It ferskil meitsje

AMARINS GEVEKE –  Houkje Rijpstra, sûnt 2017 algemien direkteur fan Circulair Friesland (CF). In echte âlderwetske idealist, sa blykt út ús petear. Al wie dat ek net echt fernuverjend, nei in loopbaan as sjoernalist en wethâlder fan de gemeente Tytsjerksteradiel, dan moat der wol wat oars wêze dat ien driuwt as allinne de sinten. In […]

Thús mei de Homesick

ANNE-GOAITSKE BRETELER –  Oars soe ik Jaap van der Velde (23 jier) moetsje tusken syn optredens troch yn Frankryk, Dútslân, Lúksemboarch en Ingelân. Jammer genôch kin de release tour fan syn band The Homesick net fierder gean fanwege it coronafirus. Dus belje ik op ôfstân mei de fan oarsprong Dokkumer dy’t no yn in kreakpân […]

Dolly Bellefleur foar de buitenbeentjes

TIALDA HOOGEVEEN –  Hast wie Ljouwert de gaststêd fan Ljouwert Roze Zaterdag, wie it net dat dat rotfirus – foarearst – dêr in streek trochhinne sette. Dolly Bellefleur soe skitterje op de grêften fan de Fryske haadstêd. De man achter dy ekstravagante ferskining is Ruud Douma, waans namme Fryske woartels ferriedt. Tegearre meitsje wya trip down memory lane lâns de spoaren fan syn pakes en beppes. Ruud Douma (1961) sjocht […]

‘It idee dat jo dingen feroarje kinne.’

KAREN BIES –  Yn syn film ‘Enjoy poverty’ toant keunstner Renzo Martens hoe’t earmoed yn Afrika in ekonomyske wearde hat. Grutte bedriuwen, mar ek helporganisaasjes, sjoernalisten en keunstners fertsjinje deroan. Earmoed is in boarne fan ynkomsten. Lykwols, de earmen bliuwe earm. Yn ‘Enjoy Poverty’ sjochst honger, geweld, ferwoesting en gjin útsicht op ferbettering. ‘Oan de […]

‘Der is ynternasjonaal each foar wat wy hjir dogge’

WILLEM VERF –  Fjouwerenfyftich is er, de nije boargemaster fan Ljouwert. En o sa wiis mei syn beneaming. Dit wie syn begearen, en Sybrand van Haersma Buma woeks dermei op, mei in boargerfaar… ‘Dy publike funksje fan ús heit wie der altyd, doe’t ik jong wie. Oare bern wisten ek dat ik de soan fan […]

‘Een pot met goud’

WENDY KENNEDY –  Kreatyf multytalint Koen Haringa (34) fielt him thús yn Ljouwert, yn Fryslân. Hy hie fan tefoaren nea foarsizze kind dat hy yn de kultuerwrâld telâne komme soe. Hy is de baas fan poppoadium Asteriks yn Ljouwert, ien fan de oprjochters fan brûsplak de Stadsoase, betinker fan Mooiedingenmakers en ien fan de grûnlizzers […]

Nina Hiddema: ‘Ferhalen fertelle sit yn it DNA fan Fryslân’

BAUKJE ZIJLSTRA –  Nina Hiddema is sûnt jannewaris 2019 direkteur fan Omrop Fryslân, neidat se dêr al trijekwart jier wurke hie as ynterim-direkteur. Heech tiid dus foar in ynterview mei de frou dy’t lieding jout oan ien fan de byldbepalende ynstituten fan Fryslân. Oer kwaliteit tsjinoer kwantiteit, harkje nei meiwurkers en publyk, de taak fan […]

Hans Jouta hie it byld fan Johan Cruijff fergees ek makke

ATE DE JONG –   It byld fan de held fan syn heit – Hotze Schuil yn Harns – hie hy al makke. Mar it koe noch grutter. Ut fjirtich kandidaten waard hy keazen om it stânbyld fan Johan Cruijff te meitsjen. Meikoarten stiet it byld foar de ArenA. Hans Jouta makke earder bylden fan ûnder […]

Erotic Heechterp-Schieringen oan de Volga

ARJAN HUT –  Ulyanovsk is in grutte stêd yn Ruslân. It leit oan de Volga en is (krekt as Ljouwert) UNESCO City of Literature. De stêd organisearret in grutte online ekspo ‘A City as a Writer’s Workplace’. Nicole van den Berg (1988) út Ljouwert stjoerde in foto yn dy’t se makke fan in boartersplak yn […]

Hij droomde van een onvoorstelbaar licht

RHEA HUMMEL –  Zijn leven lang probeerde kunstenaar JanMurk de Vries (1919-2015) een overweldigende ervaring uit zijn kindertijd tot uiting te brengen in zijn werk en leven. Vijf jaar na zijn dood spreekt dat nog altijd aan: paviljoen Obe in Leeuwarden exposeerde zijn werk; een brievenboek is in voorbereiding. Die dinsdag lag over het Friese […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.