Socht: lêzende minsken

Lêzende mins

Foar ús tydskrift sykje wy lêzende minsken dy’t al lêzend mei harren boek op ‘e foto yn de Moanne wolle. Lêst do graach? Hast dêr in moaie foto fan, of wolst dêr in foto fan meitsje foar publikaasje yn ús blêd? Dan sjogge wy dyn foto graach temjitte op ynfo@demoanne.nl!

Gebaretaal: lûden as streamende foarmen troch de romte bewege litte

JANNA VAN DER MEER –  Dyn memmetaal is de taal fan it hert, de taal wêryn’tst dysels it bêste en meast natuerlik uterje kinst. Dêrom wie it in wichtige stap foar dôven en gehoarbeheinde minsken doe’t ferline jier de Nederlânske Gebaretaal neist it Nederlânsk en it Frysk de tredde offisjele taal waard. Dat jout harren […]

Pauperpoëzij yn Risoprint

ARJAN HUT – “Roze is wol sa’n bytsje de Pauperkleur,” seit Gabrielle Terpstra. Se (slam)dichtet, en is bekend fan it kollektyf Pauper Poëzie. We sitte yn it kafee fan dBieb yn de Blokhúspoart. Der waait in kâlde wyn. Hast alle bondelpresintaasjes blaast er fuort! Dy fan Erik de Boer (Marktzicht, Drachten) gie noch krekt troch, […]

Theunis Piersma: ‘Mei wa’tst aardich fynst, fljochst mei’

Lucas Kemper

TSJERK BOTTEMA – Is taal in typysk minsklik ferskynsel? Is taal net krekt datjinge wat ús ûnderskiedt fan bisten? Makket taal minsken net superieur oan bisten en pleatst taal ús net oan de top fan de fiedselstring, de voedselketen? Sa planút steld sille jo it grif net mear sa faak hearre, mar de measte taalkundigen […]

Twa nije boeken oer it Sealterfrysk

Sealterfryske boeken

HENK WOLF – It Frysk wurdt net inkeld mar yn Fryslân praat. Yn de noardlikste Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein lizze Noard-Fryslân en it eilân Helgolân en dêr praat sa’n fiif persint fan ‘e minsken it Noardfrysk. En krekt oer de Nederlânsk-Dútske grins leit it Sealterlân, dêr’t rûchwei tsien persint fan ‘e minsken it Sealterfrysk prate – […]

Herr Henk

Henk Wolf

HENK WOLF – Sûnt Omrop Fryslân myn taalfilmkes útjoerd hat, wurd ik noch wolris oansprutsen as ‘professor Henk’. Dat is fansels in grapke, sa hyt ik net echt, sa hyt myn televyzjepersonaazje. Dat is aktearwurk, byknipt en behimmele. Sels de moaie boekekasten dêr’t ik yn de filmkes foar sit, binne net myn eigen. Yn Dútslân […]

De baas en de meneer

Wurdboek Frysk

HENK WOLF – Af en toe loopt buurtgenoot X bij ons aan. Als mijn vrouw voor komt, vraagt ie vaak: ‘Is de baas er ook?’ Mijn vrouw zegt dan steevast dat er in ons huis geen hiërarchie bestaat en ze vermoedt dat X – laaggeletterd en levenslang vrijgezel – wat merkwaardige ideeën over het huwelijk […]

Ynternasjonale talen

HENK WOLF – Der besteane yn Nederlân nuvere ideeën oer taal en talen. Ien sa’n nuver idee is dat de Ingelske taal ‘de taal foar ynternasjonale kommunikaasje’ wêze soe. Ut en troch wiist in taalkundige ris op dyn nuvere misfetting, lykas Marc van Oostendorp yn dit stik. Okkerdeis skreau ik op Facebook dat de minsken […]

Frysk leare sûnder borreltafel 

Frisian Studies

HENK WOLF – Foar studinten Frysk fan de NHL haw ik tweintich jier lang alle jierren in fak jûn oer it Frysk yn Dútslân. In fêst ûnderdiel dêrfan wie it learen fan it Noardfrysk – net heel yngeand, mar op in basaal nivo. Dat hie twa doelen: as earste is it diel fan de fakûntwikkeling: […]

Ynformaasje fan de brânwacht yn it Sealterfrysk

Sealterfrysk

HENK WOLF – Yn Fryslân wurdt safolle mear dien om it Frysk sichtber te meitsjen as yn it Sealterlân en Noard-Fryslân. De langrinnende aksjes Praat mar Frysk en Frysk op ‘e dyk fan de Afûk hawwe gjin wjergader by de Sealterske buorlju. Sa ûnearlik as it wêze mei: de Friezen yn Dútslân kinne op it […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.