Dy bern fan ús, meunsters, allegear!

ELSKE SCHOTANUS –  Sa’t achter it dekôr de tsjerketoer fan Easterwierrum ôfstekt tsjin de jûnsloft dêr’t sweltsjes fleane en, yn it beamte, it koeren fan in do te hearren is, wurket de setting oer alle boegen mei. Sa’t it it bestjoer fan it berne-iepenloftspul alle jierren wer slagget om sponsors te finen, bouwers, lêzers, grimeurs, […]

Bonifatius de Musical

FROUKJE SIJTSMA – Sûnder leafde gjin leauwe. It is hast njoggen oere yn de jûn en it begjint bûten al te skimerjen. By de yngong fan de Bonifatiuskapel stean nonnen yn wite gewaden dy’t de minsken wolkom hjitte yn de achtste ieu nei Kristus. Yn de tiid fan misjonaris Bonifatius, dy’t yn 754 – of […]

Kan je dat vloeken iets groter pakken?

ELSKE SCHOTANUS –  It is soel en brodzich as ik, nei in petear mei Jan Ros en Linda Eijssen, ‘creatives’ by de IIsfoarstin – de strjitopera fan Tryater dy’t 15 maaie yn premjêre giet – op it Wilhelminaplein stean, dêr’t de cast, dizze middei noch sûnder it koar, repetearje sil. Neist de trúk fan it teaterselskip stiet, as in grutte piramide, […]

De straatopera en zijn ‘creatives’

ELSKE SCHOTANUS –  Het leegstaande bankgebouw op de hoek van de Doelesteeg, vlak bij het Saailân waar de cast die middag zal repeteren, fungeert als uitvalsbasis en opslag voor De IIsfoarstin, de voorstelling die van 13 tot en met 31 mei in de Leeuwarder binnenstad te zien zal zijn. De kale ruimten, met hier en […]

Steande ovaasje hat wearde ferlern

ELSKE SCHOTANUS –   Bûtendoar, op it Kiryat Onoplein yn Drachten, hearskje de sketterjende lûden fan de peaskemerke, yn spegeldbyld binne de letters Ghost Castle te lêzen, binnen, yn de lytse seal fan de Lawei, bringt objektteater Tamtam Escape wêryn’t hûnderten ôfdankte foarwerpen – fan printplaten oant letterbakken, âlde kranten, nietsjes, tillefoans en wat al […]

Herfst in Schoorl

EELCO VENEMA –  It is de titel dy’t my pakt. In wrâld oan oantinkens jagen my troch de holle doe’t ik oan Schoorl tocht. Mei de Datsun oer de Ofslútdyk, in stik bôle mei tsiis ite by it monumint. It sicht op de Noardseedunen yn de fierte, swimme mei de sâlte see op dyn lippen, kûlen grave […]

Juster is fuort is in kadootsje

NYNKE VAN DER ZEE –  It is deastil yn de lytse seal fan teater Meerzigt. Op de grûn njonken in grut wyt bêd leit aktrise Hilly Harms. Har foet yn in nuvere bocht, de holle oerside op de râne fan it bêd, it boarst dat stadich op en del giet op it ritme fan har […]

Groepsprosessen yn sneak previews

ELSKE SCHOTANUS –  Bern dy’t op in rychje op ’e bank yn it gymnastyklokaal sitte, twa dy’t ploegen kieze foar it spul dêr’t de gynnastykles mei ôfslút. It lústerjen, it konkeljen: Wa sille wy nimme? En ek: wa wolle wy der leaver net by ha. Op it lêst bliuwe twa bern noch oer: it fine […]

Ga altijd voor een getrouwde man

ELSKE SCHOTANUS –  It is in moaie simmerjûn en do sitst op it Saailân oan in lange tafel yn it selsskip fan in goede freon. Foar dy it Fries Museum, altyd ûnderwerp foar diskusje en mei in heal ear harkest nei it rûzemûzjen om dy hinne. Guon minsken sykje noch om in plakje, in âldere […]

Eureka!

EELCO VENEMA –  Boppesteande kreet waard neffens oerlevering útroppen troch Archimedes dy’t neaken oer de strjitten fan Athene rûn. Hy hie in belangryk wiskundich fraachstik oplost en in wet útfûn dy’t fan dit punt ôf syn namme krige. Mar wat hat dizze anekdote mei de de teaterfoarstelling te krijen dêr’t ik it oer ha wol? […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.