalgyske drang wurde om alles te hâlden sa’t it ea west hat. It is in iepening foar in oare sjenswize.” In iepen mienskip. Letterlik: in briedplak wêryn’t alle rangen, stannen en soarten byinoar komme om de ferskraling fan it lânskip en dêrmei de kultuer en kultuerrituelen tsjin te gean. “De rykdom floeit der stadichoan út. Wat wy besykje te dwaan is om dy slûpende feroaring fan it lânskip sichtber te meitsjen en bewust derfoar te kiezen om der wat oan te dwaan, yn plak fan aanst te sizzen: “Hie ik doe mar…”

 

Mear ynformaasje oer Kening fan de Greide: www.keningfanegreide.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.