De moord op een principe als zinderend theater

ELSKE SCHOTANUS –  Op het toneel een hoge lichttoren, binnen een vrouw, de woekeraarster, die bezig is staven goud en sieraden te ordenen. Een tweede vrouw, haar zuster, dweilt de trap. Daarbuiten een enorme bel, oude dozen, een deken waaronder iemand ligt, een kapotte fauteuil en nog zo wat rekwisieten. Hier en daar staat of […]

Oade fan in skrúten puberfamke

NYNKE VAN DER ZEE –  Fiif jier wurke sjoernaliste Marita de Jong oan har fersammelwurk oer toanielselskip de Noorder Compagnie. Hiel wat kearen naam se de ôfslach Fryske Peallen om dêr de ferhalen op te tekenjen fan Jaap Maarleveld en Manon Alving. De Jong sammele mei ingelegeduld de moaiste herinnerings fan it akteursstel, wat úteinlik […]

De 8e dag van de week

EELCO VENEMA –  Midden yn it sintrum fan Ljouwert, deun by ylústere Liwwadder lokaasjes as Zalen Schaaf en Silvia’s Sneupwinkel leit de Sacramentstrjitte. Op nûmer 24 wurdt yn in âlde teaterzaal hurd wurke oan ’De 8e dag van de week’. It stik is skreaun troch de ‘James Dean’ út Polen, Marek Hlasko. De fergeliking jildt foar […]

Noorder Compagnie yn Museum Dr8888

Op snein 24 maart iepenet yn Museum Dr8888 de útstalling Toneelgroep Noorder Compagnie, de beginjaren. In oersjochstentoanstelling fan in bysûnder toanielselsskip dat syn oarsprong yn Drachten hie, mei artistyk lieders Jaap Maarleveld en Manon Alving en akteurs as Rutger Hauer en Joop Wittermans. De iepening sil plakfine yn de swarte seal fan de Lawei yn Drachten […]

Weemoed en langst, sûnder Facebook, sûnder Skype

ELSKE SCHOTANUS – De Emigrant, De Koornbeurs, Frentsjer, sneon 16 maart 2013 Hast it idee datst in emigrant yn eigen lân bist, ast ûnder Ljouwert, oer de N31 de kant fan Frentsjer út rydst om dêr, yn de Koornbeurs, de premjêre fan De Emigrant mei te meitsjen. Slingerst tusken piramiden fan sânsekken troch, in leger oan […]

Special oer de Noorder Compagnie

Yn 1967 wurdt it toanielselskip De Noorder Compagnie oprjochte as toanielfoarsjenning foar Fryslân, Grins en Drinte. In hiele generaasje middelbere skoalbern yn de trije noardlike provinsjes is, mei tank oan de Noorder Compagnie, yn oanrekking kaam mei teater. De earste artistyk lieder wie akteur en regisseur Jaap Maarleveld. Neist him stie syn frou, aktrise Manon […]

Knibbelje yn Húns

ELSKE SCHOTANUS – De lytse kannibaal, Freed, 8 maart doarpshûs de Murdhoun, Húns In tsjerkje op in terp, it keatsfjild, dêromhinne huzen. Achter sawat alle finsters brâne de ljochten. Sitte de bewenners dan net yn de Murdhoun, it doarpshûs fan Húns/Leons dêr’t toanielferieniging De Takomst De lytse kannibaal bringt? ‘Fansels,’ wit ien fan de besikers te fertellen, ‘allegearre, […]

Dirk Scheele yn Jirnsum

EELCO VENEMA –  Wy begjinne dizze digitale reeks yn Jirnsum. Gjin Posthuis, gjin Harmonie, nee, we geane nei De 2 Gemeenten yn Jirnsum. En nim jo bern of bernsbern mei, want Dirk Scheele, muzikant, sjonger en acteur spilet en sjongt foar de alderlytskes. Hy begûn oait mei it meitsjen fan ferskes foar ferstanlik hendikepten dêr’t […]

Tsjechov sa’t Tsjechov it bedoeld hat?

MARIEKE VINCKERS – Eltse regisseur jout mei syn fertolking fan in teaterstik in ynterpretaasje fan wat it stik neffens him fertelle moat. Ira Judkovskaja, artistyk lieder fan Tryater, bringt no ‘Omke Wanja’ op ’e planken. In stik fan de Russyske toanielskriuwer Anton Tsjechov. As Ira op de regisseursstoel sit, hat se de oarspronklike tekst op […]

Iepenloftteater Hebeca

Op slippers kuiert er foarsichtich lâns brânnettels, toarnen en stikels. Regisseur Dirk Bruinsma (1985) fûn hjir tusken de reidplûmen fan de Broeksterpolder by Jistrum syn dreamlokaasje foar it iepenloftteaterstik Hebeca. Oan ’e iene kant de wyldernis en widens fan de Burgumer Mar, oan de oare kant de strakke kontoeren fan de elektrisiteitssintrale fan Electrabel. It […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.