• 24 juni 2015

    TRYATER -  Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Tineke Fopma in fraach fan Rixt Bottema. Sy frege: 'Tryater hat yn de 50 jier fan har bestean in hiele protte foarstellingen makke. Do wurkest al 33 jier by Tryater en hast dus al in hiele protte foarstellingen meimakke. Hokker foarstelling springt der foar dy út en wêrom?' It is dreech [...]

  • 22 juni 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  In trije kertier foar’t de foarstelling begjint wurdt der, foar 'Holes', in koproduksje fan Tryater en De Jonge Republiek, noch repetearre. Benijd klim ik it dún op om te harkjen nei de sjongstim fan Sjaan Duinhoven dy’t mearke-eftich opklinkt as ik oer it boskpaad nei de sânflakte rin dêr’t it barren him ôfspylje sil. Dit, harkje sûnder dat der al publyk is [...]

  • 15 juni 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  De wyn waait de taskôgers kâld yn de nekke en de Arrivatrein nei Harns dinderet foarby as yn it neiboude Achterhûs Miep Gies de typmasine fûleinich rattelje lit en inkelde spilers, yn swarte jassen, opkomme en troch in doar ferdwine. Der is de skok fan werkenning: op de jassen, heldergiel de Joadestjer. Even letter jout Peter, foar de ûnderdûkperioade skoallegenoat fan Anne, [...]

  • 4 juni 2015

    NYNKE VAN DER ZEE -  Op 12 juny, de 86e bertedei fan Anne Frank, belibbet Fryslân de Frysktalige premjêre fan it iepenloftspul 'It Deiboek fan Anne Frank'. Op it terrein fan It Holt yn Deinum wurdt in unyk earbetoan brocht oan in famke dat mei har deiboek minsken oer de hiele wrâld djip yn it hert wist te reitsjen. En dat is ek presys it [...]

  • 27 mei 2015

    FROUKJE SIJTSMA -  Fiif dagen yn ‘e wike is administateur Johan van der Berg dwaande mei de finansjele administraasje fan Tryater. ‘Mei saaklik lieder Siart Smit stel ik de begruttings op foar de ferskillende teaterproduksjes fan Tryater. Fierder meitsje ik de finansjele einferslagen at de foarstellings dien binne, boek ik faktueren yn en hâld ik de finansjele sûnens fan de rinnende foarstellings yn ‘e gaten.’ [...]

  • 14 mei 2015

    SUSANNE BENSDORP -  Hast alle dagen is Harold te finen by Tryater. Hy wurket nammentlik mei oan de foarstelling Untsnapping nei it fiere easten. Dizze foarstelling spilet alle wurkdagen, útsein woansdeis, op ‘e souder fan it Tryatergebou en ûntfangt dêrmei sa’n 450 bern yn ‘e wike. Harold fangt dizze bern op en wiist har it paad. Harold is no sa’n fiif jier aktyf frijwilliger by [...]

  • 11 mei 2015

    NYNKE VAN DER ZEE -  Sneon 16 en snein 17 maaie spilet en sjongt it Kwartettekoar de musical Ruth yn de grutte seal fan De Lawei yn Drachten. It is in grut selskip dat de fernijde skouboarch ûntfange mei. Njonken it Kwartettekoar befolkje der solisten, in bernekoar, dûnsers en in grutte groep muzikanten it poadium. En dat alles stiet ûnder lieding fan dirigint Hindrik van [...]

  • 6 mei 2015

    RIXT BOTTEMA -  Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Rixt Bottema in fraach fan Jan Ros. Jan Ros stelde de folgjende fraach oan Rixt Bottema: 'By in protte dingen dy’t by in teaterbedriuw as Tryater barre stiest net stil, mar se binne wol hiel belangryk. Kinsto my útlizze wat it plannen fan in toernee ynhâldt en wêr’t de [...]

  • 15 april 2015

    NYNKE VAN DER ZEE -  Ein novimber stie se foar it earst yn it Tryatergebou op de planken mei it stik It famke en de twiveler fan Tatiana Pratley. Ali Zijlstra (22) spile yn de stêd dêr’t se hikke en tein is har debútstik foar Tryater. Dêrmei is de sirkel rûn, want yn Ljouwert rekke se as lyts famke fereale op it toaniel. "Yn de [...]