• 2 december 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Sa soe it wêze moatte, as Joost Bolt en Wendell Jaspers – spilers en persoanaazjes tagelyk – har tegearre weromlûke yn in hûs oan see, fier fan de bewenne wrâld. It hûs, ferbylde troch op it spylflak krytstreken te lûken, en twa stuollen binne sa’n bytsje de iennige attributen dy’t de setting foarmje. Dêr sil it pear – yn it stik ‘Er [...]

  • 13 november 2019

    RYNK BOSMA -  ‘De mins is net oars as de plant, hy of sy hat in soad wetter en ljocht nedich mar boppe al in protte leafde’. Sa seit Jan Eekma as doarpsdokter Goedhart yn 'De Bûsedokter', de nije foarstelling fan Teatergroep Sult yn de kas FleurigBuiten yn Koudum. Dokter Goedhart is yn de hjerst fan syn libben en siteart syn ferstoarne frou Janke, ‘Ik [...]

  • 14 oktober 2019

    RYNK BOSMA -  By tafal seach de Nederlânske skriuwer Arthur Japin yn de jierren njoggentich in deasike frou yn in praatprogramma op televyzje. De frou hie net lang mear te gean yn dit libben en socht in geskikte opfolger foar harsels sadat har man net allinne bliuwe soe. Dat tema brûkte Japin foar de roman De man van je leven dat ferline jier as toanielstik [...]

  • 7 oktober 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Al wurdt in toanielfoarstelling skreaun en regissearre – is tekst it fûnemint – al spylje foarmjouwing, ljocht, muzyk en technyk in wichtige rol by de yndruk dy’t in stik op it publyk makket, it binne de spilers dy’t it bouwurk oplûke. Yn de Tryaterfoarstelling Raze om protters, skreaun en regisearre troch Eelco Venema, binne dat Raymond Muller as de autistyske Doede, Aly [...]

  • 30 september 2019

    RYNK BOSMA -  Foarsichtich kinne je sizze, mar om’t hoeden in moaier Frysk wurd is, wurdt hjir dat wurd mar brûkt. En dat slacht dan op de útfiering fan it iepenloftspul fan Stifting Iepenloft Opsterlân. Dy stifting hie dit jier yn De Himrik it ferneamde Animal Farm fan George Orwell op it program en omdat de titel fan it boek fan 1945 in begrip is, [...]

  • 16 september 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Nei it súksesfolle ‘De Suvering’, twa jier ferlyn mei de fertutearze wettersuvering fan de eardere suvelfabryk as dekôr, bringt de Stifting Iepenloftspul Wergea dit jier op ’e nij lokaasjeteater. Diskear giet it om in harkspul. Mei de koptelefoan op fart it publyk yn trije preammen troch de Ringfeart om de ynpoldere Greate Mar. De ferteller fertelt it ferhaal ‘It lûd fan de [...]

  • 2 september 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Stjer yn it tsjuster is de perfekte foarstelling foar Jorwert, it doarp dat mei syn jierlikse iepenloftspul alle jierren wer in enoarme cast oan spilers, musisy en dûnsers op ’e planken yn de notaristún wit te krijen. It stik is basearre op Lars von Trier syn film Dancer in the Dark, mei de Yslânske sjongeres Björk yn ’e haadrol. Al is it de [...]

  • 1 juli 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  ‘It Oera Linda-boek,’ sei professor Goffe Jensma ris, ‘is de grutste literêre fyt oait.’ Toanielselskip Kom mar op! Suwâld bringt it ferhaal as in iepenloftspul, regissearre troch Grytha Visser. Binne de kaarten foar iepenloftfoarstellingen hast altyd yn it foar al útferkocht, by de premjêre fan de foarstelling Oera Linda, tongersdei 27 juny, wie de tribune heel leech. Of heal fol. Spitich, want [...]

  • 24 juni 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Op de twadde jûn dat yn de tún oan de Haven fan Dronryp, ûnder regy fan Theo Smedes, Turks Fruit brocht wurdt as iepenloftspul, swimt Maarten van der Weijden yn de omkriten fan Boalsert syn Alvestêdetocht om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Sawol op de hinne- as op de weromreis is de autoradio ôfstimd op de Omrop, in nuver tafal, besef [...]