• 6 januari 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Elk jier, om krysttiid hinne, yn 2014 foar de fyfde kear, wurdt yn it Posthús op It Hearrenfean in famyljemusical brocht, meast jûns, mar ik kies foar in foarstelling op sneintemiddei yn de ferwachting tusken de gibeljende en gekjeiende bern te sitten. Der binne yndie bern, mar toch benammen fyftichplussers dy’t op it fenomeen Rients Gratama ôkomme. En in fenomeen is it. Gratama [...]

  • 22 december 2014

    MARRIT DE SCHIFFART -   In skerpe miening dy’t fuortkomt út in passy foar kultuer. It typearret teatermakker en ûndernimmer Jan-Dirk van Ravesteijn (Zuidlaren, 1976). Ferline jier iepene er De Vier Pelikanen, in minyteaterke oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. Dêrneist hie er in protte súkses mei de teaterkuier ‘Anna en Us Heit’ en mei ‘Mooi Mislukt’, in one-man-musical oer de bouwer fan de Aldehou. Van [...]

  • 11 december 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Ofrûne jier maart, yn it doarpshûs fan syn wenplak Húns, spile, twa jûnen achter elkoar, Elmar Kuiper syn tragikomeedzje De lytse kannibaal. En letter noch in kear yn LOFT yn Boksum. Lytse lokaasjes en dêrmei is it tal minsken dat de foarstelling besocht hat beheind. (Foar in ympresje fan de útfiering yn Húns, sjoch hjir.) Lykas earder De fûgels fan Fantasia (2010) is ek [...]

  • 3 december 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Leafde yn tiid fan iensumens De stuollen stean op de flier, it toaniel is ferhege, as wie it in doarpshûssealtsje en dat is de setting dêr’t 'It famke en de twiveler', in nij projekt fan Tryater, yn de takomst sûnder mis spile wurde kin. It stik is in bewurking fan de jierren fyftich Broadwayhit 'Two for the Seesaw', in spul foar twa [...]

  • 12 november 2014

    FROUKJE SIJTSMA -  “Foar safier’t ik neigean kin, wurdt dit de earste minor trainingsaktearjen yn 'e wrâld”, fertelt Froukje van Houten. We sitte oan de keukenstafel fan har moaie wenbuorkerij yn Wergea. Van Houten rint de keuken út nei de oangrinzjende wenkeamer ta, om dêr in steapel boeken út de kast te heljen. “Sa ast sjen kinst, is der genôch skreaun oer wat trainingsaktearjen krekt [...]

  • 7 november 2014

    EELCO VENEMA -  'De Jongens wolle ek graach it teater yn', lês ik yn it programmaboekje fan 'e Harmonie. En dat fyn ik in prachtige sin. As meie se net en stean se balstjurrich mei de fústen op 'e doarren fan it teater te slaan. Wy wolle der ek yn! 'De Jongens' meie der om my wol yn. Graach sels. 'De Jongens' is in kollektyf fan fjouwer [...]

  • 28 oktober 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Neffens frieslandagenda.nl – in site fol mei streken ûnder de links – hawwe de Lawei yn Drachten, de Harmonie in Ljouwert, it Posthuis op It Hearrenfean en it teater in Snits neat op it programma. Op beleeffriesland.nl is de evenementenkalender mar mei muoite te finen en ha ik dy fûn, dan blykt dat allinne Tryater de muoite nimt om troch te jaan [...]

  • 23 september 2014

    NYNKE VAN DER ZEE -  Op 9 oktober bringt Tryater 'The Bridges of Madison County' fan R.J. Waller op it toaniel. Noch nea earder waard dit ferneamde leafdesferhaal op toaniel ferteld en dêrmei hat Tryater de wrâldpremiêre. It Fryske stik krige de namme 'In Leafde', wurdt spile troch Nynke Heeg, Eelco Venema en Joke Tjalsma en stiet ûnder rezjy fan Jos van Kan. De Fryske oersetting [...]

  • 17 september 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Stefan Belderbos (Dirk Stoelwinder), sosjaal geograaf en ûndersiker yn de geasteswittenskippen, wennet yn Penjum en ûndersike de skiednis fan de omkriten dêr’t er, op it poadium fan it doarpshûs in lêzing mei ljochtbylden oer hâldt. Hy befrege bewenners oer plakken dy’t sy moai fine. It bysûndere, sa konkludearret er, sit him yn trije dingen: de skiednis derfan, oantinkens oan de jeuchdjierren, kultuerlânskippelike [...]