Omke Pier – Maartje Roos

Omke Pier, Maartje Roos

Wêr fange we de measte fisk? Fiskersfamyljes oan de Sudersee holden allegear op hun eigen wize by wêr se wêze moasten om te fiskjen, en droegen dat oer fan heit op soan. It liket wol in soart ‘geheimtaal’. Kooien krekt iepen, east oant twa wynmûnen en dan toer Hylpen yn boskje Workumerwaard is sa’n rychje oanwizings. Yn […]

Hoera, in kado fan Meindert Talma!

Hoera! Meindert Talma (Surhústerfean, 1968) sil it kadoboek foar de Fryske Boekewike 2024 skriuwe. Leafhawwers fan syn gauris autobiografyske boeken fregen har al jierren ôf, wêrom freegje se de âld-Wâldsjonger net? It parseberjocht giet út op Falentynsdei, en komt mei in ekstra ferrassing: Talma is krekt klear mei in oar manuskript! Dat, meitsje mar fêst […]

Falentijnsdei: midfryske hofmakkerij

GERBRICH DE JONG –  It is Falentynsdei. In moai momint om te sjen hoe’t ús manlike foarâlden fjouwerhûndert jier lyn besochten om oan in houlikskandidaat te slagjen. De froulju bliuwe wat achter, mar dat is ek de bedoeling. Yn it Midfryske leafdesferhaal leit de man oan de fuotten fan it frommes en hâldt sy de […]

Stedsdichter Marrit Jellema stelt har foar yn fideo

Stedsdichter Marrit Jellema hat in fideo opnaam wêryn ’t sy it gedicht Geen ode zonder pijn foardraacht en harsels foarstelt oan de bewenners fan de gemeente Ljouwert. Ek fertelt Marrit Jellema wat se as Stedsdichter berikke wol; se wol yn kontakt komme mei alle doarpen en wiken en sa poëzy yn de hiele gemeente Ljouwert […]

Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Dûnsje en Dichters

It wie in roerige poezywike mei in ferstjerren, rapworkshops, in nije stedsdichter foar Ljouwert en in Grutte Gedichtejûn. Gabrielle wol 3 wiken op de skriuwersark ferbliuwe mar Arjan wol der it leafst sa gau as mooglik wer wei. Binne wy in soarte fan Bomans en Wolkers op Rottumerplaat? Arjan freget him ôf oft syn gelok […]

Fergees tagonklike yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

Natalia Balanina, Skriuwersfakskoalle

Benijd nei dyn skriuwtalint? Nei watsto yn de pinne hast, watsto te fertellen hast? Kom dan nei de fergees tagonklike yntroduksjeles fan de Skriuwersfakskoalle. Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdei 28 […]

In Memoriam dichter Jacobus Q. Smink (1954 – 2024)

© Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen, Jacobus Quiryn Smink

Dichter Jacobus Q. Smink is 26 jannewaris ferstoarn. Smink wie in kleurryk mins mei in gouden pinne. Hy lit seis bern en in prachtich oeuvre nei. Syn biografe Marian Hulshof skreau in moai IM oer him foar de Moanne.  – – – – – – – – Op 31 januari 1954 hangt op de kerk […]

Marrit Jellema Stêdsdichter Ljouwert

Marrit Jellema (30) is tiisdeitejûn beneamd ta nije Stêdsdichter fan Ljouwert. Yn de Westertsjerke makke wethâlder Hein Kuiken nei in koart programma bekend dat de kar fan de sjuery op de spoken word-artyst fallen is. Fjouwer finalisten bleaune nei in earste rûnde oer. Ien fan harren (Hendrik Willemsen, de jongste) heakke foar de presintaasje oan […]

Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Tsjuster en Terapy

  It is poëzywike!  Arjan hat poëzy meinaam mei it tema Thús. Gedichten fan Albertina Soepboer en Harmen Wind en ek in nijen fan himsels. Douwe Dijkstra is te gast om te fertellen oer syn nijste show Let’s get mental en it sjenre terapypop. Hy fertelt oer syn ûnderfining mei terapy en ek Gabrielle en […]

Sido Martens yn podcast ‘De zinnen verzetten’

Sido Martens

REDAKSJE – Deze keer is in de podcast De Zinnen Verzetten schrijver-dichter-singer-songwriter Sido Martens te gast. In 1974 trad deze ras-Liwwadder als bandlid van Fungus bij Pinkpop op met de hit Kaap’ren Varen. Ook was hij jarenlang redacteur voor Runners World. Het werd een levendig gesprek want Sido praat zoals hij schrijft: vooruit achteruit linksom […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.