• 1 december 2017

    RYNK BOSMA -  By de foarstelling ‘Elkenien is in prutser’ stiet sels dy titel net fêst, je kinne foar it selde jild prutser ferfange troch hakkenkruk of pieler of griemer. Neat leit fêst sa as dat yn it libben ek it gefal is. Fiif spilers fan Tryater, Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline de Vries en Brecht Wassenaar, spylje harren sels en dogge [...]

  • 29 november 2017

    RYNK BOSMA -  In fearns iuw lang stie Tseard van der Hem fan Winsum noed foar de sinten dy’t by it Berne-Iepenloftspul (BIS) fan Easterwierrum binnenkamen en útjûn waarden. Twa jier lyn kaam der in ein oan, mar de 76-jierrige Van der Hem mocht noch wol op 2 novimber de Pyt van der Zee priis fan twatûzen euro út hannen fan deputearre Sietske Poepjes krije. [...]

  • 16 oktober 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Tongersdei 12 oktober, yn it Posthús op It Hearrenfean, gong de Tryaterfoarstelling Wat Jo Wolle yn premjêre. Bûten, foar de yngong, stiet in poarte, mei de namme fan it stik yn neonletters. Wat as earste opfalt, yn de hal al, is it publyk. Fansels, der binne de ‘pommeranten’ út de Fryske teaterwrâld – produsinten, spilers, bestjoersleden, oare belutsenen – as gebrûklik by [...]

  • 12 oktober 2017

    RYNK BOSMA -  ‘It is myn tiid net mear’, sa sei skriuwer en sjoernalist Rink van der Velde ea tsjin in buorman. De jeier hie it gefoel as hy mei it brutsen gewear troch syn doarp fytste dat hy hast in oarlochsmisdiediger wie. In korrespondint fan Starum stjoerde de sjoernalist Van der Velde fan de Ljouwerter Krante geregeldwei stikken yn sok hertferskuorrend Frysk Nederlânsk dat [...]

  • 9 oktober 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Yn it smûke doarpshûs fan Weidum gie sneon, 8 oktober, foar in man as fyftich, de teaterfoarstelling De grins / De Grens yn premjêre. De oankundiging set útein mei: “It klimaat feroaret, it seewetter komt deroan, de seedyk, ús fertroude grins is net heech genôch, wy strûpe derûnder! WAT DOGGE WY? Ferhúzje wy nei Drinte, nei België? Komme der nije grinzen? Binne [...]

  • 19 september 2017

    RYNK BOSMA -  In man en in frou komme op de selde dei tagelyk by de karavan oan om fakânsje te fieren. Man en frou binne skieden mar tochten dat se dy karavan noch wol tegearre brûke koenen om fakânsje te hâlden. Mar dan moatte der fansels wol goede ôfspraken makke wurde. Wa sil it paad werom nimme om wer op hûs ta is de [...]

  • 5 september 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Sneontejûn, yn de notaristún fan Jorwert, gie It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht yn premjêre. Kristian Johan Frâns Boonstra (Bauke Haanstra), sechtjin jier, krijt it wurd: hy sil in presintaasje hâlde. Foar immen mei in ‘stoarnis yn it autistyske spektrum’, dy’t er seit te hawwen, is it dreech om foar publyk te stean en hy sjit dan ek daliks [...]

  • 3 juli 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Freed 30 juny, yn ’e rin fan ’e middei, meldt Omrop Fryslân dat de iepenloftfoarstelling fan Dronryp ferskood wurdt fanwegen it foarseine minne waar. De premjêre fan Bauck!, brocht troch de Stichting Grut Hermana, giet ál troch. It eazet as ik de auto ynstap, it eazet ûnderweis, it eazet as ik yn Berltsum by it Hemmemapark oankom. It sin wurdt better as [...]

  • 28 juni 2017

    RYNK BOSMA -  De toan is yn Dronryp set as de ouverture fan it iepenloftspul Manon iepent mei it sa mankélike Avec le temps fan Léo Ferré. De tiid hâldt gjin skoft klinkt krekt efkes ierdser as Avec le temps, va, tout s'en va, On oublie le visage Et l'on oublie la voix, Le cœur quand ça bat plus. Mar de prachtige tekst soe net [...]