Festival van de Toneelsolo

ELSKE SCHOTANUS –  Op it spylflak in man dy’t op en del panderet, op bleate fuotten, as it publyk nei binnen ta streamt. Mar is ‘streame’ wol it goede wurd? In soad folk blykt it Festival van de Toneelsolo, fiif foarstellings ôfrûne wykein yn de Harmonie, net te lûken. En dat is spitich want de […]

Een trein later

ARJAN HUT –  Bûten stoarme de winter om it Ljouwerter stasjon, mar nettsjinsteande it waaralaarm streamde de boppekeamer fan Kafé Wouters tsjin fiven moai fol foar de twadde edysje fan ‘Een trein later’. It wie dan ek poëzydei, in dei dat de wiere kulturele fynpriuwers, de leafhawwers fan it marzjinale en de fuortstipers fan it […]

In foarstelling tusken it porslein

ELSKE SCHOTANUS –  Under it byntwurk fan ien fan de boppesealen fan keramykmuseum it Prinsessehof stiet, yn steapele glêzene fitrines, prachtich diggelwurk. It is it dekôr fan de foarstelling ‘Brekber’ dy’t op dizze passende lokaasje troch Tryater brocht wurdt. Gastregisseur Jos van Kan hat de boarden út de museumkelders útselektearre. Sels hat er in achttjinde-ieusk […]

Jopie, de teaterfoarstelling

NYNKE VAN DER ZEE –  Tongersdei 15 jannewaris gie it stik ‘Jopie, de teaterfoarstelling’ yn premjêre yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. De foarstelling oer de ferneamde keunstskilder wurdt spile troch Thijs Feenstra (1959), sels ek berne yn Warkum. Mei help fan lûdsfragminten en filmbylden yn in dekôr fan skilderijen nimt er ús mei […]

De smaak fan klisjees

TAMARA SCHOPPERT –  Wannear’t ik dit skriuw, rinne de strjitten fol yn Parys. Ik bin taskôger fan dizze bylden, wylst ik wit dat elk fan ús, spiler is yn dit ferhaal. In histoarje dy’t we ek noch mei ús allen fierder skriuwe moatte. De rol fan Charlie wurdt troch in soad minsken claimt, nee, in […]

Wêrhinne? Hjirhinne!

ELSKE SCHOTANUS –  Elk jier, om krysttiid hinne, yn 2014 foar de fyfde kear, wurdt yn it Posthús op It Hearrenfean in famyljemusical brocht, meast jûns, mar ik kies foar in foarstelling op sneintemiddei yn de ferwachting tusken de gibeljende en gekjeiende bern te sitten. Der binne yndie bern, mar toch benammen fyftichplussers dy’t op it […]

Jan-Dirk van Ravesteijn lit Ljouwert pronkje

MARRIT DE SCHIFFART –   In skerpe miening dy’t fuortkomt út in passy foar kultuer. It typearret teatermakker en ûndernimmer Jan-Dirk van Ravesteijn (Zuidlaren, 1976). Ferline jier iepene er De Vier Pelikanen, in minyteaterke oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. Dêrneist hie er in protte súkses mei de teaterkuier ‘Anna en Us Heit’ en mei ‘Mooi […]

Sjoerd (sjocht Sjoukje oan) Sjoukje?

ELSKE SCHOTANUS –  Ofrûne jier maart, yn it doarpshûs fan syn wenplak Húns, spile, twa jûnen achter elkoar, Elmar Kuiper syn tragikomeedzje De lytse kannibaal. En letter noch in kear yn LOFT yn Boksum. Lytse lokaasjes en dêrmei is it tal minsken dat de foarstelling besocht hat beheind. (Foar in ympresje fan de útfiering yn Húns, sjoch […]

Psst, er is een psychiater in de zaal

ELSKE SCHOTANUS –  Leafde yn tiid fan iensumens De stuollen stean op de flier, it toaniel is ferhege, as wie it in doarpshûssealtsje en dat is de setting dêr’t ‘It famke en de twiveler’, in nij projekt fan Tryater, yn de takomst sûnder mis spile wurde kin. It stik is in bewurking fan de jierren […]

Wrâldfernijende minor NHL

FROUKJE SIJTSMA –  “Foar safier’t ik neigean kin, wurdt dit de earste minor trainingsaktearjen yn ‘e wrâld”, fertelt Froukje van Houten. We sitte oan de keukenstafel fan har moaie wenbuorkerij yn Wergea. Van Houten rint de keuken út nei de oangrinzjende wenkeamer ta, om dêr in steapel boeken út de kast te heljen. “Sa ast […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.