In sânflakte as strafkamp

ELSKE SCHOTANUS –  In trije kertier foar’t de foarstelling begjint wurdt der, foar ‘Holes’, in koproduksje fan Tryater en De Jonge Republiek, noch repetearre. Benijd klim ik it dún op om te harkjen nei de sjongstim fan Sjaan Duinhoven dy’t mearke-eftich opklinkt as ik oer it boskpaad nei de sânflakte rin dêr’t it barren him […]

Applaus dêr’t stilte past

ELSKE SCHOTANUS –  De wyn waait de taskôgers kâld yn de nekke en de Arrivatrein nei Harns dinderet foarby as yn it neiboude Achterhûs Miep Gies de typmasine fûleinich rattelje lit en inkelde spilers, yn swarte jassen, opkomme en troch in doar ferdwine. Der is de skok fan werkenning: op de jassen, heldergiel de Joadestjer. […]

Anne Frank yn it Frysk rekket my noch djipper

NYNKE VAN DER ZEE –  Op 12 juny, de 86e bertedei fan Anne Frank, belibbet Fryslân de Frysktalige premjêre fan it iepenloftspul ‘It Deiboek fan Anne Frank’. Op it terrein fan It Holt yn Deinum wurdt in unyk earbetoan brocht oan in famke dat mei har deiboek minsken oer de hiele wrâld djip yn it […]

‘Troch myn wurk by Tryater sjoch ik no mei oare eagen nei toaniel’

FROUKJE SIJTSMA –  Fiif dagen yn ‘e wike is administateur Johan van der Berg dwaande mei de finansjele administraasje fan Tryater. ‘Mei saaklik lieder Siart Smit stel ik de begruttings op foar de ferskillende teaterproduksjes fan Tryater. Fierder meitsje ik de finansjele einferslagen at de foarstellings dien binne, boek ik faktueren yn en hâld ik […]

Frijwilliger yn ’t ljocht: Harold Hesselink

SUSANNE BENSDORP –  Hast alle dagen is Harold te finen by Tryater. Hy wurket nammentlik mei oan de foarstelling Untsnapping nei it fiere easten. Dizze foarstelling spilet alle wurkdagen, útsein woansdeis, op ‘e souder fan it Tryatergebou en ûntfangt dêrmei sa’n 450 bern yn ‘e wike. Harold fangt dizze bern op en wiist har it […]

Musical Ruth jout hoop foar de takomst

NYNKE VAN DER ZEE –  Sneon 16 en snein 17 maaie spilet en sjongt it Kwartettekoar de musical Ruth yn de grutte seal fan De Lawei yn Drachten. It is in grut selskip dat de fernijde skouboarch ûntfange mei. Njonken it Kwartettekoar befolkje der solisten, in bernekoar, dûnsers en in grutte groep muzikanten it poadium. […]

Kettingreaksje: Rixt Bottema

RIXT BOTTEMA –  Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Rixt Bottema in fraach fan Jan Ros. Jan Ros stelde de folgjende fraach oan Rixt Bottema: ‘By in protte dingen dy’t by in teaterbedriuw as Tryater barre stiest net stil, mar se binne wol hiel belangryk. Kinsto my útlizze […]

De sirkel is rûn

NYNKE VAN DER ZEE –  Ein novimber stie se foar it earst yn it Tryatergebou op de planken mei it stik It famke en de twiveler fan Tatiana Pratley. Ali Zijlstra (22) spile yn de stêd dêr’t se hikke en tein is har debútstik foar Tryater. Dêrmei is de sirkel rûn, want yn Ljouwert rekke […]

Soldaten op missy en âlden dy’t noedzje

ELSKE SCHOTANUS –  Maaie 2013 yn it Tryatergebou, by de preview fan Thúsfront, doe yn de foarm fan in ‘teatrale lêzing’ wie ik tige ûnder de yndruk fan de tekst fan Romke Toering dy’t troch de spilers, skriuwblokken yn de hân en foar it meastepart sittend, foar it fuotljocht brocht waard. “Dêrby steurt it blêdzjen […]

Frijwilliger yn ’t ljocht

FINNY ANDRINGA-VAN DER PAL –  It wie yn it Princessehof yn Ljouwert by Brekber, dat ik efkes noflik siet te praten mei ‘ús’ Hilly (koördinator fan de frijwilligers). Wy hiene it oer de fraach fan Tryater om in stikje oer it frijwilligerswurk by Tryater te skriuwen. Ik murk dêrby op, dat dat neat foar my […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.