It lêste aai: rekwiëm foar in fûgel

GERBEN DE VRIES – As jonges fan it wetterlân giene wy yn de iere maitiid te aaisykjen. Ljipaaien fansels, mar ek wol dy fan skriezen en strânljippen. Dy fan de skries fûn ik doe de lekkerste. In inkelde kear strûpten wy de overal omheech en toffelen wy troch it wetter nei in merkelnêst. Al seinen wy ‘poep’ […]

De histoaryske Schotanus-atlas yn facsimile

MARRE SLOOTS –  Yn 1682 krige de Fryske wiskundige en arts Bernardus Schotanus à Sterringa opdracht foar syn Uitbeelding der Heerlikheit Friesland; zoo in ’t Algemeen als in Haare XXX bijzondere Grietenijen, better bekind as de Schotanus-atlas. No, presys 333 jier letter, is de atlas opnij te krijen. Hânbûn, ynklusyf mei goudpigmint ynkleure ôfbyldings en […]

Skuldich en ûnskuldich lânskip

MARRE SLOOTS –  Filmkolleksje Brouwer jout dûbel byld fan Dokkum yn de lêste oarlochswinter Seis wike lyn kaam Ewoud Brouwer út Leiden nei it Fries Fersetsmuseum. Mei in tas fol âlde 8 mm films. En in ferhaal. Fusillearing Ewoud Brouwer is de soan fan Oeds Andries Brouwer (1909-1977), fersetsman en de makker fan ien fan de […]

Waterbolk en de Drintske Friezen

GERBEN DE VRIES –  (Harm) Tjalling Waterbolk (Havelte, 1924) jildt as ien fan de foarnaamste argeologen fan Nederlân. Hy studearre biology oan de Rijksuniversiteit Groningen en wurke in tiid as assistint fan de ek al sa ferneamde Albert Egges van Giffen. H.T. Waterbolk promovearre yn 1954 en yn datselde jier waard er heechlearaar-direkteur oan wat […]

Zilveren kiloknallers

GERBEN DE VRIES – Op de weegschaal heb ik de boeken gewogen en behoorlijk zwaar bevonden. In totaal wegen de drie boeken over Fries goud en zilver toch al gauw acht kilo. Misschien moet de Billy van Ikea de deur maar uit en kan er uitgekeken worden naar een nieuwe boekenkast van stoer massief eikenhout, […]

Fan âlde en nije boeren (2)

GERBEN DE VRIES – Swaantsje 6, Hieke 18, Pytsje 23, Sytske 2, Hiltsje 14. It stie yn earder dagen yn rûge potleadstreken op de balken fan it bûthús. De nammen fan de molkkij op in boerepleats. Yn dy tiid hie in grutte boer in stik as 30 kij en it leafst ek ferskeidene soannen. ‘Boeren […]

Fan âlde en nije boeren (1)

GERBEN DE VRIES –  It is noch net sa hiel lang lyn dat de boeren oppermachtich wiene op it plattelân. Pleats nei pleats tsjûgje fan rykdom en wolfeart. De trekkers rieden noch drok troch it doarp en op merken en doarpsfeesten wie de boer grut man. De kâlde sanearing fan Europeaan Sicco Mansholt hie der […]

It swurd fan (immen oars as) Grutte Pier

RICHARD DE  BOER –  It Fries Museum joech earder dit jier it swurd fan Grutte Pier de haadrol yn ‘e striid foar it bemasterjen fan ‘e Museumprijs. As pr-stunt kaam der sels in fiktive claim op te lizzen. Mar de fraach oft it ûnbidich grutte âld swurd no wol echt fan Pier Gerlofs Donia west […]

Geen mens achter de dijk

GERBEN DE VRIES –  In ons dromerige dorp werd, alweer meer dan een halve eeuw geleden, een verbindingsweg aangelegd tussen de dorpsstraat en de nieuwe Rijksweg 43. Die kreeg bijna vanzelfsprekend de Friese naam Ferbiningswei. Zoals de dorpsvaart officieel it Ges heette maar door de dorpsbevolking gewoonweg de Ald Feart genoemd werd, zo kreeg ook […]

Keningen en dwergen

GERBEN DE VRIES –  Ja hear. Al op ien fan de earste siden fan it boek ‘Terpen in Friesland’ fan Kerst Huisman komme de Fryske keningen út de klaai omheech. Der hat in tiid west dat Fryske chauvinisten grutsk wiene op de saneamde ‘Fryske frijheit’, wylst arbeidershistoarisy de klam leine op de wichtige rol fan de […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.