Fan lytse stientsjes nei ien grutte balstien

RYNK BOSMA –  Yn in tiid dat elts op nasjonaal nivo mei de bûslampe op syk is nei de ‘gewone Nederlander’ slagget Sult der yn dat ferskynsel hannen en fuotten te jaan yn de foarstelling ‘Hauken & hazzen’. Hazzen en hauken rinne troch elkoar hinne yn in foarstelling wêr’t ymprovisaasje foarop stiet. Dat bart yn […]

Mear gif boppe as ûnder de grûn

RYNK BOSMA –  De harmony fan de klanken op de harp troch Marije Vijselaar dogge tinken oan it boek mei de sa moaie titel Tender is the night fan de Amearikaanske skriuwer F. Scott Fidzgerald fan 1934. Sa soe it eins wêze moatte tusken twa minsken, mar de klanken foarmje in grutte tsjinstelling mei wat […]

It libben fette yn in oere

RYNK BOSMA –  By de foarstelling ‘Elkenien is in prutser’ stiet sels dy titel net fêst, je kinne foar it selde jild prutser ferfange troch hakkenkruk of pieler of griemer. Neat leit fêst sa as dat yn it libben ek it gefal is. Fiif spilers fan Tryater, Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline […]

De foarmjende wearde fan it BIS

RYNK BOSMA –  In fearns iuw lang stie Tseard van der Hem fan Winsum noed foar de sinten dy’t by it Berne-Iepenloftspul (BIS) fan Easterwierrum binnenkamen en útjûn waarden. Twa jier lyn kaam der in ein oan, mar de 76-jierrige Van der Hem mocht noch wol op 2 novimber de Pyt van der Zee priis […]

Wat Jo Wolle

ELSKE SCHOTANUS –  Tongersdei 12 oktober, yn it Posthús op It Hearrenfean, gong de Tryaterfoarstelling Wat Jo Wolle yn premjêre. Bûten, foar de yngong, stiet in poarte, mei de namme fan it stik yn neonletters. Wat as earste opfalt, yn de hal al, is it publyk. Fansels, der binne de ‘pommeranten’ út de Fryske teaterwrâld […]

Ut de tiid falle yn Bokwert

RYNK BOSMA –  ‘It is myn tiid net mear’, sa sei skriuwer en sjoernalist Rink van der Velde ea tsjin in buorman. De jeier hie it gefoel as hy mei it brutsen gewear troch syn doarp fytste dat hy hast in oarlochsmisdiediger wie. In korrespondint fan Starum stjoerde de sjoernalist Van der Velde fan de […]

Der binne grinzen …

ELSKE SCHOTANUS –  Yn it smûke doarpshûs fan Weidum gie sneon, 8 oktober, foar in man as fyftich, de teaterfoarstelling De grins / De Grens yn premjêre. De oankundiging set útein mei: “It klimaat feroaret, it seewetter komt deroan, de seedyk, ús fertroude grins is net heech genôch, wy strûpe derûnder! WAT DOGGE WY? Ferhúzje […]

It paad werom op fakânsje

RYNK BOSMA –  In man en in frou komme op de selde dei tagelyk by de karavan oan om fakânsje te fieren. Man en frou binne skieden mar tochten dat se dy karavan noch wol tegearre brûke koenen om fakânsje te hâlden. Mar dan moatte der fansels wol goede ôfspraken makke wurde. Wa sil it […]

Tics yn ’e notaristún

ELSKE SCHOTANUS –  Sneontejûn, yn de notaristún fan Jorwert, gie It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht yn premjêre. Kristian Johan Frâns Boonstra (Bauke Haanstra), sechtjin jier, krijt it wurd: hy sil in presintaasje hâlde. Foar immen mei in ‘stoarnis yn it autistyske spektrum’, dy’t er seit te hawwen, is it dreech om […]

In skip soere appels foar Bauck!

ELSKE SCHOTANUS –  Freed 30 juny, yn ’e rin fan ’e middei, meldt Omrop Fryslân dat de iepenloftfoarstelling fan Dronryp ferskood wurdt fanwegen it foarseine minne waar. De premjêre fan Bauck!, brocht troch de Stichting Grut Hermana, giet ál troch. It eazet as ik de auto ynstap, it eazet ûnderweis, it eazet as ik yn […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.